Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

André van Dellen, Patrick Nauta en Patrick van Dellen ha foar Berltsum de Jong-Feintepartij wûn. Yn de finale waard it partoer fan Hijum-Feinsum mei de keatsers Hielke Beijering, Giancarlo Teitsma en Laas Pieter van Straten mei 5-0 6-4 ferslein. Op dizze stân moat Laas Pieter van Straten in lytse keats behâlde by de opslach. Patrick van Dellen slacht de keats behearst foarby en sa wint Berltsum de 14e edysje fan dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid. Noch nea earder wûn ien fan dizze ôfdielingen de Jong-Feintepartij. Berltsum hat yn 2016 in 3e priis pakt en Hijum-Feinsum wûn ek de 3e priis yn 2007.

 JFP 2018 Henk Bootsma 14

 

 

Ek dizze 14e edysje waard der wer moai keatst en folop foar de prizen striden. Op de list stiene 26 partoeren, 2 debutanten (Jelsum-Koarnjum-Britsum 2 en Dronryp 3) en 6 PC keatsers. It waar wie waarm, mar lokkich kaam der middeis wat bewolking by. Ek de drone hat wer fanút in unieke hoeke moaie plaatsjes meitsje kinnen.

 

 JFP 2018 Henk Bootsma 10

 

 

Berltsum is de dei begûn tsjin Arum, mar dy hienen harren ôfmelden en dus gongen sy sa troch nei de 2e omloop. Dêr komme se Jelsum-Koarnjum-Britsum 1 tsjin, dit winne se mei 2-5 4-6. Op de tredde list keatse se tsjin Frjentsjer 2, dit eindigt yn 3-5 4-6. Dan de heale finale tsjin Winsum. Sûnder fan kant te wikseljen komt Berltsum mei 1-0 efter. Dêrnei gjit it lyk op, 2 earsten gelyk en 6-2 foar Winsum komt Berltsum dochs noch gelyk oant 6-6. Oant 3 earsten gelyk is it spannend. Dêrnei rint Berltsum troch nei 3-5. Dit is dan ek de einstân fan de partij; 3-5 4-6.

 

 

JFP 2018 Henk Bootsma 7 

 

 

 

Hijum-Feinsum keatst de earste omloop tsjin Ingelum, sy winne dit mei 4-5 2-6. Dan folget Seisbierrum-Pitersbierrum. Se komme 2-4 efter, mar op 6-6 wurdt de bal boppe slein troch Hijum-Feinsum. Op 4-5 6-6 slacht Laas Pieter van Straten de bal werom yn it perk. De lêste slach is yn it foardiel fan Hijum-Feinsum, sy pakke de keats op 5-5 4-6. Yn de 3e omloop hawwe se in steand nûmer. Dan de heale finale tsjin Easterein 1, de pleatselike favoriet. Hijum-Feinsum hat krekt wat mear oer en komt op in 5-1 foarsprong. Easterein 1 probearret it noch en pakt in spul. Dêrnei is it gau dien, Hijum-Feinsum slacht de keats foarby en wint úteinlik mei 5-2 6-4.

 

 JFP 2018 Henk Bootsma 6

 

 

Yn de finale begjint Berltsum sterk, sy komme drekst mei 0-1 0-6 foar. Mar Hijum-Feinsum jout noch net ta, sy komme lyk oant 6-6. Dochs slacht Berltsum op dit stuit de bal fier boppe. Sa liket it de hiele partij wat te gean. Hijum-Feinsum probearret it wol. Mar nei in dei yn de waarme sinne, wêrby 2 keatsers in dûbele funksje hienen, wienen sy útkeatst. Berltsum keatst degelik en fol fjoer. It wurdt op 3-0 noch ien kear 6-6. Mar op 5-0 6-4 jout Berltsum de genadeklap troch de keats foarby te slaan. Berltsum is oer de hiele dei sjoen de oertsjûgjende winner.

 

JFP 2018 Henk Bootsma 3 

 

 

Tredde prizen wiene der foar Easterein 1 (Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma) en Winsum (Sipco Greidanus, Wessel Hilverda en Evert Pieter Tolsma).

 

 

 JFP 2018 Henk Bootsma 13

 

 Foto's binne makke troch Henk Bootsma fotografie. Sjoch foar mear foto's op syn facebookpagina https://www.facebook.com/profile.php?id=100011059304524&hc_ref=ARQOueJcNMjfVy4o1_mjLUR5edbfNgJ2fKaD_2QsmBb9Z4UIj19momGLItRX_wK7e4Q

 

Sjoch foar alle wedstriid útslaggen op de ûndersteande links.

14E JONG-FEINTE

Jong-Feinte 2018: 1e omloop

Jong-Feinte 2018: 2e omloop

Jong-Feinte 2018: 3e omloop

Jong-Feinte 2018: heale finale

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters