Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Op dizze sinnige snein mochten wy sawol de froulju haadklasse as de froulju 1e klasse f.f. ûntfange. Under belangstelling fan in protte leafhawwers is der fûleindich keatst om de earste sykluspunten binnen te slepen. By de haadklasse wienen der 8 partoer en by de 1e klasse wienen der 13 partoer mei herkânsingsronde.

 

 

Yn de haadklasse kamen de partoeren 4 (Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Manon Scheepstra) en 5 (Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Louise Krol) elkoar yn de finale tsjin. Ilse Tuinenga cs. hienen de 1e omloop mei 2-5 4-6 wûn en de 2e omloop mei 2-5 2-6. Tineke Dijkstra cs. hienen de 1e omloop mei 5-4 6-0 wûn en de 2e omloop mei 5-1 6-2. Yn de finale wienen Ilse Tuinenga cs. krekt in maatsje te grut. Sy wûnen mei 5-1 6-2 en krigen dêrmei de krânse om 'e nekke. Om de 3e priis keatsten de partoeren 2 (Anna-Brecht Bruinsma, Anouk Tolsma en Kim Dijkstra) en 8 (Marije v/d Meer, Klasina Huistra en Annelien Broersma). Mei 3-5 6-6 wûnen Marije v/d Meer cs. úteinlik de 3e priis.

 

By de 1e klasse troffen partoeren 9 (Jildou Sweering, Martine Tiemersma en Jennie Terstra) en 13 (Akkelyna de Haan, Corina de Vries en Hendrieke v/d Schoot) elkoar yn de winnersfinale. Mei 5-4 6-6 wûnen Jildou Sweering cs. Ek foar harren de hage! De 3e priis wie foar de partoeren 12 (Annet de Haan, Jeska Terpstra en Selma v/d Molen) en 4 (Jeanette Jansma, Sigrid de Jong en Marije Hellinga). Partoer 9 wûn de heale finale fan partoer 4 mei 2-5 2-6. Partoer 13 wûn de heale finale fan partoer 12 mei 1-5 4-6. Yn de herkânsingsronde keatsten partoer 5 (Nicole Hempenius, Anke Winkel en Rianne Melissa Hiemstra) en 11 (Sjoukje Stuiver, Anneke Smid en Hester Bruinsma) de finale. Nicole Hempenius cs. wûnen dit mei 1-5 6-6.

 

 

Wy sjoche werom op in prachtige keatsdei en lokwinskje alle priiswinners. Ek tankje wy alle stipers en frijwilligers dy it hjoed tot dizze slagge dei makke hawwe.

image 2018 05 06

 image 2018 05 06 1e klasse

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters