Keatskes 17-09-2017

De lêste keatskes fan dit seizoen… It keatsseizoen is wer omflein! No is it tiid foar oare sporten as efkes neat dwaan;-).   Dit wykein gjin prizen mear foar de Eastereiner leden op de Oldehove partij yn Ljouwert. Ek gjin prizen op de Kippetjespartij, dizze gie net troch yn ferbân mei it wiete waar.   Fansels noch …

Keatskes 04-09-2017

It keatsseizoen rint op syn ein, noch in pear wykeinen en dan kin de keatswant foarearst efkes opburgen wurde. Mei name de 50 plussers lykje noch tige fit te wêzen oan it oantal prizen te sjen!   SNEIN 3 SEPTIMBER   Reduzum, froulju 1e klasse, f.f.   1e priis, A klasse: Roel Sijbesma   1e …

Ferslach nachtkeatsen 2 septimber

Wat in prachtich waar hiene we tidens ús jierlikse nachtkeatspartij; gjin wyn, droech en in prima temperatuer.  Troch in  protte (buurt)feestjes yn it doarp wie de opkomst net al te grut, mar dêr wie de wille net minder om; der waard fanatyk, gesellich en sportyf keatst.   Troch in lette oanmelding (Harm Dijkstra) moasten we …

Imke wint de PC!

Wat in super prestaasje hjoed fan Imke van der Leest mei har maten Sjanet Wijnia en Louise Krol: winst op de PC!   Op de skouders!   Fan herte lokwinske froulju!!   Moarn (24 augustus) wurde de froulju huldige yn it wenplak fan de keninginne. Allegear dus nei Wommels! Rûn  20.30 oere is der in …

Ferslach KNKB famkes

Nei alle reinbuien wie it waar hjoed geunstich yn Easterein mei de KNKB partij foar de famkes t.i.l. + herk.! Mei in hearlik sintsje en wyntsje en ien buike wie it prachtich keatswaar.   Mei in list fan 10 partoer koene we om 10 oere los. Troch in ôfmelding fan Lobke Vlasbloem moast de list hjir …

Keatskes 13-08-2017

Ofrûne wike koe elts neigenietsje fan de winst op de Ald Meiers partij! Mar ék wie it genietsjen fan it keatsen tidens de Freule en it feestje dêrnei.   Helaas koene ús jonges it, op de Freule, net rêde yn de 2e omloop tsjin ien fan de favoriete partoeren Eksmoarra (5-0/6-2). Yn de 1e omloop …