Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg



Wêr is dat feestje?!                


Keatskamp Easterein is dit jier alwer foar de 5e kear (!) en dat is fansels FEEST! En lit 'feest' no krekt ek it tema wêze fan dit jier. Fan 30 april oant 2 maaie sille we mei de kabouters oant en mei de skoaljeugd in feestje bouwe yn de Skoalleseize. Dizze dagen sille we in soad traine, gesellich mei syn allen ite en drinke, en fansels de nedige spultsjes dwaan. Fanôf de kategory welpen meie se 2 nachten sliepe.

De opjefte sil dit jier foar it earst fia ús webside gean (klik hjir foar it opjefteformulier). By de stunt op skoalle sil it papier fan de útnoeging hjir ek noch nei ferwize.

- De kosten binne € 15,- foar kabouters en € 20,- foar welpen, pupillen en skoaljeugd.
- Hjir sit it iten, drinken, sliepen, de trainingen en de rest by yn.
- De welpen, pupillen en skoaljeugd oernachtsje yn de sportkantine. Dit mei, mar is net ferplicht. 
- De kabouters gean nei it waarm iten nei hús en wurde moarns nei it moarnsbrochje wer yn de kantine ferwachte.
Opjaan kin oant en mei freed 6 april 2018.

Mei alle tariedings binne we dus alwer folop dwaande en wy krije der wer wakker sin oan. Jim heare gau wer fan ús!

Groeten fan de keatskampkommisje,


Marco, Marije, Sieta en Imke

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters