Corona update (27-03-2020)

Hjirby in nije update oer de stân fan saken rûnom it coronafirus en ús aktiviteiten as keatsferiening. De KNKB hat ús hjoed mei in brief ynformearre oer de kar dy de keatsbûn makke hat oangeande harren aktiviteiten en keatspartijen. De KNKB annuleart al harren aktiviteiten oant 1 juni en de start fan it keatsseizoen wurdt …

Corona update (15-03-2020)

No’t it coronavirus rap om harren hinne grypt, wurde der oeral maatregels troffen. Ek wy wolle jim op de hichte stellen fan in oantal saken die yn elts gefal op koarte termyn ferfalle as útstelt wurde.   Jeugd trainingen Fanôf 20 maart soenen de trainingen yn de seal starten, disse wurde foarearst útstelt oant 6 …

Ledegearkomste 11-03-2020

Op woansdei 11 maart wie de jierlikse ledegearkomste. Even nei achten waard de gearkomste iepene troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda foar dik 35 leden, in moaie opkomst.   Op disse jûn waard werom sjoen nei ús geweldige lustrumjier yn 2019, is it finansjeel ferslach meidielt, hienen we de presintaasje fan it prachtige jierferslach, binne de hammerstikken …

Rabo ClubSupport

Dyn stim is jild wurdich! De stimperioade fan Rabo ClubSupport is fan start. Stim no op ús sadat wy ús doel realisearje kinne. Brûk de stimkaart mei persoanlike koade die Rabo-leden fia de post krigen hawwe. Stimme kin o/m 11 oktober 2019.   Sjoch op Rabobank.nl/clubsupport   Bestedingsdoel Mei de sinten dy’t wy ophelje mei …

Ferslach slotdei 15-09-2019

De slotdei op 15 septimber 2019 wie tige slagge, der waard u.o. keatst mei stroaiprizen. Der wie in springkessen, barbecue, ferlotting en gesellige neisit. Alle priiswinners fan hjoed en it ôfrune seizoen waarden huldige. Disse dei waard mei mooglik makke troch ús stipersgroep en de ekstra luxe krânsen waarden beskikbar stelt troch Faber Grafmonumenten.   …

Wisten jimme dat…

… der foar de leafhawwers de kommende wiken op tongersdei noch in potsje keatst wurde kin? … jim dan om 18.45 oanwêzich wêze moatte sadat der om 19.00 oere starten wurde kin?   … wy op 15 septimber de slotdei hawwe wer’t u.o. keatst én bbq wurdt? … tidens disse slotdei de Keatser fan it …

KNKB manlju 50+ A en B klasse t.i.l. 24-08-2019

Op 24 augustus 2019 mochten wy yn in lekker waarm sintsje de manlju 50+ t.i.l. ferwolkomje.   De mannen keatsen yn 2 klassen. De A klasse hienen 2 poules fan 4 en de B klasse keatsten mei in list fan 14 partoeren. Der dienen mar leafst 11 Eastereiners mei, dus dat der guons yn de …