KNKB
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

1e Frije formaasje oerwinning foar Lisette, Leonie en Fenna yn Easterein.

 

Sportpark "De Skoalleseize " yn Easterein wie snein 16 juni 2013 it dekor foar de froulju haadklasse ûnbeperkt. Untank de hurde wyn dy't dwers oer it fjild stie wienen de omstannichheden goed om te keatsen. Under lieding fan Marinus Grond en klupskiedsrjochters Sipke Hiemstra en Tjeerd Dijkstra begûn 11:00 de partij. Der wienen 19 partoeren en it waard in dei mei in soad spannende partijen en mei ferrassings.

 

 

Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma komme as earsten yn de heale finale. Se begûnen de dei mei winst op de drege tsjinstanner, it partoer fan Nynke Sybrandy, Maaike Osinga en Wiljo Sybrandy. Beide partoeren kamen goed út de startblokken en joechen elkoar neat ta. Joukje c.s. nimme in foarsprong fan 4-2 (nei de stân fan 2-2) en it wurdt sels 5-2. Op 5-2:6-2 mist Nynke it perk.

 

De 2e omloop tsjin Marije Hiemstra, Imke van der Leest en Bianca van der Veen. Ek wer in sterk partoer, mar nei de 1-1 rinne Joukje c.s. út nei in 3-1 foarsprong. Marije, Imke en Bianca besykje noch wol de partij te kanteljen in harren foardiel, mar sjogge it ferskil grutter wurden, 4-1, 5-1. Mar it wurdt noch 5-2 en sels 5-3, mar op 5-3:6-6 slacht Imke de bal kwea op. Joukje c.s. komme mei in steand nûmer yn de heale finale.

 


Dêr treffe se Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra dy't de 1e omloop fan it famkespartoer mei Louise Krol, Sjanet Swijnia en Sandra Hofstra winne. Mar dat gie net fansels! De famkes jouwe aardich striid en de famkes nimme sels in spul foarspong. As de partoeren gelyk, 3-3, stean dan is it der op en der oer foar Lisette c.s. Op 5-3:6-4 slacht Fenna de keats foarby en komme se op de 2e list tsjin Rianne Vellinga, Marike Beckers en Miranda Scheffer.

 

It ferskil tusken Lisette c.s. en Rianne c.s. is hjoed te grut, docht bliken. Op 5-0:6-2 slacht Rianne bûten en komme Lisette c.s. op de 3e list. Der stiet it partoer fan Nelie Steenstra, Klasine Huistra en Geke de Boer klear. Ek dit partoer kin gjin potten brekke tsjin Lisette c.s. en Lisette c.s. winne mei 5-1:6-0.

 

 

De earste finalist is it partoer fan Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra. Mei in steand nûmer op de fjirde list komme hja yn de finale. Se soargen yn 1e omloop foar in ferrassing troch twa kear nei in efterstân werom te kommen (3-0, 5-3) en winne úteinlik mei deeglik keatsen fan Nicole Hempenius, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga. Op 5-5:6-4 slacht Sietske wer goed op en de bal wurdt troch Renske kwea slein.

 


Yn de 2e omloop komt team Okkema yn aksje tsjin harren trainingsmaten, team Grondnet mei Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra. In moaie striid en de beide formaasje binne oan elkoar weage. By 2-2 witte Sietske, Anke en Jelien de touwtjes yn hannen te nimme en rinne nei in 4-2 foarsprong. Dêr't Sietske, Anke en Jelien de bêste omloop fan de dei keatse, dêr dogge Sanne, Mariska en Anke Marije harren sels tekoart. As Sietske c.s. de keats pakke op 5-2:6-4 winne se partij.

 


Dêrnei moatte se tsjin Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Marije vd Meer dy't ferrassend winst hellen op Iris van der Veen met Sjoukje Visser en Manon Scheepstra, 5-3 6-4. Ek dit is wer in moaie striid, al wurde der in soad opslachfouten makke oan beide kanten. Tineke mei Judy en Marije nimme de lieding mei 1-3. Sietske, Anke en Jelien komme dan mear yn de wedstriid en knokke har werom nei 3-3. Se kantelje de wedstriid hielendal en nimme in foarsprong fan 4-3 voorsprong. It wurdt dan 4-4, mar op 5-4:6-0 slacht Sietske in moaie sitbal en de finale is in feit.

 

 

De heale finale giet dus tusken Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis en Harmke Siegersma tsjin Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. In moaie striid wêryn goed keatst wurdt en ferbaal de froulju ek it nedige heare litte. Nei twa kear 6-6 hinget er in spul foar Lisette c.s. (Joukje bûten, 0-1 en boppe fan Fenna, 0-2). De sitbal fan Lisette op 0-2 2-6 bestjut sels in 0-3 foarsprong. As de opslachbal fan Joukje op 0-3:4-6 ek bûten it perk giet is it al 0-4.

 

Joukje c.s. komme werom op 1-4 en Joukje keart de bal foar de kaats op de 1-4 6-4 en krije it spul. It wurdt 5-2 as de bal op 6-4 kwea opslein wurdt. Mar wer in 6-6 op de tillegraaf en no slacht Leonie kwea, 3-5. As Fenna op 3-5:6-6 de bal foar de keatst keare kin is de finale berikt en it partoer is út de skroeven.

 

 

Yn de finale komt it partoer fan Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra tekoart tsjinoer Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Se besykje it wol mar ha foaral gjin goed antwurd op de opslach fan Lisette. Fenna slacht de keats foarby op 4-6 en it is 0-1. Mar mei de goede opslach fan Sietske twingt sy Fenna ta in kweaslach op 0-1 6-4 en de stân is wer gelyk. Mar dêrnei giet ut hurd en op 1-5:6-6 makket Lisette de partij út mei de safolste knappe sitbal. Trije moaie priiswinners dy't allegear hjoed ferrassend en goed keatst ha.

 

Priiswinners

20130616 HH HaadklasseFr 1e Prijs Easterein1

1. Fenna Zeinstra. Lisette Wagenaar, Leonie vd Graaf

20130616 HH HaadklasseFr 2e Prijs Easterein

2. Jelien Pompstra, Anke Winkel, Sietske Okkema

20130616 HH HaadklasseFr 3e Prijs Easterein

3. Joukje Kuperus, Feikje Bouwhuis, Harmke Siegersma

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters