Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Yn oktober hawwe wy jim al yn de kunde komme litten mei ús plannen fan KENING OP SOKKEN. Graach prate wy jim wer efkes by, want wat binne we fier kommen yn dizze 2 moannen!

 

Allerearst is ús krew hielendal kompleet! Sawol de toanielspilers, it koar, de muzikanten as de begelieders fan de sang en muzyk. Wat in geweldige ploech Eastereiners hawwe we byinoar krigen. Under oare Elisabeth Breeuwsma as rezjy-assistinte, Nathalie Oliveiro as begelieder fan it koar en Sjoukje Heins as begelieder fan de muzyk. En fansels litte we jim witte wa de stjêrspilers binne:

 

Antje Stenekes            yn de rol fan               Aaltsje senior & Tet

Dirk-Yde Sjaarda         yn de rol fan               Jelle senior

Susanna Sijbesma       yn de rol fan               Aaltsje junior

Daniël v/d Weerdt      yn de rol fan               Jelle junior

Baukje de Jong           yn de rol fan               Mem

Berend Santema         yn de rol fan               Heit & regisseur

Akke Veldman            yn de rol fan               Boerinne Syts

Tineke Kamstra            yn de rol fan               Boukje & kastleinske

Siebolt Bouma             yn de rol fan               Technikus

Klaske Plantinga          yn de rol fan               Djoke

Jelle de Boer                yn de rol fan               Durk

Tsjerkje Kooistra            yn de rol fan               Foardraagster

 

It stik ‘Kening op Sokken’ begjint as repetysje fan in musical, dus de spilers spylje neist dizze rollen ek harren sels.

 

Op it momint fan skriuwen hawwe we de earste repetysjes hân. Nathalie Oliveiro is op 7 novimber mei de froulju Mattie Dijkstra, Talitha Dijkstra, Geertje v/d Weerdt, Pep de Boer en Elly Tiemersma de earste ferskes troch west en op 12 novimber hat Lodewijk Riedhorst mei de spilers de earste lêsrepetysje hân.

 

Dus we binne no echt los! Wat in moai en spannend gefoel. Op nei wat moais! Hâld de webside yn de gaten om op’e hichte te bliuwen.

 

Groetnis fan de Kening op Sokken kommisje,

 

 

Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Tettje de Boer en Wilma Sjaarda.

 

 

 

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters