Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Nachtkeatsen is eins wol de leukste ledenpartij fan it keatsseizoen. De jûn begjinne mei patat en in frikadel en dêrnei keatse mei in grutte bal op it fjild wêr it steeds mar donkerder wurdt. De grutte lampen gean oan om it fjild en je komme ek noch let op bêd. Altyd in grut sukses!

 

De opjefte wie dan ek goed, dus alle yngrediïnten om it keatsseizoen 2017 op in leuke manier mei syn allen ôf te slúten. Mar der is ien ding dat je as jeugdkommisje net yn de hân hawwe en dat is it waar…..

 

De hiele wike kaam it al mei bakken út de loft en de berjochten foar de freedtejûn wiene ek net hoopfol te nimmen.
Dus de jeugdkommisje koe dit jier spitich genôch net oars dan beslisse om in alternatyf programma te betinken. Foar eltsenien bale, mar it wie net oars.

 

Prachtich plaatsje fan ús jeugdkeats(t)ers!

 

De patat met de frikadel bleun op it programma stean en dêrnei ha we mei in bingo en wat oare spultjes striden om leuke priiskes. En as ôfslúter sjips, borrelnúten en it útrikken fan de kompetysjeprizen fan 2017.

 

Bingo!

 

 

Foar elts in patatsje...

 

... en in frikadel

 

 

 

Priiswinners kompetysjekeatsen 2017

 

Jonges/Famkes 

1e priis Machtelt Veldman (77 pnt)
2e priis Julia Paauw (46 pnt)
3e priis Selma de Boer (22 pnt)
3e priis Halbe Willem Overal (22 pnt)

 

Selma, Machtelt, Julia

 

Skoaljonges
1e priis Siebo Boersma (52 pnt)
2e priis Rutger Sijbesma (49 pnt)
3e priis Bauke Reijnhoudt (45 pnt)

 

Rutger

 

Skoalfamkes
1e priis Nynke Paauw (52 pnt)
2e priis Tessa Ottens (50 pnt)

Tessa, Nynke

 


Pupillen jonges
1e priis Redmer Wiersma (65 pnt)
2e priis Ridzert Veldman (63 pnt)
3e priis Jesper Paauw (57 pnt)

 

Ridzert, Redmer, Jesper

 

 

Pupillen famkes
1e priis Liset Sijbesma (73 pnt)
2e priis Senay Sixma (72 pnt)  
3e priis Judith van der Weerdt (51 pnt)

Liset, Senay, Judith

 

Welpen jonges
1e priis Jorn Hiemstra (65 pnt)
2e priis Sibrand Stremler (60 pnt)
2e priis Jorrit Stap (60 pnt)

Jorrit, Jorn


Welpen famkes
1e priis Fianne Dijkstra (77 pnt)
2e priis Eelkje de Jong (66 pnt)
3e priis Brecht Stegenga (63 pnt)

Fianne, Brecht, Eelkje 

 

Kabouters
1e priis Thymen Santema (85 pnt)
2e priis Femke Paauw (63 pnt)
3e priis Pieter Age v.d Weide (61 pnt) 

 

Gespannen kopkes by de jongste keats(t)ers...

 

 

Pieter Age, Femke, Thymen

 

 

De priiswinners kompetysjekeatsen 2016 krigen in oantinken oanbean.

Jesper, Redmer, Liset, Benthe, Roelie, Sydrik

 

En dat wie dan alwer it ein fan it keatsseizoen 2017.


In keatsseizoen dat je altyd it beste gearfetsje kinne yn winne, ferlieze, bliidskip, teloarstelling, wille en soms ek in bytsje fertriet. Mar salang de faktoaren nocht en wille foarop steane komt it mei ús keatsende bêrn wol goed!

 

Alle trainers, fjildlizzers, fjildmeaners, tillegrafisten, wedstrydlieders, blokjeoanmerkers, barminsken, patatbakkers en oare helpende hannen tige tank foar jim ynset, geweldich!

 

In goeie wintersliep tawinske en we sjogge jim graach wer yn it foarjier fan 2018.

 

Groetnis fan de Jeugdkommisje KF Easterein,

 

Danny, Hans, Geertje, Fetsje, Annebeth, Klaas en Liesbeth

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters