Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

En dêr wiene dan de troch elkenien hope temperatueren op de 5 de maaie by befrijingsdei/Himmelfeartsdei.

De dei dat yn Easterein de Witteveen en Brouwerpartij ferkeatst wurd. Mar it moaie waar is ek foar in protte keatsers de kâns om der in dei op út te gean en dat koene we ek merke oan de list. By de manlju 18 keatsers ferdielt yn 2 pûltsjes fan 3 en by de froulju 8 keatsers in 1 pûl fan 4 twatallen.

 

By de manljukeatste se it “fernijde” pûlsysteem. Foardiel hjirfan is dat elk partoer keatsen kin sûnder in kear stean te bliuwen.

Yn de earste omloop keatsten partoer 1: Danny, Klaas en Eppie tsjin partoer 4 fan pûl B: Harm Auke, Abe Jan en Sjouke. De winst fan dizze partij gong mei 5-2 6-2 nei partoer 1. Partoer 2 mei Erwin, Hans en Hotze moasten tsjin partoer 5 mei Bote,Tymen en Jan Bauke 5-0 6-6 foar partoer 2 en de 3de partij tusken partoer 3 Remon, Christiaan en Bas tsjin partoer 6, Tjerk P, Tjerk O en Peter einige yn 5-3 6-4 yn it foardiel fan partoer 3. Alle partoeren fan de A-pûl hiene wûn en dat soe op 1 partij nei ek de hiele dei sa troch gean. Op de 2de list ferlear allinnich partoer 2 fan de A-pûl it fan partoer 6 Tjerk c.s De oaren út pûl A wûnen de partijen. Partoer 1-5 einige yn 5-2 en 6-4 en de oare partij tusken de partoeren 3–4 einige yn 5-1 en 6-2. Op de 3de list noch 2 partoeren mei de folle winst en ek like folle tsjin-earsten. Partoeren 1 en 3. Partoer 1 moast tsjin partoer 6 en dit wûn partoer 1 nipt mei 5-5 en 6-4. Partoer 3 wûn ek mar dan mei 5-1 en 6-0. 4 tsjin-earsten minder dus partoer 3 Remon, Chris en Bas yn de krâns en partoer 1 Danny, Klaas en Eppie de preemje. De lêste wedstriid fan de partoeren 2 tsjin 4 einige yn 5-2 en 6-2.

 


By de froulju 4 twatallen keatsend mei in sêfte bal.. Partoer 1 mei Petra en Lysbet tsjin partoer 2 Sieta en Marjan. Sieta hie fansels ek al 3 keatskampdagen yn de fuotten mar hja wisten de partij al nei har ta te lûken en se wûn nipt mei 5-5- en 6-6 Partoer 3 Gabriëla en Jitske moasten tsjin partoer 4 Jetske en Klaske. Partoer 3 wûn dit mei 5-3 en 6. Op de 2de list de winner fan 1-2 tsjin de ferliezer fan 3-4. We krigen dus 2-4 en 1-3 Partoer 2 wûn dit ek wer mar no wie it net sa spannend. 5-2 en 6-0 Partoer 1 mocht it opnimme tsjin partoer 3. Yn dizze partij in lyts ûngemakje mei Jitske. Se gong wat raar troch de knibbel mar koe dochs de partij ûtspylje. Se wûnen dit ek noch mei 4-5 en 6-6. En dan úteinlik de lêste partijen. De partoeren 2 en 3 hiene beide alles wûn en mochten op de 3de list tsjininoar. Partoer 3 wûn dit mei 3-5 en 4-6 sadat de krânsen nei Gabriele en Jitske gongen en de preemje nei Sieta en Marjan. De partoeren 1 en 4 keatsten foar de wille 5-2 en 6-2 yn it foardiel fan partoer 1.

20160505 WItteveenBrouwer1

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters