KNKB
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Hjoed de manlju 1 klasse f.f. op besite yn Easterein. Op inkele reinbuien nei gie it lokkich noch prima mei it waar. Mei 17 partoer op de list giene we om 11.00 oere los.

 

De heale finale gie tusken Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Patrick Scheepstra (winst op resp. Remmelt Bouma c.s., Gosse Beeksma c.s. en 3e omloop steand nûmer) en Jelle Attema, Jan Sipke Tuinman, Hillebrand Visser (ferfanger foar Lennart Adema). Sy hiene yn de 1e omloop in steand nûmer en troch winst op resp. Jaap Toering c.s. en Marten Bergsma c.s. berikten sy de heale finale. Nei in spannende striid, yn dizze heale finale, gie de winst mei 5-4/6-6 nei it partoer fan Jelle Attema c.s..

 

It partoer fan Willem Heeringa (yn 2e omloop foar de ôfwêzige Arnold Zijlstra ynfallen), Johan Diertens, Tsjerk Elsinga) hie in steand nûmer yn de heale finale nei winst op resp. Bart Reijenga c.s., Enno Kingma c.s. en Peter van Zuiden c.s..

 

Yn de finale wiene Jelle Attema c.s. te sterk foar Willem Heeringa c.s., se wûnen mei 5-2/6-6.

 

Om goed 18 oere koene de krânsen en prizen útrikt wurde. Mei tank oan alle frijwilligers en stiper Drukkerij van der Eems ha we wer in moaie keatsdei hân yn Easterein!

 

1e priis: Jelle Attema, Jan Sipke Tuinman en Hillebrand Visser

2e priis: Willem Heeringa, Johan Diertens en Tsjerk Elsinga

3e priis: Menno van Zwieten, Kees van der Schoot, Patrick Scheepstra

20140810 Easterein Manlju1eklasff

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters