Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Yn 2014 foar it earst keatskamp yn Easterein!

Foar it earst sûnt 1904 sil KF Easterein in keatskamp organisearje foar de kabouters, welpen, pupillen en de skoaljeugd fan ús feriening. Dit keatskamp sil plak fine op:

woansdei 30 april, tongersdei 1 maaie en freed 2 maaie 2014.

It keatskamp is mei mooglik makke troch:

CoopWinsum LogoTolsma    Vellinga Skuonnen logo Skoalleseize Web

en alle frijwilligers!            In hiel protte tank derfoar!

  

2014_KFE_Keatskampkrantsje (PDF)

 Filmke Keatskamp

 

We hawwe it dien! Us earste keatskamp yn Easterein is in feit. En wat foar ien.

Wat begûn mei in idee is no wurklikheid wurden. It idee wie simpel: mei elkoar keatse, sliepe (naja sliepe), ite en in hiel soad wille. En dat mear slagge as hope. As in ware tsunami dinjerde it keatskamp troch it doarp hinne. Yn de Van Dale stiet: “Tsu-na-mi (de; m; meervoud: tsunami’s) door een zee beving veroorzaakte vloedgolf.” En in floedgolf dat wie it seker.

In floedgolf fan bern, frijwilligers, sjips en limonade, entûsjasme, ynset en fansels it dûnsjen net te ferjitten. Wat in prachtich gesicht wie it at de tsunami op hokker momint dan ek út de boksen knalde, wêrtroch elk mei alles stoppe en dat alles mei mar ien doel: hosse!!

Ynmiddels binne we yn elts gefal san 720 stikken bôle, 40 liter molke, 16 kilo patat, 28 liter limonade, 36 pûden sjips, 200 appels fierder en de rêst is stadich oan wer te finen yn it doarp. Foar jim leit de earste krante fan it keatskamp, sadat jim noch moai efkes neigenietsje kinne. Yts wat wy graach sels ek noch efkes dogge. 

Grutsk binne we derop dat we trije machtige dagen del setten hawwe kinnen mei dy 58 bern en fansels al dy ekstra pear hannen út alle ferskeidene en soms ferrassende hoeken. It in klisjee mar sûnder jimme hienen we dit net foar elkoar krigen.

Hjirby wolle wy dan ek al dy minsken hertlik tank sizze foar alle help foar, tidens en nei it keatskamp. It wie it keatskamp om nea wer te ferjitten en at it oan ús leit: kommend jier wer!

Pytrik, Bauke, Marije & Imke

2014 Keatskampkommisje 


Programma

14.30 oere

15.00 oere

15.30 oere

16.00 oere

18.00 oere

18.30 oere

19.30 oere

21.30 oere

22.00 oere

Sammelje op it keatsfjild + ynstallearjen fan de sliepspullen
Ynliedingsspultsje
Klearmeitsje foar de training
Training
Under de brûs
Waarm ite
Rekreaasje
Sliepe jongste dielnimmers
Sliepe âldste dielnimmers 

Om 14.30 kwamen de earste bêrn oan bij de Skoalleseize. Hannen fol mei grutte tassen, koffers en sliepsekken wiene se klear foar it earste keatskamp fan Easterein. By oankomst moasten se as earste troch de "doping-kontrole". Twa fan de lieding sieten yn grutte wite jassen se op te wachtsjen. Bêrn die snoepkes, koekjes en oare fersnaperingen mei nei binnen woenen smokkelje, waarden extra yn 'e gaten hâlden.

20140430 KEatskamp Doping

Om 15.00 oere begonnen se mei in ynliedings spultsje wer der striiden waard tusken de jonges en de famkes. Foar al dizze spultsjes wurde der de hele wieke punten bij hâlden. Nei dizze warming up begonnen de trenings. Oan it begjin fan it kamp is der ôfsprutsen dat by it nûmer "Tsunami" we springe en gekjeie! Sa ek tidens de trening gong de musyk lûd en stopte eltsenien mei keatsen en wie der in heale minuut tiid foar gekjeien.

Nei de brûs stie de patat klear en waard der lekker iten! Nei it iten wie der tiid foar rekreaasje. Der waarden seis groepen makke mei of allinich famkes, of allinich jonges. De punten wiene nammentlik jildich foar de striid tusken de jonges en de famkes. Troch it hiele gebou leine der fragen ferstopt oer it keatsen. Úteinlik, hiene de famkes de measte punten bij mekoar sprokkelt, en eindigde de tuskenstan fan dizze dei op 59 foar de famkes en 52 foar de jonges. Mar dizze striid is noch lang net dien, freed sil der in einspul halden wurde, wer nog fan alles gebeure kin!

Om 21.00 hiene de measte bêrn de pyjama's al oan en de tosken al poetst. Tiid om lekker op bed dus. Mar op bed lizze, betsjut by dizze doerakken net fourt sliepe. Derom wie it seker nedich om even de "nachtwacht" by de doaren te setten. De jongste dielnimmers hiene wol yn 'e gaten dat it tiid waard om rêst te pakken, en diene dit ek. By de âldere jongerein gong dit al wat muoisum, dat de lieding mar beslúten hat om der nêst sliepen te gean.

Foto's DEI 1 (Facebook)


Programma

08.00 oere
08.30 oere
09.30 oere
10.00 oere
12.00 oere
13.00 oere
15.30 oere
17.30 oere
18.00 oere
19.00 oere
20.30 oere
22.30 oere
23.00 oere

Opstean
Moarnsbrochje
Klearmeitsje foar de training
Training
Ite
Rekreaasje
Training
Ünder de brûs
Waarm ite
Klearmeitsje foar de bûnte jûn
Bûnte jûn
Sliepe jongste dielnimmers
Sliepe aldste dielnimmers

Nei de earste nacht "sliepe" wiene de bêrn alwer betiid by. Allegear hiene se grut praat dat se hast net slipt hiene, mar se wiene allegear like drok as de dei derfoar. Om 8.00 oere sieten se allegear wer oan tafel, mar se moasten nog wat geduld bewarje tot ek de jongste dielnimmers, de kabouters, der wer by wiene. Yn dizze tiid ha de jonges en de famkes nog tsjin mekoar striiden om ekstra bonuspunten te fersameljen. Toen we compleet wiene, waard it moarnsbrochje fansels iepent mei it nûmer "Tsunami".

Nei it moarnsbrochje begonnen alle kategorien wer mei de earste trening fan de dei. Spitichernoch, wie it waar net sa moai as Woansdei. It wie wyt en kâld buten, dus ek tidens de training ha we der wer in momentsje fan gekjeien yn goait, om waarmer te wurden. Fansels ek wer mei it nûmer "Tsunami". Tidens dizze trening is der fan eltsenien in aksje foto makke, dy sille se werom fiene yn hun "keatskamp- diploma". Om 12.00 oere ha we mei syn allen wer in stikje bôle iten en makken de bern harren klear foar in oerke rekreaasje. Dizze kear wie it búten it terrein, nammentlik in foksejacht!

20140430 Keatskamp WUP 

Troch it hiele doarp wiene der foksen ferstopt die allegear in spultsje betocht hiene. Wa de spultsjes it snelste die, wûn úteinlik. It team mei Jeljer, Corrie, Emma, Senay, Jildert, Jelmer en Tjitske, ha dizze striid wûn. Nei it fieren fan de oerwinning koe eltsenien oan tafel. Op it menu fan dizze dei stoen Bami of Nasi... Spitichernoch, wie de Bami in lyts
bytsje mislearre. Dit makke Hedwich Kooistra hielendal niks ut, want sy hat der hearlik fan iten. De rest ha we blij makke mei Nasi, en foar de bêrn die dit net lekker fûnen, wie der in lekker stikje bôle.

Jûns makke eltsenien harren klear foar in stikje op 'e Bûnte Jûn. Alle ferskillende kategoryen diene in stikje mei harren eigen groepke. En as bonus hiene Machtelt, Siebo en Sydrik nog in eigen stikje. De Kabouters diene in ferhaaltsje en ha der by fan alles oan it utbyldzjen west. De Welpenfamkes ha in blier dûnske dien op it nûmer "Happy". Sels makken sy derby in levende pyramide. De Welpenjonges diene in stikje toniel wêrby se de PC keatsten. En fansels eindigde dit feest mei it nûmer "Tsunami". De pupillen hienen wat de gek mei harren trener. It blykt dat Bauke wol es te let komt,
derom diene sy in stikje op "Het Pizzalied" fan André van Duin; "Even wachteeee... BAUKE!". De Skoaljeugd diene rupsen nei yn harren sliepsek op it nûmer "Vrouwkes". Hilarisch gesicht!!

20140501 Keatskamp BûnteJûn 

As letste it stikje fan Machtelt, Siebo & Sydrik. Sy diene in toniel stikje fan ZAAI. Dit grutte spectakel eindigde yn in disco werby ek wer regelmatig it nûmer "Tsunami" foarby kaam. Toen eltsenien ut dûnse wie, koene se wer de pyjama's oan en op bêd. Der waard fansels nog in snoep ynspekje hâlden. In soad bêrn wiene sa dapper om harren snoepkes toch yn te leverjen. Fansels krigen se dizze letter wer werom. Dizze jûn slipten se samar, want it wie in lange dei west mei in fol programma.

Foto's DEI 2 (Facebook)


Programma

08.00 oere

09.00 oere

10.00 oere

12.00 oere

13.00 oere

15.00 oere

Opstean en opromje
Moarnsbrochje
Rûnde ien fan de wedstriid
Pankoek ite
Rûnde twa fan de wedstriid
Ofsluting keatskamp

Om't se sa optiid slipten wiene se fansels ek wer betiid wekker. Tusken 6.30 en 7.00 oere wiene de earsten alwer aktief. De âldsten hiene ek wat lieders wekker makke. Derom folgde foar harren in iere betiide training om 7.00. Meardere rûntsjes oer it fjild drave, opslaan, utslaan en keare siet der allehjer by. Stiekem seechen se dit net iens as in grutte straf, mar fûnen se it geweldich leuk.

Foar de lytsere jongerein wie der in gefjocht mei kessens. Om 8.00 gong it los en pas toen se ite moasten holden se op. Dizze moarn hiene de pupillen corvee, en der siet Halbe Willem by. Hy miende wol mei in mega grutte stapel boarden te rinnen kinne, mar dit gong mis. By de tredde stap leine alle boarden oer de grûn. Fjierder gong it bêst. Nei it ontbijt hiene we noch in lyts oerke om alle bêdden en klean op te romjen en yn te pakken. Dit ferrûn allegear hartstikke flot en de bêrn wiene geweldiche hulpen.

Foar de bêrn wie dizze dei toch wol ien fan de belangrykste. Nammentlik, der wurde échte wedstriiden keatst! De partoeren waarden ferdeeld, de skiedsrjochters waarden te plak set en it koe mar begjinne. Der waard ferskriklik fanatyk keatst. Sels krigen se tuskentroch nog opdrachten sa as: "Wie as earste in sitbal slaat, dy krijt in kadootsje". Dejinge die de bal út, foar of kwea sloeg, kriig in woartel foar it sicht. De ein útslach fan beide omlopen kinne jim ek yn dit krantsje fiene! Tusken de twa omlopen troch wie it natuerlik tiid foar pankoek ite! Der wiene wol in stik as 10 pankoek-memmen die hearlike pankoeken foar ús bakt ha. Eltsenien hat safolle mooglik iten as hy of sy koe.

Nei it keatsen wie 't om te sjen wa der winne soene, de jonges of de famkes?! De tuskenstân stie op 85-85, gelyk spul dus! As einspul om de winners te bepalen waarden der 100 ballonnen opblazen. Yn 1 fan de ballonnen siet in fluitsje. As der in jonge as earste op it fluitsje blaze soe dan hiene sy woen.

MAR, toen wie der Julia, die seech de ballon mei it fluitsje en blaze sa hurd, dat it fourt dúdelik wie dat de famkes wûn ha. Sy winne de enorme wikselbeker!! As ôfsluter fan dit moaie kamp, krigen alle bêrn noch in diploma mei in moaie askjefoto.

 2014 KeatskampGroep

(KLIK op de foto foar in GRUT eksimplaar) 

Oant folgjend jier!

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters