Fjildtrainingen 2024

Fanôf 7 maaie begjinne de fjildtrainingen. De kabouters, welpen, jonges en famkes bliuwe dit jier yn Easterein. De pupillen en skoaljeugd kinne dit jier meitraine en kompetysjewedstriden keatse yn Wommels. Hjirûnder in oersjoch fan de data en trainingstiiden per kategory:
Kategory Dei en tiid Plak
Kabouters Bertejier: 2015/2016/2017/2018 Woansdei 17.00 -18.00 oere Easterein
Welpen Bertejier: 2013/2014 Woansdei 17.00 -18.00 oere Easterein
Pupillen Bertejier 2011/2012 Tiisdei 17.45 – 18.45 oere Wommels
Skoaljeugd Bertejier 2009/2010 Tiisdei 17.45 – 18.45 oere Wommels
Jonges/Famkes Bertejier 2006/2007/2008 Tiisdei 19.30 – 20.30 oere Easterein
De trainingen fine plak fan 7 maaie oant en mei 17 july.
Jou dy op fia de link!
Hast noch fragen? Dan kinst kontakt opnimme mei Martina Kooistra fia: training@kfeasterein.nl
Hiel graach oan’t sjen op de keatsfjilden!