Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

De 1e ledepartij is wer keatst by de jeugd, tradisjoniel is dat de kniplokaeltsje party. Foar sommige bern wie it ek it earste kontakt mei de keatsbal. Oare bern binne al lang yn training en ha al wer in pear wedstriden keatst. De jongste kategoryen begongen om 15 oere en de âldste jeugd om 17 oere. Alle jeugd koe 3 x keatse.

 

Kabouters

By de kabouters 4 partoer. Partoer 2 Brecht Stegenga en Jarno v/d Weij hiene alle 3 partijen wûn en mochten mei de krâns nei hûs. Partoer 1 hie allinnich fan partoer 2 ferlern dus gongen Sander Velzen en Sybrecht Overal mei de 2e priis nei hûs. En de oare bern Sybrand Stremler, Nynke Velzen, Noa Ottens en Mare v/d Velde krigen noch in medalje om de hals.

20160511Kniplokaeltsje1Kabouters 

Welpen

By de welpen ek 4 partoer. En wat is der leuk en saportyf keatst. Der moast noch wol efkes goed neitocht wurde wa by hokfoar keats opslaan moast. Mar ja, it wie ek wer de 1e party nei it lange winterskoft.

1e priis: Anke Blanksma, Jorn Hiemstra, Tjitske Joustra

2e priis: Nyka Ottens, Nynke Zijlstra

20160511Kniplokaeltsje2Welpen 

Pupillen

By de pupillen wiene der 6 partoeren. It nije pûlsysteem waard dêr spile mar dan sûnder finale. Ek der waard leuk keatst. Ien partoer hie alle 3 partijen wûn.

1e priis: Redmer Wiersma, Jildert Hiemstra, Marije Zijlstra

2e priis: Redmer Stegenga, Thijs Janssen

3e priis: Judith v/d Weerdt, Niels Hiemstra

3e priis: Tjalle Durk v/d Eems, Tiemen de Groot, Welmoed Stegenga

20160511Kniplokaeltsje3Pupillen 

20160511Kniplokaeltsje3Pupillen2

Skoalbern

By de skoaljeugd en de jonges/famkes elk 4 partoer. Krekt foar 21 oere waard de lêste bal slein wêrnei de prizen útrikt wurde koene.

1e priis: Nynke Paauw, Marrit Hiemstra

2e priis: Bauke Reijnhoudt, Amber Reijnhoudt, Emma Stegenga

20160511Kniplokaeltsje4Skoalbern 

Famkes/Jonges

1e priis: Rutger Wiersma, Corrie Kroondijk

2e priis: Kees v/d Horst, Roelie Kroondijk

20160511Kniplokaeltsje5FamkesJonges 

Wy wolle kapsalon ’t Kniplokaeltsje út Easterein betanke foar it sponseren fan dizze party.

Ek de frijwilligers die ús holpen ha tige tank!!!!

De Jeugdkommisje: Danny, Hans, Klaas, Liesbeth, Fetsje, Annette en Joke

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters