Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Hjir wer in update oer Kening op Sokken. It is yntusken 2019 en dat betsjut dat we einlings sizze kinne; dit jier giet it gebeuren!

 

Yn it foarige stikje hawwe we alle nammen fan de tonielspilers, koar en efterbân fertelle kinnen. Yntusken binne ek de muzikanten kompleet: Pieter de Boer (bas), Paul Kool (gitaar), Simeon Sijbesma (drums) en Sjoukje Heins (toetsen/akkordeon). Sy foarmje it kombo en dêrmei is no echt alles rûn!

 

Alle repetysjes binne yn folle gong en dat betsjut dat we wer in stapke fjirder kinne. Dat stapke is de foarferkeap fan kaarten! Begjin maart kin elts kaarten bestelle fia:

 

-       info@kfeasterein.nl

-       Wilma Sjaarda, 0515-851878

-       Noflik Easterein

 

De foarstellings binne op:

 

Woansdei 29 maaie 2019       20.00 oere try-out                   €10,00

Freed 31 maaie 2019              20.00 oere premjêre               €12,50

Sneon 1 juny 2019                   20.00 oere foarstelling            €12,50

Snein 2 juny 2019                    16.00 oere foarstelling            €12,50

 

Yn it foar hâlde wy noch in heuse badeintsje-race. Op 24 maaie sil de Skippersbuorren fol lizze mei plastic eintsjes dy’t harren bêst dogge sa gau as mooglik nei de finish te swimmen. Hjir binne prachtige prizen by te winnen, dus set dizze datum yn de aginda. Ynkoarten sille wy hjir mear oer útwreidzje.

 

 

Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters