jul
jul
jul
Ôfrunne snein (14-07-2019) wie ‘the battle’. Mei in machtich moaie opkomst wûn uteinliks Wommels de wikselbeker. Fan herte lokwinkse allehjer!



jul
Op sneon 13 july wie de lêste wedstriid foar de simmerfakânsje. Nettsjinsteande de drokte en wurchens fan de lêste skoalle wike, waard der prachtich keatst! We begûnen mei in lyts snitterke, mar dernei wie it drûch en it wie net kâld! Der wie spitich genôch net folle opjefte, mar it wie in tige slagge dei! …
jul
De earste simmertrainigen foar de jeugd yn de gearwurking tusken KF Easterein en KF Wommels sit der hast op. We wolle dit ôfslute mei een feestelike middei op it keatsfjild yn Wommels op tiisdei 09 july 2019 fanôf 16:45 oere en nei ôfrin patat ite op it fjild! Jou jim bern gau op, dit wolle echt net …
jun
Noch mar efkes… en dan giet it écht los! Kening op Sokken! De cast is der hást klear foar, de lêste puntsjes wurde op de ‘i’ setten en dan kinne se flamme. Der bin op it stuit allinnich noch kaarten te ferkrijen foar de ekstra foarstelling op moandei 3 juny, 20.00 oere. Kaarten …
jun
Wat bin we bliid mei ús 2 nije kommisjeleden Wietse Vink en Mirjam Reitsma! Beide nimme se sit yn de wedstriidkommisje wêrtroch dizze no wer foltallich is. Dat nimt net wei dat we noch wol in pear fakatueres ha… Understeand in oersjoch. Skriuwer yn it haadbestjoer Algemien lid yn de jeugdkommisje 2 algemiene …
jun
De kaarten foar de Eastereiner ferzje fan ‘Kening op Sokken’ fleane oer de toanbank. Op dit stuit binne der foar de try-out op woansdei 29 maaie noch in pear kaarten. De oare 3 jûnen binne útferkocht! Dêrom dogge we in ekstra foarstelling! Op moandei 3 juny wurdt ‘Kening op Sokken’ foar de lêste kear …








jun
De Eastereiners wienen net wolkom yn Wommels wer’t se doarpsfeesten hienen, dus wy koenen massaal de keatsfjilden wer ôf! Freed 14 juny Federaasje ôfdieling yn Ysbrechtum: Liset Sijbesma en Judith v/d Weerdt, Sander Velzen en Sibrand Stremler, Brecht Stegenga en Fianne Dijkstra, Tryntsje de Jong en Sanne Frouk Dijkstra stean hjoed op de list foar Easterein. Foar Tryntsje …




jun
Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Nynke Paauw binne mei koach Ype Tiemersma yn Menaam Nederlânsk Kampioen wurden by de famkes kategorie! Easterein wûn de 1e omloop fan Reduzum mei 5-0 6-0. De 2e omloop moasten se tsjin Grou en dat wûnen se mei 3-5 2-6. De 3e omloop stûn Stiens harren op …
jun
Sa as gebrûklik op 1e Pinksterdei it tradysjonele pearkekeatsen. Der waard yn 3 klassen keatst. Hjirûnder kin jim de útslagen fine. A klasse 1e priis: Sybren Poelsma en Sietske Okkema 2e priis: Robert Sijbesma en Wiepkje Hiemstra B klasse 1e priis: Bote Jellema en Anouk van Berkum 2e priis: Harm Auke Dijkstra …