Ferslaggen
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

28 july, de 6e edysje fan de JongFeintepartij

 

Op dizze edysje fan de JongFeinte krigen de trije JongFeinten fan Tsjummearum de krânsen omhongen fan de trije JongFammen fan Ie. De 4e woansdei fan july, wie in prachtige JongFeintedei. Alles op ien fjild, it waar siet geweldich mei. Foar de nije foarsitter Germ Kooistra syn earste JongFeinte en tegearre mei syn bestjoer makke hy der mei de keatsers, publyk, bestjoer, skare frijwilligers (± 75) en skiedsrjochters in tige slagge dei fan.

 

 

Om de prachtich ynrjochte keatsarena in loftkessen foar de bern, de partytenten foar it ‘skûljen’ as smûk sitte, it kreamke fan AB Fryslân, wêr de keatsers terjochte koenen foar in presintsje en in gesprek oer wurk en dat lêste barde ek! Neist de bestjoerswein dit kear ek in parsewein, dy oan it ein fan de dei brûkt waard, doe ferslachjouwers fan De Skille en Friesch Dagblad plaknommen. Mei in dikke 200 beteljende besikers kamen we op sa’n 400 minsken op it fjild. Oan it begjin daliks in pear kreakers fan partijen, dat om 11.00 oere moasten je der ek wêze. De measte útnoege stipers en gasten wienen der.

 

Sa kaam de bûnscoach Tjalling v/d Berg op de racefyts fan Hearrenfean nei Easterein. We krigen nei ôfrin kompliminten en in pear prima tips foar ferbettering fan guon saken. Dêrnei genietsje fan ‘Splendid’. Dit twatal hat mei prachtige muzyk de Jong- Feinten, Jong-Fammen, Ald-Feinten en Ald-Fammen tige fermakke en in noflike neisit en -dûns besoarge. Skiedsrjochters Durk Wierstra en Rients Braaksma wize tsjin alven de karmasters harren plak ta en yn de twa fjilden mei 3 perken gie de striid om de ‘Sulveren Leest’ los.

 

Yn 2010 24 partoeren, gelyk as 2006. De oare jierren 26 partoeren. Easterein stie mei twa partoeren op de list, lykas Makkum. Wjelsryp kaam sels mei trije partoeren en dat is net sa gek, want it libbet der geweldich. In moaie list, al misten we ferskate oansprekkende en kâns- hawwende partoeren. De winner fan 2009, Holwert, wie der net, lykas Stiens, Minnertsgea, Hartwert, Holwert, Skettens, Eksmoarre, Damwâld, Grou, Morra-Lioessens, Frjentsjer, Berltsum en Lollum, allegear wol op de Jong-Nederlân. De fiif debutanten yn 2010 wienen Bitgum, Deinum, Seisbierrum-Pitersbierrum, Wjelsryp 2 en Wjelsryp 3.

 

Sa binne der no 45 ferskate ferienings op de Jong-Feinte west. Tsjummearum, Makkum 1, Dronryp, St. Japik, Easterein 1 en Wommels 1 dienen alle 6 kear mei. Yn 2005 en 2006 wûn Wytmarsum. Yn 2007 Makkum en yn 2008 en 2009 Holwert.

 

 

1e omloop

Easterlittens wint fan Eanjum, nei 3-5 efter. Op 4-5:4-2 slacht Feiko twa sitballen, 5-5. Eanjum komt 0-4 foar, mar nei boppeslaggen fan Simon en Feiko is it 4-4. Dan slacht Sip Jaap de bal foar en nei in boppeslach fan Simon winst foar Easterlittens. Makkum tsjin Tsjummearum wie in moaie partij, ek ferbaal. De earste 6 earsten wurde om en om ferdield. Op 3-3:6-6 slach Arnold in sitbal, 3-4. As Hans op 6-2 de bal net reitsje kin nei de opslach fan Daniel is it 4-4. Lennart slacht op in skjin earst foar Tsjummearum de keats net foarby, 4-5. Op 4-6 slacht Daniel de bal bûten en is Makkum der ôf.

 

Easterein 1 (Danny Roos, Jelte Pieter Dijkstra en Bauke Dijkstra) wint fan debutant Bitgum, 1-5:4-6. Easterein 2 (Ids de Boer, Sytze Kooistra en Ewout de Boer) komme 1-2 foar, mar Wommels komt op slach en wint mei 5-2. Harns en Ternaard meitsje der in moaie partij fan en Harns wint ferrassend nei in boppeslach op 5-3:6-2. Meast lûde partij wie Wjelsryp 2 tsjin Wjelsryp 1. De mannen makken aardich sfear en Wjelsryp 1 wint nei in djippe sitbal fan Jelmer.

 

Dronryp begjint sterk mei in oerwinning op Goaiïngea (sûnder Sietse Kuipers, mei Thomas Sybesma as ferfanger). Fan twa oare debutanten, Seisbierrum en Deinum, falt de partij yn it foardiel fan Seisbierrum, 5-1:6-0. St. Anne wint maklik fan Wynaam dy sûnder Brandt de Vries keatsten. Boalsert kaam de 1e omloop troch sûnder te keatsen, want Weidum koe net mei dwaan. Wjelsryp 3 wint fan St. Japik mei 5-2:6-6.

 

1) Easterlittens - 2) Eanjum 5-5:6-4

3) Makkum - 4) Tsjummearum 4-5:4-6

5) Goaiïngea - 6) Dronryp 1-5:4-6

7) Wommels - 8) Easterein 2 5-2:6-2

9) Bitgum - 10) Easterein 1 1-5:4-6

11) Itens - 12) Makkum 2 1-5:2-6

13) Seisbierrum - 14) Deinum 5-1:6-0

15) Harns - 16) Ternaard 5-3:6-2

17) St. Anne - 18) Wynaam 5-1:6-2

19) Wjelsryp 2 - 20) Wjelsryp 1 1-5:4-6

21) Boalsert - 22) Weidum 5-0:6-0

23) Wjelsryp 3 - 24) St. Japik 5-2:6-6

 

 

2e omloop

Easterlittens wûn knap de 1e omloop, mar kaam tekoart tsjin Tsjummearum, 1-5:6-6. By Easterlittens wie Grietzen Broersma der net, hy wie blessearre en waard ferfongen troch Ruben Bonhof. Dronryp stie 1-4:6-6 efter tsjin Wommels doe hja op 2-4 kamen nei in weromslach yn it perk. Se pakke dêrnei ek 2 earsten (6-6, 6-0) en komme gelyk, 4-4. Dronryp pakt ek de 5-4 en op 6-0 slacht Redmer de keats net foarby. Easterein 1 ferlear fan Makkum 2. Op 2-5:2-6 koe it oer wêze, mar Hendrik Jan hie de bal te lang yn de hannen by it kearen, 3-5. Easterein hellet de 5-5, mar op 5-5:4-4 slacht Jelte Pieter earst foar en dêrnei bûten.

 

St. Anne tsjin Wjelsryp wie in toppartij. Wjelsryp hie miskien ferbaal har krûd fersketten tsjin Wjelsryp 2, want it foel wat stil. St. Anne keatst degelik nei de winst. Jelmer weage op 5-4:6-4 in djippe bal, mar dy foel krekt kwea. Boalsert koe dan ek keatse, mar tsjin Wjelsryp 3 wie it dreech genôch. Jurjen Pieter luts it partoer en sloech prima op. Se ferlieze op 5-3:6-2 as de keats net foarby slein wurdt.

 

1) Easterlittens - 4) Tsjummearum 1-5:6-6

6) Dronryp - 7) Wommels 5-4:6-0

10) Easterein 1 - 12) Makkum 2 5-5:4-6

13) Seisbierrum - 15) Harns 1-5:6-6

17) St. Anne - 20) Wjelsryp 1 5-4:6-4

21) Boalsert - 24) St. Japik 5-3:6-2

 

 

3e omloop

De earste finalist is St. Anne mei Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jeroen Westra. Hja winne mei 5-3:6-4 fan Boalsert mei Peter van Zuiden, Peter Nieuwenhuis en Thomas van Zuiden. Oant 3-3 hâlde de partoeren elkoar yn lykwicht. Der wurdt goed keatst en de mannen binne oan elkoar weage. Op 6-0 kin St. Anne de keats net foarby, 4-3. It fiifde earst ek foar St. Anne as Boalsert der net yn slacht om de keats foarby te slaan. Sjoerd slacht foar bêst op en pleatst earst in sitbal en slacht dan in bal werom yn it perk, 4-0. Thomas slacht boppe en makket 4-2. De 1e keats is foar St. Anne, Sjoerd foarby. De 2e keats foar Boalsert, Pieter net foarby. Op 6-4 slacht Thomas de bal krekt bûten.

 

Tsjummearum wint oertsjûgjend fan Dronryp mei Marten v/d Leest, Jan Dominicus v/d Wal en Johan Diertens. Nei twa kear in 3e priis (2008, 2009) no der ôf foar de prizen. Makkum 2 wint fan Harns. Rienk Veltman, Hendrik Jan v/d Velde en Steven van Gorssel winne mei 5-4:6-0 fan de jonge ‘seunen’ Steven Breimer, Dylan Drent en Sven Helvrich.

 

4) Tsjummearum - 6) Dronryp 5-2:6-2

12) Makkum 2 - 15) Harns 5-4:6-0 17)

St. Anne - 21) Boalsert 5-3:6-4

 

 

Heale finale

Foar Tsjummearum, lykas yn 2009, in finaleplak nei winst op Makkum 2. Foar Makkum 2 wie Tsjummearum in maatsje te grut, 5-2:6-2. Makkum 2 kamen yn de heale finale troch winst op Itens, ferrassende winst op Easterein 1 en op Harns. Foar Makkum 2 in moaie 3e priis op de Jong-Feinte. Tsjummearum fersloech Makkum 1, Easterlittens en Dronryp. St. Anne wûn dus fan Wynaam, wûnen knap fan Wjelsryp1, doe fan Boalsert en kamen nei in steand nûmer yn de finale.

 

4) Tsjummearum - 12) Makkum 2 5-2:6-2 17) St. Anne

 

 

Finale

Tsjummearum wint de 6e edysje fan de Jong-Feinte. De finale brocht net hielendal wat elts ferwachte hie, mar it begjin wie moai. Foar de finale wurdt it Frysk folksliet songen. We wurde dêrby begelieden troch Johannes Dijkstra op trompet, in prachtich gelûd! St. Anne pakt de lieding as Hans kwea útslacht. Arnold slacht syn útsleine opslachbal sels werom yn it perk, 1-1. Dan pakt Tsjummearum twa earsten en nimt mei 1-3 de lieding.

 

It spul kenmerket har troch foaral hurd opslachwurk en in soad slaan op de boppe en dat slagget ek in soad. Opfallend wie it tûke tuskenspul fan Pieter Jan wat we einliks de hiele dei wol sjoen ha. St. Anne komt op 2-3 as Sjoerd de bal op de lofterhân slacht fan Steven en dizze de bal heal rekket sadat it in sitbal wurdt. Mar dêrnei is it Tsjummearum dy trochset, einliks ek mei help fan St. Anne, pakke se twa skjinne buordsjes. De 2-5 komt as Sjoerd trije kear bûten slacht mei in 0-2 efter.

 

Ek it lêste earst is skjin en mei in sitbal fan Arnold, oer de hiele dei geweldich opslein, wurdt Tsjummearum de winner fan de sechsde Jong-Feinte. Steven fersoarge goed de twadde opslach en Hans wie sterk yn it efterperk en op de boppe. Se keatsten hjoed konsintrearre en hienen net in maklik paad nei de finale (Makkum, Easterlittens, Dronryp, Makkum 2). St. Anne wie hjir ferline jier noch winner fan it NK Jonges en no in 2e priis op de Jong-Feinte. Makkum 2 keatste har nei in moaie 3e priis ta.

 

17) St. Anne - 4) Tsjummearum 2-5:0-6

 

 

Yn 2010 wint Tsjummearum mei Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar, mei begelieder Wim Seepma, de Jong-Feinte. In prima prestaasje sjoen de ferienings wêr se fan wûn ha. De kreaker tsjin Makkum (4-5:4-6), Easterlittens (1-5:6-6), Dronryp (5-2:6-2), Makkum 2 (5-2:6-2) en yn de finale St. Anne (2-5:0-6). Alle edysjes dielnaam en de ‘Sulveren Leest’ no nei Tsjummearum. De krânsen waarden dus omhongen troch de trije Jong- Fammen fan Ie, Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. Ie wûn de Jong-Fammen yn Mantgum en wienen troch Easterein útnoege. De Jong-Feinten wienen der tige mei ynnommen.

20100728 JF HB Groep 

Jan Hiemstra rikke de ‘Sulveren Leest’ út oan begelieder Wim Seepma en naam dy mei de kompliminten yn ûntfangst. Dizze jonge feinten ha de hiele dei konsintrearre keatst. Foaral de wedstriid tsjin Makkum makke yndruk. Arnold syn opslach rûn prima. Steven fersoarge goed de twadde opslach en toande him in betroubere foarynse. Sterk efteryn en op de boppe, Hans Wassenaar. We kinne net sizze wa de motor fan it partoer is, want elts is goed yn syn eigen funksje. De prestaasjes yn it ferline (winst op Bûnspartijen foar jonges pupillen, skoaljonges en jonges en winst op de Freule en yn 2010 op de Jong Nederlân) en de winst op de Jong-Feinte soenen no wol in garânsje wêze kinne foar sukses yn de takomst foar dit slútende partoer.

20100728 JF HB 4 

En ek twa nije priiswinners. Makkum 2 mei Rienk Veltman, Hendrik Jan v/d Velde en Steven van Gorssel winne de 3e priis. Se winne fan Itens (1-5:2-6), Easterein 1 (5-5:4-6) en Harns (5-4:6-0) en ferlieze fan Tsjummearum (5-2:6-2). St. Anne wie ferline jier winner fan it NK Jonges yn Easterein en no in 2e priis op de Jong-Feinte. Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat en Jeroen Westra ha mei begelieder Keizer wûn fan Wynaam (5-1:6-2), Wjelsryp 1 (5-4:6-4), Boalsert (5-3:6-4) en doe, nei in steand nûmer, ferlern yn de finale fan Tsjummearum (2-5:0-6). Nei in reinige edysje yn 2005, in smoarhjitte yn 2006, no al fjouwer jier prachtich waar op de Jong-Feintedei. De belangstelling fan it publyk bliuwt geweldich.

 

 20100728 JF HB 1

1e priis: Tsjummearrum (Arnold Zijlstra, Steven de Bruin en Hans Wassenaar) Wikselpriis De Sulveren Leest

20100728 JF HB 2 

2e priis: St. Anne (Sjoerd de Jong, Pieter Jan Plat, Jeroen Westra)

20100728 JF HB 3 

3e priis: Makkum 2 (Rienk Veltman, Hendrik Jan v/d Velde, Steven van Gorssel)

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters