Thússide
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Ofrûne snein wie it wer safier, de lêste ledewedstriid fan KF Easterein.

Der wie wer in moaie folle list fan 18 dielnimmers. Nei de útlis fan de rigels troch Wiepkje waard de earste bal opslein om in oere as 13:15.

Mei trije listen en spanende partijen waard der keatst. De sporthal wie soms net heech genôch, it fjild soms krekt te lyts(de bal mei net yn ien kear boppe), de bal te lyts, en sa waard der mear om eamele.

 

Ype moast fan de frou syn âlde, hast antike, en stikkene sealskuon fan’t simmer fuortsmite. No kaam hy der efter dat de oare skuon swarte soallen hiene en dus hat hy op bleate fuotten keatst. Martine en har twa froulju moasten yn de tredde omloop tsjin de bruorren Dijkstra. De mannen en de frou koene dit net risse. Foaral de c maat fan Martine wie hjir hiel bliid mei, no hoecht sy dit net it hiel jier oan te hearren. Martine hie al in omloop ferlern fan har heit en woe dat fansels net fan har omke ek noch dwaan. De mannen hiene it ek net ferwachte fansels mar dat is it aardige oan sealkeatsen mei in grutte bal. It kin alle kanten op.

 

Nei twa omlopen wie it noch spannend wa oft der mei de prizen fan troch gean soene. Foaral by de C-maten. Der waard dus noch fûleindich keatst om sa de measte punten byinoar te sprokkeljen. Nei't de telling dien is, binne ûndersteande winners út de bus kommen.

 

1e priis

A Harm Auke Dijkstra 21 foar 10 tsjin

B Sipke Hiemstra 21 foar 7 tsjin

C Mattie Dijkstra 19 foar 9 tsjin

 

2e priis

A Martine Tiemersma 19 foar 9 tsjin

B Tom Couperus 21 foar 9 tsjin

C Wiepkje Hiemstra 17 foar 15 tsjin

 

3e priis

A Tjeerd Dijkstra 14 foar 12 tsjin

B Gabriële Bouma 15 foar 13 tsjin

C Petra jellema 16 foar 12 tsjin

 

Dizze partij wurdt sponsore troch twa stipers ( krânsen en prizen) die anonym bliuwe wolle. Wol ha se besletten om trije prizen út te dielen.

We wolle dizze stipers nochris tige tank sizze.

 20161211 KFESealkeatsen

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters