Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Moai nijs oer Kening op Sokken! De foarige kear hellen wy de kaartferkeap al oan, mar no is dat konkreet! Fanôf 1 maart 2019 kinne de kaarten besteld wurde fia:

 

-       info@kfeasterein.nl

-       Wilma Sjaarda, 0515-851878

-       Noflik Easterein

 

De foarstellings binne op:

 

Woansdei 29 maaie 2019       20.00 oere try-out                   €10,00

Freed 31 maaie 2019              20.00 oere premjêre               €12,50

Sneon 1 juny 2019                   20.00 oere foarstelling            €12,50

Snein 2 juny 2019                    16.00 oere foarstelling            €12,50

 

Wêz der gau by, want ‘wie het eerst komt, die het eerst maalt’!

 

Wy binne as kommisje no drok dwaande mei de PR. Sa hawwe we ûnder oare de posters klear en dy sille oeral opdûke. It is dúdlik, jim kinne der net mear ûnderút! Sa komme wy stapke foar stapke tichterby it klapstik.

 

badein

Op 24 maaie 2019 hâlde we in badeintsje-race. Jim kinne in lotsje keapje foar €2,00 per stik as 3 foar €5,00. It lotsje korrespondearret mei it nûmer op in badeintsje. Alle badeintsjes wurde tagelyk yn de Skippersbuorren loslitten en sy meie dan de trechter yn swimme. Hokker badeintsjes hjir as earste yn komme, winne prachtige prizen! Fierder meitsje wy hjir in gesellich barren fan mei in hapke en in snapke. Stiet it al yn jim aginda?

 

 

Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

 

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters