Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Der wie ôfrûne wykein wer genôch te belibjen op de keatsfjilden mei hjir en dêr wat Eastereiner sukses. Hjirby wer de keatskes!

Froulju 1e klasse ff

Sneon 19 maaie - NK junioaren manlju
Doede-Rients, Remon Tie en Bote mochten yn de earste omloop oantrede tsjin Sjirk de Wal út Dronryp. Se ferlearen helaas mei 5-1.

Snein 20 maaie - Froulju 1e klasse f.f. + herk.
Yn Folsgeare stoenen 4 Eastereiner froulju op de list, wêrfan trije famkes. Ek gongen der trije mei in priis nei hús. Jeska wûn de 1e priis yn de ferliezersronde en Roelie en Corrie wûnen in moaie 3e priis yn de winnersronde.

Roelie en Corrie 19 05 2018

Jesca 19 05 2018

Moandei 21 maaie - NK senioaren manlju
Op de tradysjonele Bûnsparty mochten Dirk-Yde, Bauke en Jan de kleuren fan de KF ferdedigje. Yn de earste omloop moasten se it opnimme tsjin Reduzum. Dizze wedstriid waard oertsjûgend wûn mei 5-0. Yn de twadde omloop wie it partoer fan Moarre-Ljussens de tsjinstanner. De mannen krigen in stik mear tsjinstân en koenen it helaas (nei in 5-3 foarsprong) net rêde (5-5 6-4). Dêrmei kaam der yn de tredde omloop gjin Greidhoeke-clash tusken Easterein en Wommels. 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters