Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

It keatswykein starte al fanôf tiisdei. As einliks foar de PC keatsers ûnder ús moandei te jûn, doe wie namelik de lotting. Dit kear, troch de kulturele haadstêd ynklaaid mei in moai toanielstik. Wêr sawol ús leden Jelte-Pieter Dijkstra, Bauke Dijkstra en Jan Schurer as keatsers oan mei diene, en as ‘lotsjes’ Roelie en Corrie Kroondijk. Je soene sizze, mei in wike keatsen, dat der moai wat te heljen fûl. En dat is der ek seker bart.

 

 

 

Tiisdei 31 july, strjitkeatsen yn Frjentsjer

Sietske Okkema keatste tegearre mei Jennie Terpstra en sawol Roelie as Corrie Kroondyk. Beide froulju hawwe sa in wedstriid keatst. Hja wûnen hjir de earste priis.

De jûns is de lotting fan de Ald Meiers partij. Ús keatsers Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Jeska Terpstra binne de winners fan foarrich jier. Sy moatte de Silveren Pong werom jaan oan de keatsferiening. Oankommende sneon sil der op’ e nij om keatst wurde.

20180805 9

 

 

Woansdei 1 augustus, PC yn Frjentsjer

Jelte Pieter en Bauke Dijkstra keatse tegearre yn ien partoer. Hja ferlieze de earste omloop tsjin de winners fan foarrich jier.

Jan Schurer keatst dit jier mei Marten Bergsma en Pieter Jan Plat, hja wurde beneamd as ‘out siders’. Spitich genôch docht dit net harren namme oan, de earste omloop winne se krap oan en by de twadde wedstriid moatte se belies jaan tsjin de lettere winners. Allard Hoekstra, Peter en Thomas van Zuiden, fan herte lokwinske.

 

 

 

Sneon 4 augustus, Ald Meiers yn Hitzum

Easterein keatst mei Alien Dijkstra, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk. Se hawwe partoer 1 en doche it poer bêst. Der wurd per earst troch jûn fia de app hoe at se it doche. Fanût it bûtenlân wei kinne wy it dan moai folchje. De earste omloop lyket dan ek in makje. 5-1 is de einstân. De twadde omloop moatte hja tsjin Folsgeare. Ek dit giet as in slytjaget 0-5. Dat betsjut in priiske.  Yn’ e heale finale tsjin Makkum komme de froulju 1-0 foar mar dêr bliuwt it helaas ek by. De froulju hawwe in prachtige 3e priis behelle. Lokwinske! Ek lokwinskje wy Makkum mei it beheljen fan de oerwinning.

 

20180805 7

 

Sneon 4 augustus, EK yn Frjentsjer

Nederlân stiet yn’ e krúsfinale tsjin België. Fan ús leden docht Jelte Pieter Dijkstra hjir oan mei. Sa at ik earder al beneamde sitte wy op dit momint yn it bûtenlân. Hoe at dit fjirder ôfrun is witte wy net. De ferbining is hjir dramatysk.

 

20180805 10

 

Snein 5 augustus, Haadklasse Froulju yn Wytmarsum

Tineke Dijkstra wint hjir in moaie 2e priis. Wederom in prachtige priis foar dizze froulju! Fan herte.

 

20180805 8

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters