Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

 

Hjirby wer in update oer Kening op Sokken, noch in dikke moanne te gean en dan giet it spektakel los!

 

De spilers binne op dit stuit ferhúze fan de loads by Tjeerd en Mattie nei de seal yn Bergsma. Se wienen der oan ta, it is wer in stapke tichterby. De muzikanten en koarleden kinne wol dreame oer alle noaten. De froulju dy’t de klean regelje binne hast klear en de dekôrman is drok oan it bouen. Wat docht elts it super en wat ha se in enerzje!

 

Fansels krije ék wy enerzjy, fan bygelyks de kaartferkeap! De kaarten geane as waarme broadsjes oer de toanbank. Ek snein 2 juny is no al útferkocht! En op it momint fan skriuwen binne der noch in pear kaarten foar de woansdeis. It hat der ta makke dat wy gjin minsken teloarstelle wolle en wy foar in 5e útfiering gean! Op moandei 3 juny om 20.00 oere sil ‘Kening op Sokken’ foar de lêste kear opfierd wurde.

 

Beskikbere kaarten:

 

Woansdei 29 maaie 2019        20.00 oere try-out                    €10,00

 

Moandei 3 juny 2019              20.00 oere foarstelling             €12,50

 

 

Kaarten kinne besteld wurde fia:

Wilma Sjaarda

info@kfeasterein.nl  

0515-851878                                             

 

 

As opwaarmerke hâlde wy op 24 maaie om 19.00 oere de badeintsje-race op de Skippersbuorren.

 

Mei help fan grut materieel en de brânwacht sille 3000 badeintsjes fjochtsje om as earste oer de finish te swimmen. De te winnen prizen ha in totaalwearde fan mear as € 750,00!!!

 

Komme wy oan de doar foar de ferkeap fan de lotten, hâld jimme dan net yn. We ferkeapje se foar in skerpe priis: € 2,00 per stik, 3 foar € 5,00 en 10 foar € 10,00. En wy rekkenje gjin maksimaal oantal lotten per adres J.

 

As lêste wolle wy alle taskôgers it folgende noch melde. De musical befynt sich yn’e keatssfearen. De sitplakken binne op echte keatsbanken, mar de nûmers korrespondearje net mei jimme kaartnûmer. Elts is frij om te sitten wêr at hy/sy wol.

 

Hâld de site fan KF Easterein, Easterein, Facebook en Twitter yn de gaten foar it lêste nijs.

 

Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

 

 

 

 
 
 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 


 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters