Federaties
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

De opjefte wie net hiel grut dizze kear. At dat no komt omdat der safolle oare dingen wiene of dat der tefolle keatspartijen binne, of omdat der NK's binne, witte we net. We sile der yn it winterskoft ris efkes oer gear hoe we dit oanpakke sille. Yn elts gefal koe der keatst wurde yn trije klassen. It waar koe wat better, der binne ferskiedene droege shirts ophelle. 

20140705 Okkemapartij 1

(Klik op foto foar GRUT eksimplaar)

 

Froulju A/B

By de froulju ha we de A en B-klasse byelkoar set en dêr koene we los mei 7 partoer yn in gewoane list. De earste priis yn de ferliezerrûnte is wûn troch Karin Sjaarda, Vera de Vries en Tineke Kamstra.

 

Yn de winners kamen partoer 3 en 7 tsjin oer elkoar te stean. Hjir hat partoer 7 de twadde priis wûn: Regien Sandstra en Hester Kingma. Dat betsjutte dat partoer trije mei de hagen ei hûs gie: Serriette Strikwerda, Femke Hylkema en Richtsje Strikwerda.

 

Manlju B/C

By de manlju B en C jilde it selde as by de froulju. De klassen binne byelkoar set en doe wienen dêr ek 7 partoer. De earste ferliezers is wûn troch Stefan van Krimpen, Tom Couperus en Hendrik Okkema.

De twadde yn de winners wienen Hans Kooistra, Jan Vellinga en Jouke de Jong. De krânse is omhongen oan Johan Wittermans, Anne Brouwer en Redmer Strikwerda.

 

Manlju A

By de manlju A stoenen mar 2 partoer op de list. Nei kontakt mei de mannen waard der besletten om de mannen trije kear yn in list te setten en ien krâns en twa prizen beskikber te stellen. De mannen ha der tink ik efkes oer hân en tochte der oars oer. Se ha trije kear tsjin elkoar keatst en de wa at dêr fan wûn makke ûnderling wol út wa at de hage mei nei hûs nimme mocht.

 

De earste kear wûn Jaap Toering c.s. mei 5-4. De twadde kear wûn Danny Roos c.s. mei 5-4. Dus de "finale"gie los. Dêr waard it 5-5 6-6. Troch in sitbal fan Jaap Toering waarden Jaap Toering, Skelte Anema en Tjipke Klaas Okkema de winners. Mei de priisútrikking wie der in ferrassing foar de mannen. Der lei noch ien krâns op de tafel.

Doe't Mattie die fan de tafel pakte die bliken dat hy yn trije stikjes ferdielt wie, sadat alle trije in stikje grien mei nei hûs naam ha. 

 

Al mei al wie it wer in gesellige dei en we tankje Okkema leanbedriuw nochris foar de al jierrenlange stipe die se oan dizze partij jouwe!!

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters