Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Ôfrûne keatswykein begûn al op woansdei. Gâns wedstriden binne ferkeatst mei hjir en dêr in moaie oerwinning. Hjirûnder alles op in rige.

 

 

 

Woansdei 4 july, útnoeging famkes. De jierlikse Takomstpartij foar de jonges en famkes kategory waard wer organisearre. Foar it meidwaan oan dizze wedstriid moatte jo earst selektearre wurde. Allinne de bêste keatsers meie hjir oan mei dwaan. As tsjinprestaasje moatte der sa’n 70 koeken ferkocht wurde. De opbringst fan dizze koeke-aksje giet nei in goed doel. Sawol Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk as Selma de Boer mochten útkomme op dizze spesjale wedstriid. En mei sukses! Sa wûn Selma de earste priis en Corrie de twadde. Fan herte lokwinske froulju.

 

 

 

Freed 6 july, froulju haadklasse troch elkoar lotsje. Tineke Dijkstra keatste hjoed mei Aukje van Kuiken en har frijeformaasje maat Louise Krol. Sy wûnen de tredde priis. Ek Jeska Terpstra die mei oan dizze wedstriid. En as wy de artikels leauwe meie die sy dit tige goed. ‘Jeska Terpstra liedt formaasje nei winst!’, Jeska wûn hjoed har earste, wolfertsjinne krânse op de haadklasse. Yn de finale sloech sy mar leafst 7 ballen oer de boppe. Lokwinske!

 

 

 

 

Sneon 7 july, hearen 50+ NK. Ús 50+ hat ûnderwilens in aardige seleksje. Ek dit jier wie de kar wer lestich. Tjeerd Dijkstra, Roel Sijbesma en Simon Kingma mochten hjoed foar Easterein meidwaan. De earste omloop wie in ‘makkie’. Nei in steand nûmer gienen sy automatysk troch nei de twadde omloop. No moasten sy tsjin Bitgum. Nei in 2-0, 3-1,4-1 en 5-1 foarsprong waard it dochs noch spannend! 5-4 6-4 foel de lêste slach yn it foardiel fan Easterein. Sa mochten sy it yn’ e tredde omloop opnimme tsjin it sterke Frjentsjer. Elk earst kaam Easterein spitich genôch efter. Lykwols joegen sy de striid net op en kamen hja elke kear wer oant gelyk spul. Spitigernôch foel op 5-4 6-6 de lêste slach yn it foardiel fan Frjentsjer. In moaie prestaasje fan ús mannen. Frjentsjer wûn letter dizze dei de earste priis.

 

 

Sneon 7 july, famkes troch elkoar lotsje A en B klasse. Corrie Kroondijk wint hjir in moaie earste priis.

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters