Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

 

 


De dei foar de 10de Jong-Feinte 

 


 

Ferslach lustrum-edysje Jong-Feinte Partij 2014 – Parseferslach

 

Op woansdei 23 july waard de Jong-Feinte Partij foar de tsiende kear organisearre. Yn 2005 is dizze partij ûntstien foar junioaren fan 17-22 jier. Dit jier wie der foar it earst gjin leeftiidsgrins en stiene der sels skoaljonges op 'e list. Net foar neat wurdt de Jong-Feinte it 'poadium foar jong talint' neamd.

 

Mei in rekord oantal partoeren, mar ljeafst 28, gong it los om 11.00 oere. De earste list wie dien om 13.15 oere en it wie in list mei spannende en minder spannende partijen. Op de twadde list in klapper tusken Frjentsjer en de earste priiswinners fan de foarige edysje: St. Anne. It waard spannend en op 5-5 6-6 wist St. Anne de bal net tusken de linen te krijen en gie Frjentsjer troch nei de tredde list.

 

Frjentsjer is ferfolgens de earste heale finalist wannear sy winne fan Wjelsryp en ek Seisbierrum-Pietersbierum en Sint Jabik geane troch foar de prizen. Peins hat op dizze list in steand nûmer. Yn de heale finale liket Frjentsjer gjin muoite te hawwen mei Peins, mar Peins bliuwt it prebearjen. Menno van Zwieten keatst foar Peins mei twa skoaljonges (Wessel van Wier en Jolt Vollema) en moatte it úteinlik dwaan mei in tredde priis as se ferlieze mei 2-5 4-6.

 

Sint Jabik, mei Kingma oan de opslach en Poortstra en Triemstra yn it perk, nimt yn de oare heale finale de oerhân en makket samar 1-3. Seisbierrum-Pietersbierum, de twadde priiswinners fan de 9e edysje, litte it der net by sitte en komme werom oant fjouwer earsten gelyk. Se pakke ek as earste it fiifde buordsje en nei in pear bûtenslaggen fan Sint Jabik en in boppeslâch fan Jelte Visser is Seisbierrum-Pietersbierum finalist.

 

Frjentsjer mei de keatsers Djurre Seerden, Allard Hoekstra en Jan Schurer nimme it op tsjin Seisbierrum-Pietersbierum mei Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser. Frjentsjer begjint ûntspannen oan de partij en bringt langsamerhân de earste twa buordsjes binnen. Se komme letter yn 'e wedstriid noch fierder foar wannear Johannes van der Veen de bal foar slacht op 3-2 6-2.

 

Op in stân fan 5-3 6-6 is dêr de earste kâns foar Frjentsjer om it út te meitsjen, mar de bal giet bûten. Ferfolgens in rap earst en de spanning is wer werom: fiif earsten gelyk. Yn it lêste earst komme der twa keatsen en op 5-5 2-2 pakke beide partoeren ien. Nei in boppeslach fan Kees van der Schoot en in sitbal fan Jan Schurer wurdt it alles oan 'e hang. Frjentsjer bringt de bal op dizze stân krekt bûten de linen en wint dêrmei de twadde priis. Nei in twadde priis foarich jier, binne de krânsen dizze kear foar Seisbierrum-Pietersbierum!

 

1. Seisbierrum-Pietersbierum: Johannes van der Veen, Kees van der Schoot, Jelte Visser

2. Frjentsjer: Djurre Seerden, Allard Hoekstra, Jan Schurer

3. Peins: Menno van Zwieten, Wessel van Wier, Jolt Vollema

3. Sint Jabik: Enno Kingma, Rick Poortstra, Bauke Triemstra

 

 


 

1e omloop

 

De earste list is dien om 13.15 oere en it wie in list mei spannende en minder spannende partijen. Der wurdt om moaie prizen keatst en oan alle keatsers te sjen ha se dat mar al te goed yn 'e gaten. Der wurdt om striden!

 

By Dronryp keatst Sybren Blanksma mei yn plak fan Sander Kingma. Se starte net goed en sjogge earst tsjin in 3-1 achterstan oan. Se witte it mar net rjocht te setten en Wjelsryp rint út nei 5-2. Op 5-2 6-6 komt der in keats fan sa'n 50 cm en Dronryp pakt dizze dêrnei; 5-3. Wjelsryp makket it doch út op 5-3 6-0 trochdat Paulus Yde Walda de bal werom slacht yn it perk.

Dronryp 1e omloop 

Yn de partij tusken Berltsum en Tsjummearum rint Tsjummearum gau út nei in 1-4 en úteinlik nei in 2-5 foarsprong. Tsjummearum slacht de bal bûten op 2-5 6-6 en sa pakt Berltsum it tredde buordsje. Berltsum jout noch net op en makket it 3-5 4-6 troch in sitbal, mar wit de keats net te pakken en sa giet Tsjummearum troch nei de twadde omloop.

 

Boalsert – St. Anne. Op 6-6 is it earste buordsje foar Boalsert troch in sitbal fan Peter van Zuiden. St. Anne komt net lekker yn de wedstriid en op 3-2 6-4 pakt St. Anne de keats en wurdt it 6-6. Troch in foarbal fan Boalsert wurdt it wer gelyk; 3-3. St. Anne set troch en pakt it 4e buordsje mar Boalsert is wer gau by: 4-4. Krijn slacht in bal fan ôf de boppe werom it perk yn en sa pakt St. Anne de 6 yn de striid om it fiifde buordsje. Op 4-4 2-6 en in keats pakt St. Anne de 5 earsten troch in bûtenslach. Op 4-5 4-6 bringt Krijn in hege bal achteryn en Boalsert kin de keats net pakke. St. Anne troch nei de twadde omloop.

Boalsert 1e omloop  

In pear snelle partijen op de 1e list mei spitigernôch trije kear in 0-5 útslach. Wommels 1 tsjin Wommels 2 waard 0-5 6-6. Achlum tsjin Seisbierrum-Pietersbierum waard 0-5 4-6. Hitsum tsjin Wytmarsum waard 0-5 2-6. Frjentsjer wint fan Easterlittens mei 5-1 6-0.

Seisbierrum 1e omloop 

Yn de wedstriid tusken Dronryp 2 en Stiens gong it gelyk op oant earsten gelyk en doe is Stiens útrûn nei 3-5. Dronryp komt wer by troch in 4e buordsje te pakken mar se risse it net. Stiens troch nei de twadde omloop mei 4-5 4-6. Bitgum giet frij ienfâldich troch nei twadde list troch fan Winsum te winnen mei 0-5 0-6. Sy treffe dêr Jelsum-Koarnjum-Britsum wa yn de earste omloop wûn ha fan Makkum mei 5-1 6-4.

 

Sint Jabik 1 – Easterein 1. Easterein 1 jout de partij net samar fuort en makket it 1-4 6-0. Spitigernôch wurdt it earst dan doch noch fuortjûn oant Sint Jabik en wurdt it 1-5. St. Jabik makket it úteinlik út op 5-1 6-2. De wedstriid tsjin Minnertsgea gong wat te hurd foar de mannen fan Easterein 2. Minnertsgea rûn frij maklik nei de oerwinning en it waard 5-0 6-2.

 

De lêste twa omlopen op de earste list gongen tusken Goaiïngea en Peins; Tsjom en Sint Jabik 2. Twa omlopen mei in protte jonge keatsers. Goaiïngea ferliest fan Peins mei 1-5 4-6. Peins keatst mei mar twa skoaljonges fan 14 jier. Sint Jabik 2 bestiet út it jongespartoer dy it NK Jonges dit jier wûn ha. Se rêde it net tsjin Tsjom en ferlieze mei 5-3 6-4.

 

1) Dronryp 1 - 2) Wjelsryp 3-5:0-6

3) Berltsum - 4) Tsjummearum 3-5:4-6

5) Frjentsjer - 6) Easterlittens 5-1:6-0

7) Boalsert - 8) St Anne 4-5:4-6

9) Wommels 1 - 10) Wommels 2 0-5:6-6

11) Achlum - 12) Seisbierrum-Pietersb 0-5:4-6

13) Hitsum - 14) Wytmarsum 0-5:2-6

15) Dronryp 2 - 16) Stiens 4-5:4-6

17) Winsum - 18) Bitgum 0-5:0-6

19) Jelsum-Koarnjum-Britsum - 20) Makkum 5-1:6-4

21) St Jabik 1 - 22) Easterein 1 5-1:6-2

23) Minnertsgea - 24) Easterein 2 5-0:6-2

25) Goaiïngea - 26) Peins 1-5:4-6

27) Tsjom - 28) St Jabik 2 5-3:6-4

 

 


2e omloop

 

Wjelsryp – Tsjummearum. Spannend. 3-4 foar Tsjummearum. Op 3-4 6-4 pakt Wjelsryp it buordsje en wurdt it fjouwer earsten gelyk. Ek de lêste earsten bliuwe spannend en op 5-5 6-4 slacht Wjelsryp de bal boppe en binne se troch nei de tredde list.

 

Frjentsjer – St. Anne. It earste buordsje is foar Frjentsjer nei in kweaslach fan Sjoerd de Jong en Frjentsjer rint út nei 2-0. St. Anne komt werom nei 1-2. Op in stân fan 1-2 6-6 slacht Krijn de bal prachtich boppe en makket it dermei twa earsten gelyk. It bliuwt spannend en sa wurdt it 2-4 foar Frjentsjer wannear Krijn de bal fan Jan Schurer kwea slacht op 2-3 6-6. It folgjende earst wurdt ek 6-6 wannear St. Anne de keats behâld. Krijn slacht in hege bal op en kin de bal fan Jan Schurer wer werom it perk ynslaan en sa wurdt it 3-4.

St. Anne set troch en makket samar 0-6 en dernei twa spullen gelyk. St. Anne pakt as earste de fiif earsten mar Frjentsjer jout net op en komt werom troch ek it fiifde buordsje te pakken op 4-5 6-2. In spannend lêste earst: 5-5 2-0; 5-5 2-2 en twa keatsen. St. Anne pakt beide keatsen, 2-6. In boppeslach fan Jan makket 4-6.

 

Wommels 2 wûn yn de earste omloop noch maklik fan Wommels 1, mar koe it de twadde omloop net risse tsjin Seisbierrum-Pietersbierum, de finalist fan foarich jier, en ferlear mei 1-5 0-6.

 

Wytmarsum – Stiens. Wytmarsum liket de partij yn de hânnen te hawwen mei in 4-1 stân, mar Stiens komt werom oant 4-1 6-6. Dan slacht Wytmarsum de bal bûten en wurdt it 4-2. Op 4-2 6-2 slacht Gerrit Winkel fan Stiens de bal bûten en wurdt it 5-2 foar Wytmarsum. Yn it lêste earst komt Wytmarsum op in 6-4 foarsprong en slacht Kevin Jordi fan Stiens de bal bûten. Wytmarsum troch nei de tredde list.

Wytmarsum 2e omloop 

Bitgum rint samar út nei in 5-1 foarsprong wêrby de opslach fan Tjisse bepalend is. Nettsjinsteande it dappere besykjen fan Haye Jan Nicolai foaryn it perk kin Jelsum-Koarnjum-Britsum it net winne en giet Bitgum troch nei de tredde list nei in winst fan 5-2 6-6.

 

St. Jabik – Minnertsgea. Beide partoeren binne baarnd om te winnen en it giet gelyk op. Nei twa earsten gelyk rint St. Jabik út nei 4-2 en pakt it 5e buordsje ek troch in sitbal fan Enno op 4-2 6-2. Op 5-2 4-2 slaan sawol Bauke Triemstra as Enno Kingma in sitbal en dermei is St. Jabik mei 5-2 6-2 troch nei de tredde list.

 

Yn de lêste partij op de twadde list stiet Peins mei 3-2 6-0 foar tsjin Tsjom en der komt in keats. Peins pakt de keatst en makket it dermei 4-2. Op 4-2 6-0 slacht Menno van Zwieten van Peins de bal op en wit dizze sels wer foar de keats te slaan en bringt Peins op in 5-2 foarsprong. Der moat mjitten wurde op 5-2 4-0 en it giet om milimeters mar Tsjom pakt 'm. It wurdt úteinlik 5-2 6-4 foar Peins en dan makket Menno it út foar Peins.

Peins 2e omloop 

2) Wjelsryp - 4) Tsjummearum 5-5:6-4

5) Frjentsjer - 8) St Anne 5-5:8-6

10) Wommels 2 - 12) Seisbierrum-Pietersb 1-5:0-6

14) Wytmarsum - 16) Stiens 5-2:6-4

18) Bitgum - 19) Jelsum-Koarnjum-Britsum 5-2:6-6

21) St Jabik 1 - 23) Minnertsgea 5-2:6-2

26) Peins - 27) Tsjom 5-2:6-4

 

 


3e omloop

 

Nei de drege wedstriid tsjin Tsjummearum sjocht Wjelsryp al gau tsjin in efterstân oan tsjin Frjentsjer. Op 0-3 0-6 keart Djurre Seerden (soan fan âld stiper Erik Seerden, Frythermo) de bal foar de keats: 0-4. Op 0-4 6-2 pakt Wjelsryp it earste buordsje troch de keats te passearjen. Op 1-5 6-4 jûchje de fans fan Wjelsryp wer as Paulus Yde de bal foar de keats werom slacht; it wurdt 2-5. Rykhelt Smink de bal foar op 2-5 4-6 slacht en sa giet Frjentsjer nei de heale finale.

Wjelsryp 3e omloop 

Frjentsjer 3e omloop

Seisbierrum nimt al gau de oerhân yn de wedstriid tsjin Wytmarsum en rint út nei in foarsprong fan 4, mar Wytmarsum makket wol in soad punten. De bruorren Van der Molen hawwe har goed sjen litten op dizze 10e edysje fan de Jong Feinte Partij. Op 5-1 6-6 slacht Mart van der Molen de keats foarby en pakt in spul foar Wytmarsum. Op 5-2 2-2 lizze der twa keatsen en Seisbierrum-Pietersbierum pakt se beide. De lêste slach falt op 5-2 6-2 wannear Kees van der Schoot de bal boppe slacht en sa Seisbierrum-Pietersbierum nei de heale finale bringt.

Seisbierrum 3e omloop 

Sint Jabik wint fan Bitgum mei 1-5 2-6. Bepalend foar dize partij wie doch wol de opslach fan sawol Bauke as Enno, de lêste pakte ein in sitbal de 1-3, 1-4 en 1-5. Ek it perk fan St Jabik koe mear dwaan dan it perk fan Bitgum. Yn it tuskenspul is Bitgum wat ûngelokkiger. St Jabik dus nei de heale finale en treffe dêr Wytmarsum of Seisbierrum
Peins steand nûmer

St Jabik 3e omloop 

2) Wjelsryp - 5) Frjentsjer 2-5:4-6

12) Seisbierrum-Pietersb - 14) Wytmarsum 5-2:6-2

18) Bitgum - 21) St Jabik 1 1-5:2-6

26) Peins

 

 


Heale finales

 

Twa heale finales tusken Peins en Frjentsjer en Seisbierrum-Pietersbierum en Sint Jabik. No giet it om in plakje yn de finale en dus in kâns op de haadpriis! Rûn 16.00 oere is it keatsen stil lein. Tegearre mei alle keatsers, frijwilligers en oare oanwêzigen ha wy in minút stil west mei oandacht foar de slachtoffers fan de freeslike fleantúchramp op 17 july. In prachtich en tagelyk tryst momint fol respekt.

Peins heale finale 

Frjentsjer liket gjin muoite te hawwen mei Peins, mar Peins hat op in pear belangrike punten seker kâns hân op in buordsje. Frjentsjer rint út nei in 4-0 foarsprong mar Peins bliuwt it probearjen. Se stean úteinlik 2-5 efter en op in stân fan 2-5 4-6 en in lytse keats stiet Menno van Zwieten oan de opslach. Allard Hoekstra fan Frjentsjer slacht de keats foarby en set dêrmei Frjentsjer yn de finale. Foar Menno van Zwieten wie dit de twadde tredde priis op de Jong-Feinte Partij en dizze kear hat hy dit prestearre mei 2 skoaljonges; Wessel van Wier en Jolt Vollema.

Frjentsjer heale finale 

De twadde heale finale giet tusken Seisbierrum-Pietersbierum en Sint Jabik. It liket folslein de kant fan Sint Jabik út te gean want se rinne gau út nei in 0-4 foarsprong. Yn dizze earste fjouwer earsten hat it in pear kear 6-6 gelyk west. Op 1-2 6-6 slacht Enno Kingma in sitbal en op 1-3 6-6 slacht Johannes van der Veen de bal tusken de linen. Seisbierrum-Pietersbierum lit it der lykwol net by sitte en komt rap werom oant 2-4 en letter mei in sitbal oant 3-4.

Sint Jabik heale finale 

Nei in sitbal fan Kees van der Schoot op 3-4 6-4 is de spanning werom en stiet it fjouwer earsten gelyk. Op 4-4 6-4 komt der in keats en dy wurdt net foarby slein troch Sint Jabik. Beslissend yn it lêste earst binne de twa bûtenslaggen fan Sint Jabik. Jelte Visser makket de partij út mei in prachtige boppeslach en dêrmei stiet Seisbierrum-Pietersbierum yn de finale tsjin Frjentsjer.

Seisbierrum heale finale 

 

26) Peins - 5) Frjentsjer 2-5:4-6

 

12) Seisbierrum-Pietersb - 21) St Jabik 1 5-4:6-2

 

 


Finale

 

De finale giet tusken Frjentsjer (Djurre Seerden, Allard Hoekstra, Jan Schurer) en Seisbierrum-Pietersbierum (Johannes van der Veen, Kees van der Schoot, Jelte Visser). Seisbierrum-Pietersbierum wie foarich jier ek finalist en wist doe krekt net te winnen fan St. Anne.

20140723 60 Finale 

It earste buordsje giet nei Frjentsjer wannear Seisbierrum-Pietersbierum de bal fan Jan Schurer kwea slacht op 6-4. Op 1-0 4-2 wiene der twa keatsen wêrfan de earste troch Allard kwea slein wurdt en de twadde pakt Jan: 1-0 6-4. Frjentsjer pakt it spul troch in bûtenslach fan Johannes. In prachtige boppeslach fan Allard en de stân wurdt 2-0 4-0 en der binne twa keatsen. Twa kear bûten fan Frjentsjer en it stiet 4-4. Dan wurdt de bal fan ôf de boppe troch Allard werom slein oer de kwea en der giet noch in bal bûten. In buordsje foar Frjentsjer.

 

Yn it folgjende earst slacht Allard de bal tsjin de kweapeal oan, hoe is it mooglik, en Seisbierrum komt op in 6. Op 2-1 2-6 komt der in keats en Seisbierrum pakt dizze; spullen gelyk. It folgjende earst giet rap mei trije boppeslaggen fan Seisbierrum, twa fan Kees en ien fan Jelte. Frjentsjer komt werom oant 2-2 4-6 en wannear Kees de keats net pakt wurdt it 6-6. Jan Schurer bringt de bal djip achteryn en dizze sit. 3-2 foar Frjentsjer.

 

Op 3-2 6-2 slacht Johannes van der Veen de bal foar en komt Frjentsjer op twa spul tsjin 1 spul. Seisbierrum krûpt yn it folgjende buordsje nei de seis ta en fynt wer oansluting troch de keats te pakken. Yn it folgjende earst pakt Allard beide keatsen foar Frjentsjer en mei in bûtenslach fan Kees wurdt it 5-3 yn it foardiel fan Frjentsjer. Seisbierrum nimt de lieding yn it earst mei 0-6 mar ferliest dizze foarsprong wer en Frjentsjer komt op 6-6. Dêr is de earste kâns om it út te meitsjen, mar Jan Schurer slacht de bal bûten; 5-4. Yn it nije earst fuort twa bûtenslaggen fan Frjentsjer en it wurdt 5-4 0-4. Allard slacht in bal werom yn it perk, Jelte slacht in bal boppe en mei ien keats wurdt der ruile. Op 5-4 2-6 slacht Kees op en keart sels foar de keats: 5-5!

 

Yn it lêste earst komme der twa keatsen en op in stân fan 5-5 2-2 pakt sawol Seisbierrum as Frjentsjer in keats: 5-5 4-4. Dan in prachtige boppeslach fan Kees van der Schoot en sa pakke se de 6 yn dit spannende lêste earst. Dan in sitbal fan Jan Schurer: alles oan 'e hang! Dan giet de bal krekt bûten fan Jan Schurer en sa wint Seisbierrum-Pietersbierum de lustrumedysje fan de finale!

 

5) Frjentsjer - 12) Seisbierrum-Pietersb 5-5:6-8

 

 


 

20140723 1 Seisbierrum

Seisbierrum-Pietersbierrum (Johannes vd Veen, Kees vd Schoot, Jelte Visser)

20140723 2 Frjentsjer

Frjentsjer (Djurre Seerden, Allard Hoekstra, Jan Schurer)

20140723 31 StJabik

 

St Jabik 1 (Enno Kingma, Bauke Triemstra, Rick Poortstra)

20140723 32 Peins

 

Peins (Wessel van Wier, Jolt Vollema, Menno van Zwieten)

 

20140723 50 JFGroep

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters