Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

De moarn begûn mei in ferrassings kessengefecht fan de bern. Alles efkes lekker wekker meitsje! Efkes letter kaam de lieding goed werom mei in oanfal. Tiid foar it moarnsbrochje en dan rap opromje. Dit is serieus beoardield troch in geheime sjuery en wûn troch de Party Pupillen Famkes.

Foar bern dy't klear wienen wie der rekreaasje. Op it sportterrein wienen allegear feestspullen ferstoppe. Noch mear aksje op it keatsjild: de earste ronde wie in sirkwy. Eltse trener hie in ûnderdiel fan útslaan, opslaan of keare en alle bern koenen noch in allemachtich soad bonuspunten te fertsjinje. Dit koe noch krekt dat lêste setsje jaan rjochting de winst.

Skoft: pankoeken ite! Sawol de âlders as bern ha har bêst dien. De ien mei it bakken, de oare mei it iten. Dat smakke mar bêst! De twadde ronde wie in ûnderlinge wedstriid. Yn dit kampkrantsje komme de útslaggen te stean.

Úteinlik is de ynset fan de Party Pupillen Pupillen beleane en gongen sy der fantroch mei de Keatskamp Bokaal! Elk gong as lêste nei de trener ta foar in diploma en in prachtige jubileumhandoek. Wat is it dit jier in feest om grutsk op te wêzen!

KNKB TV kaam fan't jier ek noch efkes del en makke in ferslach en filmke, sjoch hjir.

Rikkert mei cheque
winnaars bokaal
Kessens


Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters