KNKB
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Yn Easterein hjoed de froulju 1e klasse te gast yn in t.i.l.-wedstriid mei 14 partoeren. Partoer 14 hie mar 2 dielnimmers, dat der moast in oantal kearen bylotte wurde. En om't de froulju yn de ferliezersronde der fûleindich om keatst ha, wienen we ek krekt nei 5 oere út.

 

Yn de winnersronde kamen Freerkje Walsma, Elma Breeuwsma en bylotte Melissa Riaanne Hiemstra tsjin Nynke Sinnema, Pytrik Visser en Bianca vd Veen yn de heale finale. Nynke endy wûnen dat mei 1-5:4-6.

 

De oare heale finale gie tusken Anna-Brecht Bruinsma, Maaike Osinga en Margriet Bakker tsjin Elly Hofman, Mariska Hoogland en Jildou Sweering. Dit waard in 5-1:6-6 oerwinning foar it op papier al sterke partoer fan Anna-Brecht endy.

 

Dy wûnen dan ek de finale mei 2-5:4-6 fan Nynke Sinnema endy. Op dy stân sloech Nynke de bal bûten. In fertsjinne oerwinning foar Anna-Brecht, Maaike en Margriet.

 

 

Yn de ferliezersronde gie de finale tusken MarieJetske Lettinga, Anke Winkel en Everdyna de Haan. Hja hienen al efkes stien te wachtsjen en wûnen mei 5-1:6-2 fan Boukje Houtsma, Marit Kuperus en Gabriële Bouma. Opfallend wie dat sawol Marie Jetske as Everdyna opslaggers binne, mar Marie Jetske ek foaryn har plakje mear as skjinmakke. Ek opfallend dat by de tsjinstanner twa foarynsen stienen, Marit en Gabriële. De lêste sjogge we net in soad op dizze wedstriden mar op en út die se it prima.

 

In spesjaal wurd fan tank oan ús 'klupskiedsrjchter' Theo Kuipers fan Mantgum. By de frouolju hienen we twa fjilden mei 3 perken En by de pupillenfamkes ek. Dus 4 fjilden en allinnich Jan Bakker as offisjele skeids. Theo Kuipers, Rene Velzen en Oebele Anema ha ús foartreflik holpen!

 

Utslach

20140614 Easterein KNKBFroulju1eklasse1 

1. Anna-Brecht Bruinsma, Maaike Osinga, Margriet Bakker

20140614 Easterein KNKBFroulju1eklasse2

2. Nynke Sinnema, Pytrik Visser, Bianca vd Veen

20140614 Easterein KNKBFroulju1eklasse3

3. Freekje Walsma, Elma Breeuwsma, Melissa Rianne Hiemstra

3. Elly Hofman, Mariska Hoogland, Jildou Sweering

 

Ferliezersronde:

20140614 Easterein KNKBFroulju1eklasseF1

1. Marie Jetske Lettinga, Anke Winkel, Everdyna de Haan

20140614 Easterein KNKBFroulju1eklasseF2

2. Boukje Houtsma, Marit Kuperus, Gabriële Bouma

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters