Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Under goede waarsomstannichheden is d’r juster wer nachtkeatst. Buienradar liet wat oars sjen mar lokkich kaam dat net út en begie it pas letter yn de nacht, doe alles alwer oan ‘e kant wie, flink te reinen. Om goed 21 oere iepene Wilma de wedstriid en gie it spul los efter de sporthal. Nei wat hin en wer beljen en rinnerij slaggen René en Christian der yn om de ljochten oan te krijen sadat elk de ballen krekt wat better sjen koe.

Dit jier de manlju en froulju byinoar omdat der net folle opjefte wie by de froulju. Mei hieltyd oare listen waarden d’r 3 omlopen keatst. It wie in sportive en fanatike keatserij wêr’t folop foar de krânsen en bioskoopbonnen strieden waard.

 

Danny, Marten en Tjeerd hiene earder op ‘e dei al in krâns wûn: Danny en Marten op de federaasjepartij yn Skearnegoutum en Tjeerd (neffens himsels) syn alderearste krâns op in KNKB partij, wêrfoar hulde!! Soe ien fan hun de dûbel helje hjoed? It spande der om! Tjeerd wie miskien wat útkeatst mar Danny en Marten diene mei om de prizen al wie it krekt net de earehage. Yn de A klasse hiene Jan en Danny alle 3 wedstriden wûn, mar omdat Jan minder tsjinearsten hie wie de krâns foar him en de 2e priis foar Danny. Marten wûn 2 kear en ferlear 1 kear (mei 5-5), hjirmei foar him in 3e priis.

 

Petra Jellema wie de iennige yn de B klasse mei 3 oerwinningen en dêrmei wie de krâns foar har. De 2e priis wie foar Selma de Boer, sy hie ien tsjinearst minder dan Jetske. De 3e priis wie dan ek foar Jetske. 

 

Yn de C klasse gjin ien mei 3 oerwinningen; de krâns wie foar Thom, hy wûn 2 kear en ferlear 1 kear (mei 5-5), de 2e en 3e priis wiene resp. foar Jorrit Veldman en Yvonne Terpstra. Sy hiene beide eksakt itselde foar –en tsjinearsten. Mar omdat Jorrit minder punten tsjin hie yn de lêste earsten fan alle 3 partijen wie de 2e priis foar him en de 3e priis foar Yvonne.

 

Utslaggen

A klasse:

1e priis Jan Vellinga 21 foar, 9 tsjin

2e priis Danny Roos 21 foar, 12 tsjin

3e priis Marten Faber 19 foar, 8 tsjin

 

B klasse

1e priis Petra Jellema 21 foar, 9 tsjin

2e priis Selma de Boer 17 foar, 12 tsjin

3e priis Jetske Sieperda 17 foar, 13 tsjin

 

C klasse

1e priis Thom Veldman 19 foar, 15 tsjin

2e priis Jorrit Veldman 17 foar, 12 tsjin

3e priis Yvonne Terpstra 17 foar, 12 tsjin

Om 2 oere wiene alle prizen útrikt en waard d’r, troch de nachtbrakers, noch efkes gesellich neisitten (oant goed 5 oere).

Mei tank oan ús stiper MRW Accountants út Snits wer in tige slagge nachtkeatserij hân!

20160820 EastereinNachtkeatsenSen

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters