Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Der is de ôfrûne wike wer om raak keatst, mei ek ûnder oare de froulju's PC yn Weidum. Hjirby wer ús gebrûklike keatsupdate.

Woansdei 22 augustus

Froulju's PC
Yn Weidum stienen Tineke (Dijkstra), Martine (Tiemersma), Sietske (Okkema) en de debutanten Jeska (Terpstra) en Roelie (Kroondijk) op de list fan de 42e Froulju's PC. Helaas gjin sportyf sukses, al hellen Tineke en Sietske mei harren partoer al de 2e omloop. Foar Martine wie dit har lêste PC-optreden, sy stoppet nei dit keatsseizoen.

Snein 26 augustus

Froulju haadklasse f.f.
Yn Wommels gong de krânse ferrassend nei it partoer fan Tineke Dijkstra mei har maten Sandra Hofstra en Louise Krol. Yn de finale waard wûn fan it partoer fan Sietske Okkema. Sietske endy fersloegen yn de earste omloop de PC-winners fan ôfrûne woansdei. 

Froulju vf haadklasse 2018 07 26

Famkes t.i.l.
In 2e priis yn Weidum wie der foar Corrie Kroondijk. Sa docht se alwer goede saken foar it klassemint fan de famkes, wêr't se oan de lieding giet foar Roelie (2e) en Selma (6e). Sjoch hjir.

Famkes til 2018 07 26

Manlju 50+ t.i.l.
Yn Balk wienen der prizen foar Tjeerd Dijkstra (3e priis) en Roel Sijbesma (1e priis herk. ronde).

Keetpartij Burchwert
Yntusken in ferneamde 'wylde partij' op it fjild fan Burchwert. Krânsen wienen der foar Doede-Rients Okkema (A-klasse) en Meile Kuiper (B-klasse). Danny Roos wûn dêr de 2e priis yn de A-klasse.

Keetpartij Burchwert 2018 07 26 Doede Rients

Keetpartij Burchwert 2018 07 26 Meile

Lokwinske allegearre!

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters