In primeur fannejûn yn Easterein (mar miskien ek wol yn Fryslân?): keatse op keunstgêrs! Soe de bal krekt sa stuitsje as op écht gêrs? En soe it fallen ek searder dwaan?;-) It is allegear útwreidich testen fannejûn/fannacht troch de keats(t)ers. En oan de gelûden te hearen kin it wol wer ‘es; elts wie posityf! …
jul
Under simmerske omstannigheden waard hjoed foar it earst de Battle tusken KF Easterein en KF Wommels hâlden. Wommels kaam striidlustich oan yn Easterein; mei syn allen op de fiets yn de ôfdielingsklean en mei in auto mei lûdsprekkers foarop. It gie oan, elts stie fuort op skerp! De priiswinners fan hjoed Froulju …
mei
Under simmerske waarsomstannigheden hiene we hjoed de skoaljonges op besite yn Easterein. Om 11 oere wie it earst de beurt oan de 23 ôfdielingspartoeren om in plak yn de 2e omloop te bemachtigjen. Foar de ferliezers wie der de mooglikheid om yn de opstapronde oan te slúten. Uteins hiene we nei de 1e omloop …
mei
Pinkstersnein, ien fan de moaiste partijen fan it jier: pearke-keatsen! Under prachtige waarsomstannigheden begie de striid tusken de pearkes om goed 12 oere. Mei 24 partoeren wiene de pearkes ferdield oer 3 klassen: A, B en C. Yn alle klassen 8 partoer op de list. Opfallend wie it oantal Feyenoord shirts, prachtich! 😉 De …
apr
De kop is der wer ôf… Hjoed de tradysjonele earste ledenwedstriid fan it seizoen: de Keningsdeipartij. Mei yn totaal 46 keats(t)ers op de list; 40 manlju en (mar…) 6 froulju waard de earste bal tsjin healwei 11-en slein. It is altyd wer efkes bikkeljen foar it stramme liif en de spieren nei de wintersliep. …
mrt
Ynkoarten giet ús jierlikse Molkwarder koeke-aksje wer los!
mrt
Juster hiene we ús jierlikse ledegearkomste. Hjirûnder inkele foto’s en in lyts ferslach. Marten ferlit it haadbestjoer as foarsitter fan de technyske kommisje, hy wurdt opfolge troch Bauke Dijkstra. Marije ferlit de technyske kommisje, Marten hie in moai ôfskiedspraatsje foar har en fansels de wolfertsjinne blommen. Nij …
feb
Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen. De gearkomste sil plakfine op woansdei 7 maart 2018 om 20.00 oere yn “De Skoalleseize”. Wurklist: 1. Iepening 2. Meidielings en ynkommen stikken 3. Oantekens fan de foarjiersgearkomste op 8 maart 2017 4. Finansjeel ferslach: …
jan
Sparje munten foar Keatsferiening Easterein mei de Poiesz Jeugd Sponsor-aksje!
jan
Op it NK Wallball yn Frjentsjer, 21 jannewaris, is Corrie Kroondijk Nederlânsk Kampioen wurden mei Fiera de Vries yn de kategory -17. Fan herte lokwinske!