KNKB
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

20130811 Easterein Manlju1eklasseff

De heale finale gie tusken Johan Abma, Gerrit Flisijn, Jan Hospes en Menno van Zwieten, Hans Wassenaar, Folkert van der Wei. Neidat Johan c.s. yn de earste 2 omlopen wûn hiene fan resp. Site Ferwerda c.s. en Haye Jan Nicolay c.s.en yn de 3e omloop in steand nûmer hiene, koene se it net rêde tsjin Menno van Zwieten c.s. (1e omloop winst op Sybrand van der Wey c.s., 2e omloop steand nûmer en 3e omloop winst op Johan Diertens c.s.), getúge de sifers 5-1/6-6.

 

Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Peter de Boer berikten de finale troch winst op resp. Jan Sipke Tuinman c.s., Gosse Beeksma c.s., Arnold Zijlstra c.s., yn de heale finale hiene sy in steand nûmer.

 

Nei in spannende finale waard de winst pakt troch Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Peter de Boer, sy wûnen mei 5-4/6-4. Johannes c.s. pakten rap in foarsprong fan 5-1, mar nei in tal opslagfouten oan de kant fan Johannes c.s. én knap op -en útslagwurk fan mei namme Folkert waard it samar 5-4 en kamen Menno van Zwieten c.s. werom yn de striid. Yn it lêste earst sloech Folkert bûten op de stân 6-4, sa giene de krânsen nei Johannes, Kees en Peter.

 

Op in inkele (flinke) bui nei ha wer in prachtige keatsdei yn Easterein hân. Mei tank oan alle frijwilligers én stiper Drukkerij van der Eems!

 

 

1e priis Johannes van der veen Kees van der Schoot Peter de Boer

2e priis Menno van Zwieten Hans Wassenaar Folkert van der Wei

3e priis Johan Abma Gerrit Flisijn Jan Hospes

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters