Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

A klasse pupillenjonges t.i.l.

 

Op de moaie fjilden fan de Skoalleseize yn Easterein, mei de hiele dei it sintsje der by waard der om raak keatst.

Nei't der 3 listen ferkeatst wiene yn it nije poule systeem moasten de 2 bêste partoeren om de krânsen keatse: Matthys Renema, Heech en Niels de Boer, Spannum hiene 18 punten wêrtroch se 2e stiene. Marten Leijenaar, Eksmoarra en Jan Bandstra, Easternijtsjerk wûnen alle 3 omlopen en kamen sa oant 21 punten.Yn de finale moasten foargeande partoeren tsjininoar. Nei in tige spannende partij waard it 5-5/6-6. Troch in sitbal fan Niels de Boer giene de krânsen nei partoer 3: Matthys Renema en Niels de Boer.

 

Utslach: 

1e priis, Matthys Renema, Heech, Niels de Boer, Spannum

2e priis, Marten Leijenaar, Eksmoarra, Jan Bandstra, Easternijtsjerk

20160703 EastereinPupillenA

 

B klasse pupillenjonges t.i.l. + herk., 03-07-2016, Easterein

Mei in moaie list fan 20 partoer waard der om raak keatst op de sportfjilden fan de Skoalleseize yn Easterein. Nei 3 omlopen wêr’t bylotte wurde moast (omdat partoer 20 net folslein wie) kamen yn de heale finale fan de winners de folgjende partoeren inoar tsjin: Jelmer Brouwer, Johan Cnossen en Sjouke Beimers, Sybrand Veldhuis, dizze striid waard wûn troch Sjouke en Sybrand mei 5-2/6-4. Trochdat Lars Hoekstra en Jens Rienk Jepkema in steand nûmer hiene yn de heale finale kamen sy yn de finale tsjinoer Sjouke en Sybrand te stean. Mei de sifers 5-2/6-4 wûnen Sjouke en Sybrand de krânsen. Yn de herkansingsronde gie de finale tusken Jens Kooistra, Daniel Meesters en Folkert Wierda, Menno Johnson. Jens en Daniel wûnen dizze wedstriid nei in spannende striid mei 5-5/6-4. In 3e priis yn de herkansingsronde wie der foar Thom Dijkstra en Rink Rudmer Sterk.

 

Utslach winnersronde

1e priis, Sjouke Beimers, Bitgummole, Sybrand Veldhuis, Raerd

2e priis, Lars Hoekstra, Damwâld, Jens Rienk Jepkema, Húns

3e priis, Jelmer Brouwer, Easterein, Johan Cnossen, Gauw

 

Utslach herkansingsronde

1e priis, Jens Kooistra, Raerd, Daniel Meesters, Bitgummole

2e priis, Folkert Wierda, Goaiingea, Menno Johnson, Kimswerd

3e priis, Thom Dijkstra, Bitgummole, Rink Rudmer Sterk, Berltsum

20160703 EastereinPupillenB

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters