Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Sparje munten foar Keatsferiening Easterein mei de Poiesz Jeugd Sponsor-aksje!

 

 

 

 

Fan moandei 12 febrewaris oant en mei snein 8 april dogge wy wer mei oan de Poiesz Jeugd Sponsor-aksje.

 

Elke klup hat wol in ferlanglist en sa ek KF Easterein: ynvestearje yn jeugdaktiviteiten!

 

It is de bedoeling dat te dwaan mei de opbringst fan de Poiesz Jeugd Sponsor-aksje. Dêrom moedigje we jimme oan om de boadskippen by Poiesz te dwaan en dêrmei Jeugd Sponsor Munten te sparjen.

 

Troch de munten yn de koker te dwaan fan Keatsferiening Easterein helpe jo/jim ús! Ekstra munten wurde útjûn by spesjale oanbiedings sadat de klanten fan Poiesz Supermarkten ek nochris foardiel ha op harren boadskippen. Hjirfoar ha wy in spesjale 'Poiesz bestel mar app' yn it libben roppen. Hjir stean yntusken al 31 minsken yn mar dêr kin fansels noch mear by!

 

Hoe wurket de app:

  • Wy (it haadbestjoer) sille eltse wike melding meitsje fan de oanbieding fan de wike yn de 'Poiesz bestel mar app'
  • Jim joue jim bestelling troch fia dizze app
  • Wy joue de bestelling troch oan de Poiesz en helje de bestelling op
  • Wy soargje der foar dat de munten yn de koker fan ús keatsferiening komme
  • Op in ôfsprutsen tiidstip kin de bestelling ôfhelle wurde by ien fan de bestjoersleden ás de bestelling wurdt brocht
  • Oanmelde foar dizze app-groep kin by Wilma Sjaarda (06-12132820)

 

Op dizze manier kin we meimekoar in hiel soad munten sparje foar ús keatsferiening en dêrmei jild binnen helje foar jeugdaktiviteiten!! Makliker kin we it net meitsje;-)

 

Op de Facebookside van Poiesz kinne minsken ek op ús stimme en oan it ein fan de Jeugd Sponsor Actie krije de 50 ferienings mei de measte stimmen 500 ekstra sponsormunten!
Under de stimmers wurde elke wike 5 Poiesz weardebonnen ferlotte t.w.f. € 100,-

 

De munten wurde fergees útjûn by de kassa van alle Poiesz supermarkten.

 

De koker foar de Jeugd Sponsor Munten van Keatsferiening Easterein is te finen yn de Poiesz supermarkt yn Skearnegoutum.

 

We hoopje en rekkenje op jim hulp!

 

 

 

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters