Bêste minsken, Hjirby wolle wy jimme fan herte útnoegje foar de ledegearkomste fan Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen. De gearkomste sil plakfine op woansdei 6 maart 2019 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”. Wurklist: 1. Iepening 2. Meidielings en ynkommen stikken 3. Oantekens fan de …
aug
Nachtkeatsen & kompetysje winners Freed 24 augustus waard it jierlikse nachtkeatsen organisearre foar de jeugd. It begjin fan ‘e wike like it moai waar te wurden, mar op ‘e dei sels wiene de foarspellings dochs wat wikseljend. De dei begûn mei patat, frikadellen en limonade foar eltsenien. Doe’t alle bern en frijwilligers hast op it …
jul
André van Dellen, Patrick Nauta en Patrick van Dellen ha foar Berltsum de Jong-Feintepartij wûn. Yn de finale waard it partoer fan Hijum-Feinsum mei de keatsers Hielke Beijering, Giancarlo Teitsma en Laas Pieter van Straten mei 5-0 6-4 ferslein. Op dizze stân moat Laas Pieter van Straten in lytse keats behâlde by de opslach. Patrick van …
jul
Op sneon 14 july wie der in wedstriid foar de jongerein. It waar wie wer prachtich, bytsje wyn en sinneskyn! Tige spannende partijen, 5 earsten gelyk/6 gelyk en dan yn it tuskenspul de bal wer yn it perk slaan… By de kabouters noch wol, prachtich! We moasten by alle kategorieen de earsten telle, it lei …
jul
Woansdei 27 juny waard der wer in ledepartij organisearre foar de jeugd fan ‘e KF. It wie prachtich waar en der waard hjoed wer moai en sportyf keatst troch de oanwêzige bern. Yn eltse kategory koene wy poule keatse en by de kabouters waard dit sels dien mei seis partoer. Dizze jongste kategory waard hjoed …
jun
Ferline jier ha de leden fan Keatsferiening Easterein in jûn nei Wommels west om te kompetysjekeatsen. Dit hat tige goed foldien en sa is der, neidat we mei elkoar om tafel sitten ha, in lede-wedstriid foar beide ferienings delsetten. 1 july sil it heve op fjild fan de Skoalleseize De organisaasje is dit …
jun
Snein 10 juny wie it wer safier, de (sa letter op de dei blykte) 35e Okkemapartij. Mei 22 partoer op ‘e list waard der keatst yn 3 klassen. It waar wie lekker, wat bewolkt en in moaie temperatuer en letter de sinne der ek noch wol by. De stiper fan dizze partij, Leanbedriuw Okkema, hie …
jun
Wat wie it in geselliche en sportive middei, mei in hapke en in snapke! Hearlik waar ek, bytsje bewolkt, sa no en dan kaam de sinne der troch. Foar guon âlders wie it de earste kear binnen it keatsfjild, mar de bern joegen goeie oanwizings. 16 âlders/omkes/buorjonge/sus en 16 bern dienen mei yn trije kategoryen …
jun
Freed 1 juny 2018 keatste de jeugd fan ‘e federaasje Snits en omkriten in ôfdielingspartij in Easterein. Der waarden 7 listen ferkeatst troch te keatsen yn ferskillende poules. Lokkich koene al dizze listen hielendal ferkeatst wurde en kamen de foarspellingen fan buienradar net út. We ha op it ein in pear drippen rein hân, mar …
mei
Op tiisdei 15 maaie wie de earste wedstriid foar de jongerein. Yn ferbân mei it skoallefuotbal dit kear op tiisdei, it waar wie prachtich, bytsje wyn, sinneskyn en de thermometer tikte krekt net de 25 graden oan. De Jeu de Boulers wienen ek aktief op dizze middei, in gesellige drokte, mei hjir en dêr in …