Ferslaggen
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

De Sânde Jong-Feinte, edysje mei rekôrs!

De sânde edysje fan de Jong-Feinte wie in alle opsichten in bysûndere edysje. In nij rekôr oan dielnimmende partoeren (27), in rekôr oan beteljende besikers (258), gjin inkele bal fuort, allinnich de bal wer de lêste slach mei slein waard, waard kocht troch Patrick Scheepstra, it nije multyfunksjoneel terrein yn gebrûk foar it parkearren, rekôr oan broadsjes hamburger, in live ferslach op sawol de website fan de KNKB as kfeasterein.nl.

 

En de earste kear dat in finale fan de Jong-Feinte op 5-5:6-6 beslikke waard!

 

Sichtber en ‘net sichtber’ de frijwilligers fan keatsferiening Easterein en De Skoalleseize. In geweldige prestaasje is levere wêrtroch de hiele dei gemoedlik, flot en gesellich ferrûn as nea tefoaren. De nije bestjoersleden wienen tige wiis mei harren earste, mar hiel suksesfolle edysje. De edysje wêr mar leafst <b>11</b> keatsers presint wienen die woansdei 3 augustus yn Frjentsjer op de PC stean (Arnold Zijlstra, Thomas van Zuiden, Hans Wassenaar, Jelte-Pieter Dijkstra, Siebe Greidanus, Feiko Broersma, Sjoerd de Jong, Hendrik Kootstra, Pieter Sijberen Scharringa, Pieter Jan Plat  en Jouke Bosje). De Jong-Feinte, in poadium foar talint!

 

Bysûnder foar Frjentsjer wie dat de Jong-Fammen fan Frjentsjer (winners fan de Jong-Famme yn Mantgum) de krânsen omhingje mochten by de winners fan de Jong-Feinte, de Jong-Feinten fan Frjentsjer! Nei in 3e priis op de earste edysje yn 2005 (Cees Malda, Michel van der Veen en Tjitte Bonnema) no de Sulveren Leest nei Frjentsjer!

 

Om presiis 11.00 giet it los ûnder de prima lieding fan Durk Wierstra en Sipke Hiemstra en de grutte pleoch trouwe karmasters, telegrafisten en blokjerinners. Derfoar waard it nije winnersboerd fan de Jong-Feinte ûntbleate troch Abe en Annie Stegenga, trouwe supporters en frijwilligers fan keatsferiening Easterein, die it boerd ek oanbean ha. Se geane nei alle fjilden ta wer mar Eastereinders keatse. De fjilden leinen wer moai neist elkoar en dat makket it moai smûk, sels mei sa’n 500 minsken op it fjild.

 

Yn 2011 dus 27 partoeren op de list. Yn 2006 en 2010 wienen dat 24 partoeren en de oare jierren 26. Debutanten yn 2011 wienen Eksmoarre, Frjentsjer 2, Peins, Tsjummearum 2, Wommels 3, Wommels 4, Wommels 5, Ysbrechtum. De partoeren die wol op it NK Junioaren 2011 wienen, mar net op de Jong-Feinte: St Jacob, Wynaam, Amsterdam, Kimswert, Bitgum, Holwert, Berltsum, Anjum, Rie. Oan alle edysjes ha de folgjende ôfdielings meidien: Easterein, Tsjummearum, Dronryp, Wommels, Makkum.

 

Frjentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra wint de Jong-Feinte 2011 en kaam yn de finale troch in steand nûmer op de 1e list en winst op Wommels 3, 5-4:6-2, Boalsert, 5-4:6-2 en Peins, 4-5:4-6. Tsjummearum, winner fan 2010 mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar winne fan Makkum, 5-2:6-6, Easterein 2, 5-0:6-6, Seisbierum-Pietersbierrum, 5-1:6-2 en Wjelsryp 5-3:6-4.

Peins, mei Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten, is de ferrassing fan de dei winne in 3e priis troch winst op Minnertsgea, 4-5:6-6, Wommels 2, 5-0:6-6 en doe mei in steand nûmer yn de heale finale en ferlern fan Frjentsjer, 4-5:4-6. Wjelsryp, mei Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus en Jouke Bosje, wint ek in 3e priis. Winst op St Anne, 5-5:0-6 (yn de heale finale fan it NK ferlearen hja fan St Anne mei 5-5:6-4), Easterlittens, 5-1:6-0, Stiens (dat ferrassend wûn fan Hartwert, finalist op it NK–junioaren), 0-5:4-6 en tsjin Tsjummearum waard de heale finale ferlern mei 5-3:6-2.  Sawol Peins as Wjelsryp ha noch net earder in priis wûn op de Jong-Feinte.

 

De finale begjint pas echt as de stân al 2-5 foar Tsjummearum is, nei’t Patrick op 2-6 bûten slacht. Yn it folgjende earst is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt, 3-5. Mei 2-4 en twa dikke keatsen kâns foar Frjentsjer en it slagget. De 6-4 is foar Frjentsjer, mar it wurdt 6-6 nei in foarslach fan Patrick en as Hans dernei kwea slacht is it 4-5 en it is wer partij. Op 2-5:6-6 tinkt Hans de partij te winnen as de platte opslach net troch Erik ferwurke wurde kin, mar Patrick slacht mei de stuit de keats wol foarby, 5-5! OP 4-4 slacht Patrick ien foar en dernei in geweldige sitbal op de kwea, 5-5:6-6! Patrick slacht wer op, Hans Wassenaar wol út, mar net goed en Jan Hof pakt de winst op de Sânde Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk!

 

By de priisútrikking kriget it partoer fan Frjentsjer de krânsen omhong fan de Frjentsjerter Jong-Fammen en dernei in taspraak fan Frjentsjerter Jan Hiemstra, betinker en stiper fan De Sulveren Leest. Jan is tige grutske op syn stedsgenoaten.

 

De Sânde edysje sit der op en wie fantastysk! In prachtige dei die einige mei in spannende finale en ferrassende winner fan de Jong-Feinte. In geweldige publike belangstelling en wat ha we it troffen mei it waar! We sjogge jimme graach wer yn 2012, op de fjirde woansdei fan july, 25 july 2012.

 

Utslach

1. Frjentsjer (Jan Hof, Erik de Groot, Patrick Scheepstra)

2. Tsjummearum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin, Hans Wassenaar)

3. Wjelsryp (Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus, Jouke Bosje)

3. Peins (Douwe Rienstra, Niek Feenstra, Menno van Zwieten)

 


 

 

Erik de Groot, Jan Hof, Patrick Scheepstra, Ludwig Seerden

 

 

Steven de Bruin, Hans Wassenaar, Arnold Zijlstra, Wim Seepma

 

 

Jouke Bosje, Siebe Greidanus, Pieter Sijberen Scharringa, Paulus Yde Walda

 

 

Douwe Rienstra, en Menno van Zwieten Niek Feenstra en van Zwieten


1e omloop

 

De winner fan de Jong-Feinte fan 2010, Tsjummearum mei moast lykas ferline jier begjinne tsjim Makkum. Ek no ferlear Lennart Adema, mei Jelle Attema en Jesse Adema. Op 3-2:6-6 komt Tsjummearum op 2 spul. Op 5-2:4-6 slacht Arnold in sitbal. De folgende opslach wurdt troch Jesse kwea út slein.

 

In oare kreaker wie de wedstriid St Anne-Wjelsryp. Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Roelof de Jong komme op 4-2 foar tsjin Pieter Sijberen Scharringa, Siebe Greidanus en Jouke Bosje. Wjelsryp komt werom op 4-4 en pakt ek de 4-5. Dan komt Wjelsryp, mei Siebe foar best, 2-6 foar, mar St Anne komt werom as Sjoerd in sitbal pleatst op Jouke en op 6-6 slacht Jouke de bal kwea Dan slacht Sjoerd 2 bûten en nei in keats Pieter Jan ek 1 bûten, 0-6. De platte opslach fan Siebe kin Pieter Jan net foarby de keats krije en dit kear wint Wjelsryp. Yn de heale finale fan it NK ferlearen hja noch fan St Anne mei 5-5:6-4.

 

Debutanten Eksmoarre en Ysbrechtum komme de earste omloop net troch. Eksmoarre ferliest fan Boalsert en Ysbrechtum fan Hartwert. Debutant Peins komt fierder troch te winnen fan Minnertsgea. Easterein 1 mei Jelte Pieter Dijkstra, Ewout de Boer en Carlo Booms ferlieze fan Tsjummearum mei 5-4:6-4.

 

1) Wommels 3 - 2) Wommels 4 5-0:6-2

3) Dronryp - 4) Harns 5-3:6-2

5) Boalsert - 6) Eksmoarre 5-1:6-6

7) Tsjummearum 2 - 8) Makkum 5-2:6-6

9) Easterein 2 - 10) Folsgeare 5-4:6-4

11) Tsjummearum 1 - 12) Easterein 1 5-4:6-4

13) Seisbierrum-Pietersbierum - 14) Frjentsjer 2 5-1:6-6

15) Wommels 5 - 16) Stiens 2-5:2-6

17) Ysbrechtum - 18) Hartwert 2-5:0-6

19) St Anne - 20) Wjelsryp 5-5:0-6

21) Easterlittens - 22) Wytmarsum 5-2:6-2

23) Minnertsgea - 24) Peins 4-5:6-6

25) Wommels 1 - 26) Wommels 2 4-5:4-6

 


2e omloop

 

Nei it steand nûmer op de 1e list, moast Frjentsjer tsjin Wommels 3. Se winne dat mei 5-4:6-2. Dronryp ferliest ferrassend mei dikke sifers fan Boalsert en Easterein 2 (Doede Rients Okkema, Ids de Boer en Bert Couperus) is ek fan de list nei ferlies tsjin Tsjummearum. Ferrassend is ek it ferlies fan Hartwert (finalist op it NK Junioaren) tsjin Stiens. Wjelsryp wint maklik fan Easterlittens en Peins komt de 2e omloop maklik troch.

 

27) Frjentsjer - 1) Wommels 3 5-4:6-2

3) Dronryp - 5) Boalsert 1-5:4-6

7) Tsjummearum 2 - 9) Easterein 2 5-0:6-6

11) Tsjummearum 1 - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 4-5:4-6

16) Stiens - 18) Hartwert 5-4:6-4

20) Wjelsryp - 21) Easterlittens 5-1:6-0

24) Peins - 26) Wommels 2 5-0:6-6

 


3e omloop

 

Frjentsjer keatst op de 3e list tsjin Boalsert mei Peter en Thomas van Zuiden en Hendrik Bouwhuis en Bolasert komt twa kear op foarsprong, 1-2 en 2-3. Mar Frjentsjer mei Jan Hof, Erik de Groot en Patrick Scheepstra wit de wedstriid nei har ta te lûken en komt sels op 5-3. Boalsert hellet wol 5-4, mar op 5-4:6-2 slacht Patrick boppe. Tsjummearum hat in maklik potsje tsjin Seisbierum-Pietersbierrum dat it oare Tsjummearum wol ferslein hie en ek Wjeslryp rint der samar troch tsjin Stiens. Peins stie al yn de heale finale mei in steand nûmer.

 

27) Frjentsjer - 5) Boalsert 5-4:6-2

7) Tsjummearum - 13) Seisbierrum-Pietersbierum 5-1:6-2

16) Stiens - 20) Wjelsryp 0-5:4-6

 


Heale finale

 

De oandacht gie foaral út nei de heale finale tusken Tsjummearum en Wjelsryp, mar Peins en Frjentsjer makken der ek in moaie pot fan. it partoer mei Douwe Rienstra, Niek Feenstra en Menno van Zwieten, wie de ferrassing fan de dei. Frjentsjer sloech in 'gat' fan in spul, 2-4. Mar Peins byt har fêst en komme op 3-4 en as Patrick op 6-2 bûten slacht dan is it wer gelyk, 4-4. In skjin earst betsjut 4-5 foar Frjentsjer. Op 4-6 leit der yn lytse keats. Menno slacht op en Frjentsjer slacht muoilik út, mar Niek fielt de bal fia de hân efter him gean. Frjentsjer nei de finale!

 

Tsjummearum wint mei 5-3:6-2 fan Wjelsryp. Foaral de opslach fan Wjelsryp joech de trochslach. Der waard fûleindich keatst en grimmitich, mar sportyf. En hja kinne elkoar ek knap mei wurden ek knap bespylje en dat makket it keatsen op sa'n dei krekt prachtich! Tsjummearum komt  3-1 foar. As Arnold bûten slacht op 4-6, dan komt Wjelsryp wer by, 3-2. De kâns om gelyk te kommen wurdt 'ferskiten' as Siebe op 6-6 de bal bûten bringt. As Steven de keats net foarby slacht komt Wjelsryp op 4-3. Steven slacht net folle op, mar de sitbal op Siebe (knapper) op 6-4 is goed foar de fiif earsten! As Tsjummearum dan in 6-0 foarsprong nimt (bûten en kwea Siebe, en boppeslach fan Hans op opslach Jouke), dan sjocht Wjelsryp de bui hingjen. In boppeslach fan Jouke bringt 6-2 op it boerd, mar de sitbal fan Hans betsjut de finale foar Tsjummearum, krekt as yn 2010,

 

24) Peins - 27) Frjentsjer 1 4-5:4-6

7) Tsjummearum - 20) Wjelsryp 5-3:6-2

 


Finale

  

It earste earst is foar Tsjummearum, as Patrick op 6-6 bûten slacht. Op 6-4 pakte Steven de keats mei in backhand. 0-1. In bûtenslach fan Patrick, boppe fan Hans, sitbal fan Patrick en wer bûten, 2-6 en in lytse keats. Frjentsjerter Erik slacht út, mar Steven slacht werom foar de keats, 0-2. 1-2, Patrick op 6-4 (boppeslach Erik op 4-4) de opslach die Steven útslacht. Erik slacht werom yn it perk. In bûtenslach fan Patrick op 4-6 betsjut in gat fan in spul, 1-3. En ek it folgjende earst is foar Tsjummearum as op 1-3:2-6 Hans in sitbal slacht. Arnold is wer efkes fan de opslach.

 

Frjentsjer komt wer by as op 6-6 Patrick de bal boppe slacht, 2-4. En dat nei 2-6 efter! Frjentsjer makket ta folle fouten oan de opslach en de ballen die yn binne wurde goed ferwurke troch Hans en Steven. OP 2-6 slacht Patrick er bûten. Hy moat it ek lûke yn it partoer fan Frjentsjer al wurdt hy knap stipe troch Erik yn it perk, Jan docht wat der kin by de twadde opslach. Op 2-6 is it 1-5. Dit kear is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt!, 2-5.

 

Mei 2-4 en twa dikke keatsen in kâns foar Frjentsjer. De earste pakke se as Hans kwea útslacht. De 6-4 is foar Frjentsjer as Hans de knappe opslach fan Patrick net goed ferwurket. 6-6 wurdt it nei in foarslach fan Patrick. De folgjende opslach wurdt wer troch Hans kwea slein, 4-5 en it is wer partij, seker as Patrick in sitbal op de kwea slacht.

 

Dernei pakt Tsjummearum beide keatsen troch sitballen fan Steven en Hans. As Hans bûten slacht wurdt it 4-4. De earste keats wurdt knap pakt troch Frjentsjer, De oare keats is foar Tsjummearum. Op 6-6 slacht Hans op, en Erik slacht de keats foarby, as Hans tinkt dat it lear is, 5-5!

 

5-5:6-6!. It ferrin fan it earst. 0-2, kwea út Patrick, 2-2 bûten Hans, 2-4 platte bal Jan, twadde stuit Hans. 4-4 as Steven de keats foarby slacht. Foarslach fan Patrick, 4-6 en dernei in geweldige sitbal op de kwea fan Patrick, 5-5:6-6! Patrick slacht dan op, Hans út en Jan Hof pakt de winst op de Sânde Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk! Wat in finale!

 

27) Frjentsjer - 7) Tsjummearum 5-5:8-6

 

 

 

 

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters