Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Easterein - Famkes A

Om 9 oere los, moai op tiid. Alle froulje wiene 10 foar njoggenen klear om it fjild yn te gean. De sinne wie noch wat ferstoppe en it waaide noch lekker troch. Mei in poule fan 4 waard der yn 3 omlopen keatst en sadwaande koene we om healwei 2-en de priisútrikking dwaan. Nei 2 omlopen hiene alle 4 partoeren ien kear wûn en in kear ferlen, spannend dus!

1e priis (19 foar, 15 tsjin): Anke Mollema, Nes, Kim Dijkstra, Makkum, Anne Monfils, Kimswerd

2e priis (17 foar, 14 tsjin): Simone Kootstra, Minnertsgea, Hiske Zeinstra, Peins, Martzen Deinum, Wommels

20150704Easterein FamkesA

Easterein - Famkes B

In oere earder begûn yn Easterein yn ferbân mei de te ferwachte waarmte. Oant 12 oere wie it noch prima te dwaan, dêrnei kaam de sinne der troch en foel de wyn fuort. Sa waard it behoarlik smûk op it fjild. Hjirtroch duorren de omlopen wat langer troch mear drinkpauzes. Mar desûndanks waard der spannend en dreech keatst.

In 3e priis wie der foar Lotte Delgrosse (Marsum), Anne-Rixt Cnossen (Boalsert) en Anneke Smid (Makkum), sy ferlearen de heale finale mei 3-5 6-6 fan de lettere krânswinners. De finale gie lyk op, úteinlik wûnen Jiska Herrema (Menaam), Annet de Haan (St. Annaparochie) en Mintje Meintema (Dronryp) mei de sifers 5-4 6-4 fan Dieuwke Roelfsema (Jirnsum), Selma v/d Molen (Wytmarsum) en Rixt Sinnema (Wergea).

Foar 15 oere koene we de prizen útrikke en koe elts in frisse douche nimme. Mei tank oan stiper Couperus Hydrauliek út Easterein én alle karmasters/frijwilligers/âlders ha we wer in moaie keatsdei hân yn Easterein!

1e priis: Jiska Herrema, Menaam, Annet de Haan, St. Annaparochie, Mintje Meintema, Dronryp

2e priis: Dieuwke Roelfsema, Jirnsum, Selma v/d Molen, Wytmarsum, Rixt Sinnema, Wergea

3e priis: Lotte Delgrosse, Marsum, Anne-Rixt Cnossen, Boalsert, Anneke Smid, Makkum

20150704Easterein FamkesB

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters