Nijs
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

 

Op in sinnige freed nei himelfeart waard de jubileumpartij foar de jongerein keatst. Troch it moaie waar en it hawwen fan in frij wykein, wiene der aardich wat famyljeleden en oare keatsleafhawwers oanwêzich om de bern oan te moedigjen. Hjirtroch koe de jongereinkommissje rekkenje op genoch help dizze dei! Yn totaal tsien partoer; werfan fjouwer by de kabouters/welpen en seis by de pupillen.

Kabouters / welpen

Hjoed ha de kabouters en welpen meiinoar yn ien kategory keatst. Troch alle oare aktiviteiten yn dit wykein wiene der te min bern om yn de eigen kategory te keatsen. Lokkich koene we mei fjouwer kabouters en seis welpen in moaie poule meitsje, wertroch alle bern toch keatse koene. De kabouters ha efkes priuwe kinnen fan it keatsen by de welpen en ha fêst oefenje kinnen foar takom jier. Se ha keatst yn in grutter fjild en mei in lytser baltsje. Dizze fjouwer kabouters ha yn elts gefal hjoed sjen litten dat sy wol hast klear bin foar it stapke nei de welpen.

De winners fan hjoed wiene de échte winners. Se hiene trije kear wûn en mar sân earsten tsjin. Om it twadde en tredde plakje wie it noch spannend. Want tusken de nûmer twa en trije siet mar ien earst. De twadde priis gong nei it partoer mei sechstjin earsten foar en fjirtjin earsten tsjin.

 31 05 2019

1e priis: Femke Paauw, Jerry Schram & Sanne Frouk Dijkstra
2e priis: Fenne Sijbesma & Tryntsje de Jong

Pupillen

By de pupillen wie hjoed in moaie opkomst, hast eltse pupil wie hjoed oanwêzich. Tidens it wurdsje fan wolkom dizze dei, waard frege oan eltsenien om sportyf te keatsen en posityf tsjin de maten te dwaan. Hjir ha alle pupillen goed nei lustere en sels it oanmoedigjen fan de tsjinstanner wie hjoed hiel gewoan! Natuerlik wie it wol efkes balen at je ferlieze, mar eltsenien gunde it elkoar hjoed ek. Prachtich om nei te sjen! Ek waard der spannend keatst, twa kear moast it fjild leech omdat it 5-5 / 6-6 wie.

It ferskil tusken de nûmer ien en twa waard hjoed achterôf al makke yn de earste omloop. Dizze beide partoeren keatsten in partij mei alles oan ‘e hang en soarche foar de beslissing tusken it earste en twadde plak. Nei dizze spannende partij, hie it winnende partoer de smaak te pakken en krigen sy noch mar twa earsten tsjin!

 31 05 2019 2

1e priis: Sibrand Stremler & Tjitske Joustra
2e priis: Jarno v/d Weij & Jorrit Stap
3e priis: Jorn Hiemstra, Lars Steehouwer & Noa Ottens

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters