Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Ofrûne sneon 18 juny de jierlikse Posthuma skildersbedriuw partij, wêrby Teake Posthuma stiper is en dêr binne wy tige wiis mei.

 

Dit kear ha we der foar keazen om ris te starten om 16.00 oere op sneon middei. Elk kin oerdei mei de man as frou boadskippen dwaan en/as de stêd yn gean, der kin wurke wurde om in pear sinten te ferstjinjen, en as toetje fan de dei kinne hja noch lekker in baltsje slaan en in friske/bierke/hapke iten nei ôfrin dwaan. De opjefte fûl in bytsje tsjin, mar al mei al dochs in moaie list fan 6 partoer bij de manlju en 4 partoer bij de froulju. Der waard keatst mei trije ferskillende listen (nachtkeatssysteem), op dizze wize koe elk moai trije kear keatse.

 

Der waard prachtich moai keatst, af en toe in bui op’e holle wat it sicht fan sommige keatsers mei bril wat beheind, mar it mocht de pret net drukke en elk hie it tige nei syn sin. 20.45 oere waard de lêste slach slein, en kinne ek de lêste keatsers de kantine yn. Enno Jehannes Bruinsma en Gert-Jan Hiemstra hiene it bier kâld en it fet waarm. Lekker allegear neisitte, it siet tige gesellich en alles is prima ferrûn.

 

By de neisit docht Christian de de priisútrikking. Under it genot fan in hapke en drankje wurde de folgjende priiswinners nei foaren ropt.

 

Froulju A

1e priis : Petra Jellema

2e priis : Wiepkje Hiemstra

Froulje B

1e priis : Eefje Hiemstra

2e priis : Yvonne Terpstra

Manlju A

1e priis : Marten Faber

2e priis : Stefan van Krimpen

Manlju B

1e priis : Geb Bakker

2e priis : Judy Bergsma (mocht har talinten by de manlju útoefenje)

20160618 EastereinPosthumapartij

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters