KNKB
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Mei in list fan 17 pertoer yn de ôfdieling gienen de famkes om 10 oere los. Nei de earste omloop gie de ôfdieling fierder mei 9 pertoer en kamen der 12 pertoer yn de opstap. Dizze famkes keatse yn twa-tallen.

 

By de ôfdieling waard der geweldich keatst. Wat in talint sit derby. De froulju earste klasse kinne harren mar klear meitsje at dizze froulju sa fier binne. Se ha fêst wolris efkes stiekem sjoen op it fjild nêst harren. De prizen binne as folgt:

 

1e priis: Easterein: Corrie Kroondijk, Nynke Paauw, Roelie Kroondijk

20140614 Easterein PupillenfamkesTeam

2e priis: Makkum: Indy Tuinier, Larissa Smink, Anouk Smink

3e priis:Winsum: Jeltine Meulenaar, Marlies Bonnema, Anna Rob

 

20140614 Easterein KNKBFamkespupillen 

Bij de opstap foel op dat yn dizze finale ek pertoer 3 en 12 yn de finale stienen.
Der waarden de prizen as folgt ferdield:

 

1e priis: Esmee de Groot, Koarnjum en Silke Heinsma, St Anne

2e priis: Machteld Veldman, Easterein en Jeanet Bakker, Berltsum

3e priis: Dian Dijkstra, Jirnsum en Marrit Meijer, Wommels

 

We ha in prachtige dei hân mei help fan in hiele protte frijwilligers. Wol bisûnder te fermelden dat der nêst ús eigen fertroude skiedsrjochter René Velzen help hân ha fan twa skiedsrjochters út Mantgum, te witten Kuipers en Anema.Dizze mannen wolle we graach nochris tige tank sizze.

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters