Ferslaggen
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

4e Jong-Feintepartij, poadium foar jong talint

 

Poadium foar jong talint! Dat skreaun foarsitter Dijkstra yn it programmaboekje fan de 4e edysje fan de Jong-Feinte. Op de list 14 junioaren dy´t in wike letter keatse (kinne) op de PC yn Frjentsjer. De 4e woansdei fan july wurdt njonkelytsen in begryp yn de keatswrâld. No mei de 4e edysje op woansdei 23 july 2008 sjogge wy al foarút nei it 1e lustrum fan dizze wichtige keatspartij foar junioaren tagelyk mei ús 105 jierrich jubileum yn 2009.

 

 

Om it fjild

Wêr we, de keatsferiening en stifting 'De Skoalleseize', ús ferline jier noch rêde moasten mei in needkantine, dêr koenen we no terjochte yn it nije ferieningsgebou. Like moai leinen de beide fjilden der by, echte 'keatsfjilden'. De keatsers seagen har de eagen út en wienen tige ynnommen mei de fjilden en de moaie arena. In geweldige prestaasje fan frijwilligers en bestjoer fan de stifting 'De Skoalleseize'. It wie moai oanklaaid mei de bestjoerswein en kleden en fansels mei it loftkessen foar de bern.

 

Ek de fjilden & materialekommisje hie moai wurk dien. Hagelnije tillegrafen, makke troch earelid Jelle Fopma en skildere troch frijwilligers. Skiedsrjochters Johannes Joostema en Durk Houtsma trêdzje al betiid op de fjilden en sjogge alles nei. Ek de masseur wie oankommen en hy hie it moarns al drok hân en oer de hiele dei ek. Foar we los gienen mei de partij is der in moaie groepsfoto makke fan alle karmasters en oanmerkers. Der wienen sels in oantal gasten dy't ús holpen ha. Tige tank!

 

 

De gasten

Al betiid wienen de earste minsken op it fjild en makken har op foar in moaie keatsdei yn Easterein. Dat is seker slagge en wa't fan de earste oant de lêste slach oanwêzich wienen ha genietsje kinnen. De heale finale gie los mei in bytsje minsken om de arena hinne. De measten sieten foar it grutte skerm nei it hurdfytsen te sjen, in wichtige dei op Alpe d'Huez. We koenen sjen doe't it foarby wie, want alles kaam wer nei bûten. Nei in rûge skatting kamen we op sa'n 400-500 minsken oer de hiele dei. Dit kear waard de wedstriid 'live' byholden op de website fan de KNKB. Yn it ferieningsgebou waard nei elke omloop it ferslach bywurke en foto's pleatst. Letter hearden we dat der minsken út Wommels kamen om't se op de site sjoen hienen dat Wommels yn de heale finale stie.

 

 

Neisit

We binne yn Easterein goed yn it organisearjen fan keatswedstriden en alles der om hinne. Mar ek yn it feestfieren litte we ús fan ús beste kant sjen. Dit kear bleaunen mear minsken op it fjild foar it efterneifeestje mei de prima muzyk fan Perfect Crime. Om't de wyn hielendal draait wie, koe ek it doarp 'meigenietsje'. Wa nei hûs gie koe earst noch efkes genietsje fan in Jong-Feinte menu by Kafé Restaurant 'Noflik' Bergsma.

 

 

Yn it fjild

11.00 oere gie de 4e Jong-Feinte los ûnder lieding fan Johannes Joostema en Durk Houtsma. De grutte skare frijwilligers wie der klear foar. Geweldich keatswaar en wat te sizzen fan de fjilden! Der wienen hast gjin wurden foar, sa moai lei it der by. Dat foel de keatsers fansels ek op, al hienen guon partoeren der gjin foardiel by.

 

Der wienen 26 partoeren op 4e edysje fan de Jong-Feinte, likefolle as yn 2005 en 2007. Yn 2006 wienen der 24. Nije partoeren yn 2008 binne Ingelum en Penjum. Dêrneist binne der 4 nije partoeren neffens de list fan ferliene jier en dat binne Easterein 2, Easterein 3, Weidum en St. Anne. De partoeren dy't ferline jier wol op de list stienen mar dit jier net, binne Hijum-Feinsum (3e priis, 2007), Itens 2, Akkrum, Wytmarsum 2, Damwâld en Skettens. Dizze ôfdielings koenen gjin partoer foarmje. Spitich dat we letter yn de wike en moandeis yn Makkum fan ferskate ferienings hearden dat hja te let wienen mei opjefte. Oardel wike foar de partij opjaan is ek lang.

 

Op it NK junioaren stienen ek de partoeren fan Akkrum, Skettens, Grou, Morra-Lioensens, Hijum-Feinsum, Bitgum, Frjentsjer, Winsum, Minnertsgea, Damwâld en Ouwe Syl. Rie en Weidum wienen net op it NK, mar wol op de Jong-Feinte. Mei de 4e edysje derby rekkene ha der 45 ferienings op de list stien. De folgende ferienings stienen alle 4 edysjes op de list: Dronryp, Easterein 1, Goutum, Makkum 1, Makkum 2, Reahûs-Turns, Rie, St. Jabik, Tsjummearum, Wommels 1, Wytmarsum 1.

 

Yn 2005 en 2006 wûn Wytmarsum (Jacob Zaagemans, Herman Sprik en Gert Jan Meekma) de Jong- Feinte. Yn 2007 wie it Makkum (Hendrik Jan v/d Velde, Hyltsje Bosma en Lennart Adema) dat de wikselpriis "De Sulveren Leest" yn ûntfangst nimme mocht. En yndie in soad talint yn it fjild hjoed en dêr ha we seker fan genietsje kinnen, mei fansels as grutte smaakmakkers de keatsers Gert Anne van der Bos fan Holwert en Gert Jan Meekma fan Wytmarsum. Formidabel wienen dizze twa jong feinten. Dêrmei wolle we oare keatsers perfoarst net te koart dwaan! Alle keatsers ha harren goed en sportyf sjen litten. Tige tank derfoar!

 

 

1e omloop

De Eastereinder partoeren kamen de 1e omloop net troch. Nei 5-1efter tsjin St. Jabik waard der ynhelle oante mei 5-5. Yn it lêste earst waard it 6-4 en sloech Pytrik út mar St. Jabik sloech werom yn it perk. Easterein 3 ferlear fan Reahûs Turns. Hja kamen nei 5-1 efter wol werom op 5-3 mar ferlearen dôchs. Easterein 2 stiet goed te keatsen tsjin Feiko en Simon en kamen sels op 5-4 foar. Doe op 5-4:4-6 fjouwer sitballen fan Feiko efter inoar. Op 5-5:6-4 slacht Danny, dy dêrfoar in prachtige sitbal pleatste, de bal foar. Wytmarsum wûn "ienfâldich" fan Boalsert, 5-1:6-4. Wommels wint mei deselde sifers fan Itens. Debutant Penjum soe tsjin Goutum keatse, mar dy hienen ôfsein troch in blessuer fan Hendrik Tolsma. Makkum 1 ferlear fan St. Anne. Mei in blessearre Rienk, in sike Hyltsje en mei Lennart koe de winner fan 2007 it net risse, 3-5:2-6.

 

Oare debutant Ingelum (Willem Bakker, Jan Bakker en Marinus Grond) koe it net risse tsjin de 2 fan Goaiïngea, 2-5:6-6. Holwert wint mei 3-5:4-6 fan Weidum dy goed partij jou! Meast spannende partij wie Wjelsryp tsjin Tsjummearum, 4-5:6-6. Op 4-5:4-6 slacht Hans de bal fier boppe en wurdt it noch 6-6, dêrnei in keats by de middelline. De partij wurdt mei in boppeslach fan Jurjen útmakke. Makkum 2 wint ferrassend fan Hartwert. De opslach fan Hartwert wie ferrassend 'min'. De mannen kamen net lekker yn harren spul en moasten mei 5-3:6-0 ôfskie nimme. Ek Dronryp kaam sûnder keatsen troch de 1e omloop, want Wynaam wie der ek net troch in blessuer fan ien en fakânsje fan in oare. Rie kaam der net oan te pas tsjin Berltsum, 1-5:2-6.

 

1 Wytmarsum - 2 Boalsert 5-1:6-4
3 St. Jabik - 4 Easterein 1 5-5:6-4
5 Wommels - 6 Itens5-1:6-4
7 Penjum - 8 Goutum 5-0:6-0
9 Makkum 1 - 10 St Anne 3-5:2-6
11 Ingelum - 12 Goaiïngea 2-5:6-6
13 Easterein 3 - 14 Reahûs-Turns 3-5:2-6
15 Weidum - 16 Holwert 1-5:4-6
17 Tsjummearum - 18 Wjelsryp 4-5:6-6
19 Makkum 2 - 20 Hartwert 5-3:6-0
21 Dronryp - 22 Wynaam 5-0:6-0
23 Easterlittens - 24 Easterein 2 5-5:6-4
25 Rie - 26 Berltsum 1-5:2-6

 

 

2e omloop

De twadde omloop is krekt klear (14:35 oere) en de earste priiswinner is bekend. Dronryp mei Marten v/d Leest, Jelmer Hornstra en Johan Diertens steane op in 3e priis yn de heale finale. Hja winne fan Easterlittens mei 5-2:6-4 doe't Feiko de bal foar sloech op in lytse keats. Wytmarsum kaam de twadde omloop troch tsjin St. Jabik. De partij waard efkes stil lein om't Jacob in bal, útslein troch Gert Jan, hurd yn it each krige. Lokkich koe hy fierder keatse, mar is nei de partij al efkes nei de húsarts west. Op 5-3:6-2 leit der in lytse keats dy Wytmarsum foarby moat. Martijn Hiemstra slacht op mar de bal hellet it perk net en Wytmarsum is troch.

 

Wommels komt maklik de twadde omloop troch ta koste fan de debutanten op de Jong-Feinte, Hendrik Brandsma, Joey Leeuwen en Anne Wind fan Penjum. St. Anne stiet 4-3 foar mar Goaiïngea hellet yn en op 5-4:6-2 slacht Sietse de keats foarby. Holwert wint mei 5-0:6-4 fan Reahûs-Turns. St. Anne en Goaiïngea meitsje der in spannende striid fan. St. Anne komt foar mei 4-3, mar Goaiïngea komt sterk werom en wint mei 5-4:6-2. Wjelsryp wint ienfâldich fan Makkum 2 mei 5-1:6-6.

 

1 Wytmarsum - 3 St. Jabik 5-3:6-2
5 Wommels - 7 Penjum 5-1:6-6
10 St Anne - 12 Goaiïngea 4-5:2-6
14 Reahûs-Turns - 16 Holwert 0-5:4-6
18 Wjelsryp - 19 Makkum 2 5-1:6-6
21 Dronryp - 23 Easterlittens 5-2:6-4
26 Berltsum

 

 

3e omloop

Berltsum nimt bretaalwei in 4-1 foarsprong. Op dat stuit giet Jacob bûten perk en komt Klaas der yn en slacht ek op. Hja komme werom nei 4-4 en op dy stân en 6-6 slacht Frederik de bal krekt bûten, 4-5. Dan komt Berltsum knap op in 6-0 foarsprong, mar Wytmarsum lûkt dat rjocht en op 6-6 slacht Frederik op, djip efteryn, mar Gert Jan wit de bal oer Frederik boppe te slaan. Wommels keatst hyl degelik nei de heale finale troch Goaiïngea, dat it wol goed besocht, mei 5-1:6-6 te ferslaan. Erik makket de partij út mei in prachtige boppeslach.

 

Holwert en Wjelsryp meitsje der in moaie partij fan. Hja fermeitsje it publyk net allinnich mei it keatsen, mar ek mei it útdagen fan inoar mei ropperij. At Rudolf de opslach fan Jelmer fier boppe slacht raast hy sa lûd dat se him yn Holwert heare kinne... Op 5-3:6-6 slacht Gert Anne in strakke bal efteryn op Jurjen, duy de bal wol rekket mar fier kwea slacht. Sa stiet Holwert lykas ferline jier wer yn de heale finale.

 

26 Berltsum - 1 Wytmarsum 4-5:6-6
5 Wommels - 12 Goaiïngea 5-1:6-6
16 Holwert - 18 Wjelsryp 5-3:6-6
21 Dronryp

 

 

Heale finale

Wytmarsum en Dronryp stienen op 4-2 doe't Klaas de Vries, dy best stiet te keatsen, earst in sitbal slacht en in slach letter de bal keart foar de keats troch werom yn it perk te slaan. Gert Jan slacht fligend strak út, Johan Diertens wol de bal keare mar lit him fleane oer de boppe, 5-2. Op 6-4 in meter keats dy Dronryp foarby moat. Jelmer sil de bal foarby 'tikke' mar Klaas keart en Wytmarsum stiet foar de 3e kear yn de finale fan de Jong-Feinte. Holwert enWommels keatse ek dreech en yn it lêste earst jout de opslach fan Gert Anne de trochslach.

 

Op 5-2:6-2 siket hy Redmer foaryn op en dy kriget de bal net út it perk. Holwert foar it earst yn de finale! Wommels hat foar de twadde kear priis (yn 2005 de 2e priis mei opslagger Kees Adema) en Dronryp is in nije priiswinner op de Jong-Feinte. Mei 2 kear keatsen en 1 kear winne en in steand nûmer hienen hja it lot hjoed hielendal mei.

 

21 Dronryp - 1 Wytmarsum 2-5:6-4
5 Wommels - 16 Holwert 2-5:2-6

 

 

Finale

Holwert begjint geweldich oan de finale! Hja nimme in foarsprong fan 0-3:6-6, bûten Gert-Jan, 0-1:4-6, sitbal Gert Anne, 0-2:4-6, sitbal Gert Anne. Wytmarsum feroaret de opstelling troch Jacob yn it perk te setten en Klaas as balkearder, tûk yn it tuskenspul. Dizze taktyk holp, want hja kamen werom nei 3-3 en sels op 4-3 as Gert Jan de bal yn de beammen boppe slacht op 6-6. Op 4-3:0-6 is it Gert Anne dy boppe slacht en de stân is wer lyk. It perk fan Holwert mei Gert Anne en Rudolf lit neat sitte en it perk fan Wytmarsum besiket mei wiksels de druk op de opslaggers fan Holwert te hâlden.

 

As Gert Jan foaryn stiet en Jacob efteryn, falt de opslach fan Gert Anne op 4-4:4-6 krekt binnen de linen, wêr Jacob it oars miende te sjen (foar safier dat koe). It folgende earst komt Holwert efter mei 4-0, mar nei twa opslachfouten fan Gert Jan wurdt it 4-4. Op 4-5:4-6 leit der in lytse keats. Dit kear slacht Gert Anne foar it earst skeef (mar binnen de rigels) op en pleatst in geweldige sitbal en wint Holwert de 4e Jong-Feinte. Gert Anne van der Bos, Rudolf Soepboer en Jacob Soepboer binne de terjochte winners. Coach Erik Seerden is tige wiismei dizze unike priis. De Sulveren Leest giet foar in jier nei Holwert ta!

 

1 Wytmarsum - 16 Holwert 4-5:4-6

 

 

Priisútrikking

2008 JF Groep

Wylst frijwilligers drok oan it opromjen binne en de band har earst nûmers hearre lit, wurde tariedings dien foar de priisútrikking. Foarsitter Tjeerd Dijkstra giet de dei efkes by lâns en seit derby grutte tank oan frijwilligers, keatsers, publyk en alle oaren dy bydroegen ha oan dizze bysûnder slagge Jong-Feintedei op 23 july 2008. Fansels wurde earst de skiedsrjochters Johannes Joostema en Durk Houtsma nei foarren roppen en ûntfange in súvelpakket. Durk Houtsma is foar it earst op de Jong-Feinte en kriget ek it jubileumboek 'Bûkelje en boppeslaan' oer 100 jier keatsen yn Easterein. Ek de masseur wurdt tank sein mei in súvelpakket.

 

Dan de priiswinners. Dronryp, 3e priis. 1e omloop frij, 2e omloop 5-2:6-4, 3e omloop steand nûmer, 4e omloop ferlern fan Wytmarsum, 5-2:6-4. De jonges steane dan ek breed laitsjend mei de sulveren keatsballen en slúf. Wommels, 3e priis. Dijkstra seit dat Wommels der altyd 'stiet' yn wichtige wedstriden. NK, Freule, PC en ek op de Jong-Feinte. Foar de 2e kear priis, yn 2005 in 2e.

 

Foar de 3e kear stie Wytmarsum in de finale. Jacob en Gert Jan wûnen yn 2005 en 2006 mei Herman Sprik en no mei Klaas de 2e priis. Der binne moaie wurden foar dizze keatsers en hja wurde sukses winske op de PC. Under grut, terjochte applaus toane de mannen de prizen oan publyk en fotografen.

 

Holwert, Dijkstra seit dat Holwert hjoed terjochte winner wurden is fan de 4e Jong-Feinte. Earst komt de tútkommisje nei foaren. De trije jonge fammen stelle har op mei de krânsen foar de jong feinten en hingje har de krânsen om de nekke mei fansels dikke túten derby. De mannen krije dêrnei de sulveren keatsballen omhongen, de slúf mei jild, dan in nije 'priis', in slúf mei frijkaarten foar muzykbands yn it winterskoft by Kafe Bergsma.

 

Dan kriget Jan Hiemstra, stiper fan de Sulveren Leest, it wurd. Foar hy de wikelpriis oerlanget oan de grutske Erik Seerden, docht hy efkes koart it ferhaal dat hy Erik syn heit koe, dy ek yn de skuonhannel siet, lykas Jan syn heit werfoar yn neitins de Sulveren Leest is betocht. En it is ek moai seit Jan, dat de iene Frjentsjerter de oare dizze priis jaan mei. De priiswinners en de begelieder toane har oan it publyk en de wurdearring foar de prestaasje hjoed is grut sjoen it hertlik applaus.

 

2008 JF Holwert1e 

1e priis: Holwert (Gert Anne vd Bos, Jacob Soepboer en Rudolf Soepboer)
Wikselpriis De Sulveren Leest

2008 JF Wytmarsum2e

2e priis: Wytmarsum (Klaas de Vries, Jacob Zaagemans en Gert Jan Meekma)

2008 JF Wommels3e

3e priis: Wommels (Eeltje Postma, Redmer Strikwerda en Erik Haitsma)

2008 JF Dronryp3e
3e priis: Dronryp (Marten vd Leest, Johan Diertens en Jelmer Hornstra)

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters