Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

Ledepartij 14-5-2019


Tiisdei 14 maaie stie de earste ledepartij foar jongerein wer op it programma. De jongerein, de âlders en de jongereinkommissje allegear entûsjast om der wer in moaie keatsdei fan te meitsjen. Spitigernoch koe de jongereinkommissje net folledich oanwêzich wêze by de start fan dizze dei. Lokkich wiene dêr in pear fanatyke famyljeleden fan de jongerein oanwêzich om te soarchjen dat dizze dei goed ferrinne mocht. Wer foar ûs tank! Mar sûnder ûs jongerein kin der net keatst wûrde. Se ha spannende partijen sjen litten. Boppe slagen en sitballen, mar ek fleurige kopkes en positive wurden tsjin harren maten. Sa sjogge wy dat graach!

By de kabouters waard der yn in poule keatst mei fjouwer twatallen. Sa koene alle kabouters opslaan en yn it perk. De measte kabouters ha al in jier keatst en dat is ek wol te sjen. De kabouters begrype it spultsje en binne tige fanatyk.

De welpen keatsten hjoed ek yn in poule fan fjouwer. Hjir wie 1 partoer fan trije en trije twatallen. Dit kear binnen der twa twatallen mei de prizen fan troch gien. Op 1 earst koe it trijetal krekt gjin priis in de wacht slepe. Wa at de priiswinners wurden binnen sjoche jo hjirûnder.

By de pupillen wie de opkomst grut. Hjir waard yn 6 twatallen keatst yn it Snekersysteem. Hjirby keatst elts partoer út de poule tsjin elts partoer út de oare poule. Nei trije omlopen wurd der telt wa at de measte earsten hat. Hjoed waard wol wer dúdelik dat it by poule keatsen dochs giet om sa folle mooglik earsten pakke; ek al winne jo net alle wedstriden, dan kinne je dochs noch mei in priis nei hûs gean.

By de skoaljeugd/jeugd keatsten der 7 bern om de krânsen. Trochdat hjir trije partoer wiene, koe eltsenien 1 omloopke fan it sintsje genietsje.

 

Kabouters:

Jongerein 14 05 2019 5

1e priis: Fenne Sijbesma & Marrit v/d Weij
2e priis: Steffen Schram & Pytrik Ynema

En omdat wy bliid binne dat dizze entûsjaste kabouters der allegear wiene dizze earste wedstriid, mochten ek de bern sûnder priis dochs mei in medaille nei hûs gean. De medailles wiene foar: Jildau Jellema, Renko Ynema, Berber Sijbesma en Hieke Jellema. 

 

Welpen:

Jongerein 14 05 2019 2

 

1e priis: Lars Steehouwer & Thymen Santema
2e priis: Pieter-Age v/d Weide & Bauke Jan Dijkstra

 


Pupillen

 

Jongerein 14 05 2019 4


1e priis:
Jorn Hiemstra & Theunis Ynema
2e priis: Brecht Stegenga & Noa Ottens
3e priis: Geertje v/d Weide & Tjitse Joustra

 

 

Skoaljeugd / jeugd

 

Jongerein 14 05 2019 3
1e priis:
Redmer Wiersma & Ridzert Veldman

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters