Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

stipersdei

 

Ofrûne snein waard ús jierlikse stiperpartij keatst. Alle stipers wurde útnoege om dat wat je stypje, sels ek ris te dwaan. Fansels hawwe wy ûnder ús stipers in protte keatsende leden, mar ek de net-keatsende stipers binne op dizze dei tige wolkom.

 

Der wurdt mei sêfte bal keatst, sadat de kwaliteitsferskillen tichterby elkoar brocht wurde. Sa'n bal stuitert ferskriklik en dus krijt elts de kâns dizze yn it tuskenspul wer werom te slaan. It soarget altyd foar doldwaaze draverij, roljeboljende kaprioalen en hinne-en-wer slaanderij wêr't betiden gjin ein oan komt. Der hoecht net op technyk slein te wurden, mar it neidiel dêr fan is, is dat heechstwarskynlik moandei yn de rin fan de dei alle keatsers lêst krigen fan de skouders, fuoten, rêch ensfh. Want dat slaan en draven komt der wol op oan! We hienen der prachtich waar by. Sels sa waarm dat de stuolen ûnder de sinneskermen ferkeazen waarden boppe de noflike loungesets. Mei tuskentroch broadsjes, sop, gebak en hapkes binne ús stipers hjoed terjochte yn it sintsje setten.

 

 

Der waard fansels ek noch om de krânse keatst en nei 3 omlopen mei ferskillende maten wie dit de útslach:

 

1e Priis

A   Dirk-Yde Sjaarda   21 foar / 11 tsjin
B   Tom Couperus   21 foar / 8 tsjin

 

2e Priis

A   Danny Roos   18 foar / 9 tsjin
B   Wietse Ligthart   21 foar / 10 tsjin

 

3e Priis

A   Hendrik Kuiper   18 foar / 13 tsjin
B   Boudewijn Kramer   18 foar / 11 tsjin

 

Treastpriis

A   Christian Hoekstra   7 foar / 18 tsjin
B   Vera de Vries   8 foar / 18 tsjin

 

 

Hjirby wolle wy alle stipers nochris betankje foar harren bydrage en graach oant folgend jier!

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters