Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Mei inkele wizigings op de list hjoed by de f.f. partij senioaren 1e klasse én in wantenkeuring sûnder gefolgen koene we om 11 oere los gean, yn in prachtige ambiance en ûnder goede waarsomstannichheden op Sportpark De Skoalleseize yn Easterein.

 

De 1e en 2e list ferrûnen flot. Op de 3e list kamen de folgjende partoeren mekoar tsjin;

Marten Bergsma, Jacob Klaas Haitsma, Willem Heeringa (yn 2e omloop de ferfanger fan de ôfwêzige Lennart Adema) tsjin Jelle Attema, Erik Haitsma en Sjoerd de Jong. Marten c.s. wûn mei 5-2/6-6.

Pieter van Althuis, Pieter van der Schoot en de ferfanger fan Jan Hospes; Evert Pieter Tolsma ferlearen nei in tige spannende partij fan it Eastereinder partoer Dirk-Yde Sjaarda, Jan Schurer en Bauke Dijkstra mei alles oan de hang. Dizze partij waard beëinige troch in moaie triktrak wêrby Jan Schurer de bal werom sloech oer de perken hinne.

Gosse Beeksma, Johannes van der Veen (ferfanger fan Sip Jaap Bos) en Jelle Jaap Stiemsma hiene in steand nûmer op de 3e list.

 

De heale finale gie tusken Gosse Beeksma c.s. en Marten Bergsma c.s., hjiryn waard it 5-2/6-2 foar Marten Bergsma c.s. Dirk-Yde Sjaarda c.s. hiene in steand nûmer op de 4e list. Om 17 oere gie de finale los tusken Dirk-Yde Sjaarda c.s. en Marten Bergsma c.s..

Mei in soad earsten op 6 gelyk rûnen Marten Bergsma c.s. út nei in foarsprong fan 5-3. Nei goed op -en útslachwurk fan Dirk-Yde Sjaarda c.s. kamen se werom tot 5-5 en namen sels in foarsprong fan 6-2 yn it lêste earst. Toch waard it 6 gelyk, waard der noch in keats slein, mar troch in bûtenslach fan de pleatslike favoriten lutsen Marten Bergsma c.s. aan it langste ein en gongen sy mei de krânsen nei hûs.

Mei tank oan de karmasters, skiedsrjochters, masseuze en haadstiper fan dizze partij Drukkerij van der Eems út Easterein ha we wer in tige slagge keatsdei yn Easterein hân.

 

1e priis: Marten Bergsma, Minnertsgea, Jacob Klaas Haitsma, Wommels, Willem Heeringa, Tsjummearum

2e priis: Dirk-Yde Sjaarda, Easterein, Jan Schurer, Easterein, Bauke Dijkstra, Easterein

3e priis: Gosse Beeksma, Koarnjum, Johannes van der Veen, Pitersbierrum, Jelle Jaap Stiemsma, Ljussens

20150809Easterein Manlju1eklasse

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters