Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg
It winterskoft hawwe we der op sitten. Guons hawwe oare sporten beoefene, hawwe winterprojekten útwurke, hawwe drok oan it trainen west as hawwe miskien wol lekker neat dien. Wy as Keatsferiening Easterein hawwe yn elts gefal ien winterprojekt fan de grûn krigen. En dat is ús nije fjildlizzersklub, dizze saneamde 'fitte futters' sille takom seizoen de fjilden lizze by de senioaren ledenwedstriden. Wy binne hjir as bestjoer tige bliid mei en winskje harren dan ek in protte sukses en wille ta.
  
Tongersdei 26 april mochten (f.l.n.r.) Theo Jelsma, Geert Dijkstra, Roel Sijbesma, Jan de Jong, Lolke Bouma, Yde Sjaarda en Willem Twijnstra de spits ôfbite foar Keningsdei.
 image 2018 04 29
 
It ferslach fan de keatserij kinne jim fine ûnder artikel Ferslach Keningsdeipartij.
 
 
28 april 2018: Goaiingea, manlju 50+ t.i.l.
Roel Sijbesma, Sipke Hiemstra en Ype Tiemersma stean op de 1e KNKB list fan dit seizoen. Ype wint 2 omlopen en hat dan in steand nûmer, de heale finale ferliest hy spitigernôch mei 5-5 6-6 en hjirmei wint hy de 3e priis.
 ype 28 4
  
 
29 april 2018: Weidum, manlju haadklasse ôfdieling
Neist de fytsklassikers op dit stuit, is ek de ôfdielingspartij fan Weidum in wiere klassiker. Meastentiids mei min waar en helaas wie der ek dizze dei wer aardich wat rein yn de Weidumer krite. Doede Rients Okkema, Bauke Dijkstra en Jan Schurer fertsjintwurdigje hjir ús grien-wite shirt. De 1e omloop tsjin Dronryp 2 winne se mei 5-4 6-2. Dêrnei keatse se tsjin Bitgum 2 en dat winne se mei 5-3 6-4. Yn de 3e omloop treffe se Makkum 1 en ek dy winst slepe se binnen mei 5-1 6-4. Dan de 4e omloop, hjir stiet Frjentsjer 2 tsjinoer harren. De mannen winne mei 5-0 6-4! Yn de heale finale moat Easterein tsjin Ljouwert, in sterk partoer. Dat de ledenmaten noch wenne moatte oan safolle partijen yn'e kjeld is dúdlik. Doede Rients Okkema moat ôfheakje omwille fan syn hân en se ferlieze mei 5-1 6-4. Jammer, mar beslist in moaie 3e priis en in noflik begjin fan it seizoen. Marit Kuperus bedankt foar de updates fia de Keats-útslagen app.
 
  
Wolle jimme de dei troch ek op de hichte hâlden wurde fan ús keatsende leden, foech jim dan ta oan de WhattsApp groep fan keatsferiening Easterein. Freegje Wilma Sjaarda, Wiepkje Hiemstra as Dirk Yde Sjaarda om jim ta te heakjen.
 
 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters