Ferslaggen
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

1e Jong-Feintepartij op 27 july 2005

 

De tariedingen foar de Jong-Feintepartij frege nochal wat fan Keatsferiening Easterein. It gie ommers wol om in partij dy’t wy graach oant yn lingte fan jierren organisearje wolle yn Easterein. Foar de keatsferiening, harren leden, de stipers, foar it doarp en omjouwing, mar boppe al foar de keatsers fan 17 oant en mei 21 jier, de junioaren, wolle wy hjir yn slagje.

 

Lokkich kinne wy beskikke oer in soad warbere frijwilligers dy’t ús, yn hokker foarm dan ek, helpe om grutte wedstriden mooglik te meitsjen. Ek dizze Jong-Feintepartij waard allinnich, útsein de skiedsrjochters fansels, gehiel troch eigen minsken organisearre en bemanne.

 

Tiisdeitejûn 26 july, is it wedstriidfjild ynrjochte en dat like fansels al prachtich mei de omheining, bestjoerswein (tank oan Arum) en de reklamebuorden fan de K.N.K.B. Derneist ús eigen stipetillegrafen, flaggen, publyk- en parsetinte makken de saak kompleet. We wienen klear foar de grutte keatsdei yn Easterein, de earste Jong-Feintepartij.

 

Woansdei 27 july, kamen ús gasten op it fjild. Guon karmasters, keatsers en oare belangstellenden hienen de WISIN goed lêzen en stienen moai op tiid yn Easterein op it fjild. De wedstriid begûn dôchs om 11.00 oere en hast alle partoeren hienen hjir berjocht fan krige by de opjefte. Nei ’t fjild goedkart wie troch skiedsrjochters Johannes Joostema en Pieter Brandsma iepene foarsitter Dijkstra de dei troch eltsenien wolkom te hjitten. Mei it omroppen fan de earste partoeren wie de wedstriid begûn. Alles wie foar inoar, de keatsers wienen der, de begelieders, de karmasters, de arena perfekt, ensfh. Wat net ien regelje kin is it waar (sels Piet net) en dat wie wat ús oanbelanget ien fan de pear minpuntsjes hjoed, it reinige waar.

 

De keatsers lutsen harren der net safolle fan oan en gienen in sportive en fûleindige striid oan mei inoar. Nettsjinsteande it mindere waar wienen der noch in moai protte minsken op de partij ôfkommen. Sa as boargemaster Liemburg fan Littenseradiel, ús earelid Durk van Beem, dy’t noflik op de boppe neist PC-foarsitter van der Meij siet en fan it haadbestjoer fan de KNKB wie moarns de hear Vogels al west en middeis kaam foarsitter Piersma.

 

Ek oanwêzich de WIS-IN foar in ferslach en foto’s. De oare parse moat noch efkes wenne oan it idee dat Easterein mei de Jong-Feintepartij benammen yn it nijs wol om de keatsers yn de leeftyd fan 17 oant en mei 21 jier oan it keatsen te krijen én te hâlden!. Wierskynlik dat hja dan takom jier gebrûk meitsje wolle fan ús lúkse parsetinte.

 

 

1e omloop

Easterein 1 en 2 keatsten tsjin Makkum 1 en 2 neist inoar in it fjild. Beide partoeren fan Easterein keatsten fûleindich. Bauke en Tjipke Klaas wienen mei syn twa-en, mar wûnen dôchs ienfâldich fan Makkum 2. Easterein 1 liet sjen dat hja hjoed ek op skerp stienen. De earste Jong-Feintepartij, wêr’t hja sels ek al ris in baltsje oer opgoaid hienen, wie in feit. Makkum krige by 4-1 noch in spul, mar dernei wie it oer. Pytrik socht regelmjittich de boppe mei syn snelle útslach, Marten slagge der ek yn en hâld mei Dirk-Yde de ballen goed foar it perk en winne mei 5-2.

 

Ouwe Syl wit 2 earsten te ‘skoaren’ tsjin it sterke Wytmarsum. Oant de finale soenen dit de ienichste tsjinearsten wêze. St. Anna hat it dreech tsjin Reahûs-Turns (5-3:6-6). Ek Rie giet nei de 2e omloop troch in oerwinning op Goengea (5-3). De dreechste wedstriid op de list wie tusken Dronryp en Tsjummearum (5-5:6-2). Wommels hat muoite mei Wytmarsum 2, mar winne dôchs (5-4). Frjentsjer (5-1 tsjin Burchwert), Broeksterwâld (5-0, Folsgeare), Goutum (5-0, Ee), Minnertsgea (5-1, Weidum), Skettens (5-2, St. Jacob) komme wat makkeliker op de 2e list.

 

1. Frjentsjer-2 Burchwert, 5-1;6-6

3. Broeksterwâld- 4. Folsgeare, 5-0;6-4

5. St. Annaparochie- 6. Reahûs-Turns, 5-3;6-6

7. Makkum 2- 8. Easterein 2, 0-5; 2-6

9. Makkum 1- 10. Easterein 1, 2-5;0-6

11. Goutum- 12. Ee, 5-0;6-6

13. Minnertsgea- 14. Weidum, 5-1;6-6

15. Goengea-16. Rie, 3-5;2-6

17. Dronryp- 18. Tsjummearum, 5-5;2-6

19. Ouwe Syl- 20. Wytmarsum 1, 2-5;2-6

21. Wytmarsum 2- 22. Wommels, 4-5;4-6

23. Ferwert- 24. Stiens, 1-5;2-6

25. St. Jacob- 26. Skettens, 2-5;2-6

 

 

2e omloop

De beide Eastereinder partoeren steane no wer op ien fjild, it haadfjild. Yn dizze arena giet it mei it 2e partoer efkes minder. Op de opslach fan Arjen Bouwe Hiddinga moatte hja te faak it antwurd skuldich bliuwe en ferlieze (5-2) fan St. Annaparochie. Bauke en Tjipke Klaas kinne lykwols mei de holle omheech fan it fjild. Dirk-Yde, Pytrik en Marten ha de gong wer te pakken tsjin Goutum, dat noch wol in spul pakke kin.

 

Op it byfjild wurd in moaie striid útfochten tusken Frjentsjer en Broeksterwâld mei haadklasser Johan vd Meulen. De mannen fan ‘Jan Bogstra’ strike mei de ear (5-5:6-2). Rie wit de twa man fan Minnertsgea te ferslaan (5-3:6-6) en Tsjummearum kriget gjin earst tsjin Wytmarsum (5-0). Wommels rekkent ôf mei in it ‘Stiens-gefoel’ en winne fan de Ferwerda-mannen mei 5-3;6-6.

 

1. Frjentsjer - 3. Broeksterwâld, 5-5;6-2

5. St. Anna- 8. Easterein 2, 5-2;6-4

10. Easterein 1- 11. Goutum, 5-2;6-2

13. Minnertsgea- 16. Rie, 3-5;6-6

18. Tsjummearum- 20. Wytmarsum 1, 0-5;2-6

22. Wommels- 24. Stiens, 5-3;6-6

26. Skettens

 

 

3e omloop

Skettens nimt it nei in steand nûmer op tsjin Frjentsjer. Dit unike partoer mei de bruorren Visser (sjoch ek de WIS-IN fan augustus) kinne it net risse (5-3). By Easterein 1 rint it as it spoar. Dirk-Yde makket de partij út mei de safolste sitbal (5-1) tsjin St Annaparochie. Rie, dy’t knap de 3e omrin helle hie, treft der favoryt Wytmarsum en krije gjin buordsje. Wommels sit dan al yn de prizen.

 

26. Skettens- 1. Frjentsjer, 3-5;0-6

5. St. Anna- 10. Easterein 1, 1-5;6-6

16. Rie- 20. Wytmarsum 1, 0-5;4-6

22. Wommels.

 

  

De heale finales

Wêr’t de earste trije omlopen as it spoar gienen, wit Easterein 1 no gjin poat oan de grûn te krijen. Der wurde wat tefolle opslachfouten makke en tsjin Wytmarsum kin soks net. Sûnder in buordsje, mar wol in hiele moaie 3e priis op dizze 1ste Jong-Feintepartij yn eigen doarp.

 

Wommels en Frjentsjer, mei 1ste klasser Michel vd Veen, meitsje der in spektakel fan. Frjentsjer liket de wedstriid nei harren ta te lûken (2-4). Dôchs keart de wedstriid yn it foardiel fan Wommels. Dit kaam benammen troch yn inoar en yn de wedstriid te leauwen en it keatsen mei hertstocht. Wommels berikt dan ek knap de finale troch mei 5-4:6-4 te winnen.

 

22. Wommels- 1. Frjentsjer, 5-4;6-4

10. Easterein 1- 20. Wytmarsum 1, 0-5;6-6

 

 

De finale

Nei’t de klanken fan it Fryske folksliet oer it fjild en doarp fan Easterein klonken hienen, gie it los mei de finale. Favoryt is Wytmarsum en Wommels hat nei de knappe heale finale ek alle fertrouwen. Dat blykt wol as hja op 1-1 komme as Herman Sprik it perk mist op 6-6. By it werom rinnen nei de boppe sjocht men dat Sprik in bytsje ferbjustere wie troch dizze misser. Ek dernei giet it minder mei Wytmarsum en better mei Wommels. Kees mei syn opslach, de hân stie wer âlderwetsk heech yn de loft, en Redmer en Erik mei in pear knappe boppeslaggen en dikke keatsen witte op in fertsjinne 3-1 foarsprong te kommen. Mar sa as we Herman Sprik wol faker sjoen ha, wit hy him te werfinen en mei syn maten Gert Jan Meekma en Jacob Zaagemans komme hja op 3-3. Dan rint it wer, sa as it de hiele dei al rûn hie en op 5-3-6-0 winne se de partij troch in bûtenslach fan Wommels.

22. Wommels- 20. Wytmarsum 1, 3-5;0-6

Dermei binne Herman Sprik, Gert-Jan Meekma en Jacob Zaagemans de earste Jong Feinten dy’t dizze partij op harren namme skriuwe en de wikselpriis “De Sulveren Leest” foar ôfdieling Wytmarsum winne.

 

 

Priisútrikking

Foarsitter Dijkstra begjint de priisútrikking mei de meidieling dat hjoed yn de finale 4 priiswinners stienen fan de Freule en 2 PC keatsers. Dernei belûkt hy beide boargemasters yn it ferhaal. De hear Piersma, wenjend yn Wytmarsum en mefrou Liemburg út Wommels lieten de striid oer oan de mannen op it fjild, al siet ús foarsitter de wol moai tusken. In wurd fan tank oan al ús stipers en yn it bysûnder de stipers fan de keatsprizen, Jan Hiemstra, Frjentsjer, Juwelier Kramer, Frjentsjer, Installatiebedrijf De Jong, Easterein en Elephant Off-Road Equipment, Easterein. Dêrneist wienen Friesland Bank Assurantiën, Ljouwert en Provinsje Fryslân ek stipers fan dizze Jong-Feintepartij.

 

 

Sa komt der in ein oan ús alderearste Jong Feintepartij. Dêrmei hat de keatsferiening Easterein harren doel, in oansprekkende partij foar de feriening, doarp en benammen foar de junioarekeatsers, foar it earst goed delsetten en sjogge mei fertrouwen nei de takomst mei, nei wy hoopje, in lange tradysje fan Jong-Feintepartijen.

 

Wy sprekke, mei de KNKB en de TK-junioaren, dan ek de hope út dat, as de lêste jiers jonges nei de Freule Jong Feinten wurde, hja ek noch minimaal 5 jier as Jong Feint op de KNKB-, as Federaasje wedstriden op de Fryske fjilden keatsen bliuwe. En dat hja elts jier útsjogge nei de 4e woansdei fan july, nei de Jong-Feintepartij.

 

 

Prizen

1. Wytmarsum (Jacob Zaagemans, Herman Sprik, Gert-Jan Meekma)

     winners fan de wikselpriis “De Sulveren Leest”

2. Wommels (Kees Adema, Redmer Strikwerda, Erik Haitsma)

3. Easterein (Dirk-Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra, Marten Faber)

3. Frjenstjer (Cees Malda, Tjitte Bonnema, Michel vd Veen)

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters