Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Der binne ôfrûne wykein wer best wat berjochten foarby kaam op de ‘Keats-útslagen-app’. Hjir foar jimme in oersjoch fan de prizen dy’t der wûn binne. Nijsgjirrich nei de útslaggen? Lês dan gau fierder!

25 july, Jong Feinte Partij Junioaren ôfdieling Easterein
Woansdei is de Jong Feinte Partij yn Easterein fansels net ûnopmurken foarby gongen. Mei Berltsum as winner mei de krânsen nei hûs, mar wêrby Bote, Doede Rients en Remon Tie it ek tige netsjes dienen troch in tredde priis binnen te heljen. In hiele prestaasje om grutsk op te wêzen. Sjoch foar in grutter ferslach fierder op dizze side.    



28 july, froulju 1e klasse frije formaasje 
Sietske die yn Marssum mei oan de froulju 1e klasse wedstriid. Se keatste dizze frije formaasje mei Aukje en Maaike en helle dêr de krâns wei. Jeska wûn dêr de 3e priis tegeare mei Jildou en Jennie. 





28 july, famkes t.i.l.
Roelie keatste op de troch elkoar lotters yn Boeksterwâld en wûn dêr de 1e priis mei Larissa en Ilse Marije. 



29 july, famkes ôfdieling 
Foar Roelie wie it dit wykein twa kear in hage derby oan de muorre. De twadde wie yn St. Anne en op de ôfdieling. Roelie begûn dy dei tegeare mei Selma en wûnen de earste omloop. Yntusken ferlearen Nynke, Alien en Corrie de 1e omloop, wêrtroch Corrie troch skowe koe nei it winnende partoer. Sa wûnen Roelie, Selma en Corrie úteinlik alle omlopen en ek yn de finale tsjin Makkum. 



29 july, 50+ manlju
Yn Ljouwert ha de manlju 50+ harren bêst dien om wer prizen binnen te slepen. Dit slagge Tjeerd troch de 1e priis yn de herkânsingsrûnte te winnen. Sipke en Jan Vellinga bleaunen yn de winnersrûnte en namen dêr de 3e priis mei fanút Ljouwert.

29 july, haadklasse manlju frije formaasje
Jan Schurer keatste yn syn âlde wenplak Arum de lêste wedstriid foar de PC fan de manlju. Jan keatst frije formaasje mei Marten Bergsma en Pieter Jan Plat. Mei dizze maten wist Jan knap de 2e priis te winnen. Yn de finale wie it partoer fan v.d. Bos it maatsje te grut.

Fan herte lokwinske allegearre!

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters