Federaasje party 01-07-2022

Wat in regio middei!  Foarhinne federaasjemiddei

Freed 1 july wie KF Easterein oan beurt: de federaasje partij foar de jeugd stie op it programma! Dit frege foarôf noch in hiele organisaasje, want alle welpen oant en mei de junioaren mochten harren opjaan. Úteins ha 115 bern dit dien en dêrmei wienen alle fjilden drok beset. Sân fjilden wêrtroch der noch 13 ekstra tillegrafen, 20 proppen en 10 pear keatsblokjes boppe ús eigen materiaal liend wurde moast. It is dúdlik, folop keatsen yn Easterein: sa sjogge we it graach!

 

Welpen famkes:

Mei in moaie list fan10 partoer koenen we om 16.15 oere los. Mei sinne en in lekkere wyn waard der omraak keatst. Troch 1 ôfmelding hat Sven Sijbesma (Eastereiner kabouter) dat gatsje mei verve opfolle.

1e

Fenne Sijbesma                              Easterein

Wietske Poelsma                            Reahûs

2e

Famke Rijpma                               Boazum

Marin Grondsma                            Hommerts

1e herkansing

Liv Koops                                        Makkum

Emma Hornstra                               Balk

2e herkansing                                  

Froukje Patricia Blanke                 Boalsert

Berber Sijbesma                             Easterein

Op de foto ûntbrekt Froukje Patricia Blanke

 

Welpen jonges

By de welpen jonges wie de striid betiden grut. De jonges kinne al in moai baltsje slaan en foaral de opslach is hiel belangryk.

Mei in moaie list fan 9 pertoer gong it der betiden omwei. Sa foel…

1e

Jurjen Visser                                     Makkum

Arjen van der Meer                           Mantgum

2de

Thymen van der Meer                  Scharnegoutum

Melle Terpstra                               Wommels

3de

Brent van der Wal                          Raard

Atze Smid                                      Jorwert

 

1e herkansing

Age Oane de Vries                          Tirns

Edsert Bouma                                  Scharnegoutum

2de verliezers

Dirk Regeling                                   Winsum

Johan de Jong                                 Lytsewierrum

 

 

 

Pupillen jonges

Hjir waard mar omraak keatst. De ferskillen ûnderling wienen al wat grut somtiden mar de jonges ha der in sportive dei fan makke al wie der sa no en dan al wat striid mar elts wol winne fansels.

1e

Tseard Witteveen                           Reahus

Schelte Boonstra                            Spannum

2de

Jurre Duinzendstra                         Reard

Melle van der Werf                        Scharnegoutum

 

1e herkansing

Piet de Jong                                     Lytsewierum

Steyn Wijbenga                              Bolsward

2de herkansing

Jetse Visser                                       Makkum

Evan de Jong                                   Wommels

 

Pupillen famkes

By de pupillen jonges wienen de partijen foaral iensiedich, mar by de pupillen famkes wie dit oars. Ilse Lanting en Ilse Amels keatsten op en út hiel stabyl. Sy wûnen dêrmei dan ek de krâns. Ferrassender wie de twadde priis foar Lyset Westra en ús Sanne Frouk Dijkstra. Se stienen 5-1 efter, mar troch it sterke keatsen en trochsetten koenen se toch winne mei 5-5 6-2!

1e

Ilse Amels                                         Makkum

Ilse Lanting                                       Scharnegoutum

2de

Lyset Westra                                    Bolsward

Sanne Frouk Dijkstra                     Easterein

 

 

Skoalfamkes

By de skoaljeugd wienen der mear spannende partijen. Sa seagen de skoalfammen yn de finale faak 6-6 ûnderoan de tillegraaf hingjen. Fierder foel de goeie positive sfear op yn it fjild, mar ek dat se sa earlik as goud spylden.

 

1e

Brecht Stegenga                             Easterein

Sibrig Tigchelaar                             Wijnaldum

2de

Brecht Grovenstein                        Winsum

Minke Lys Leenstra                        Gau

3de

Marit van der Meer                       Scharnegoutum

Jildou Twijnstra                               Gau

 

1e herkansing

Minke Tjalsma                                Bolsward

Stientje Geertsma                          Mantgum

Skoaljonges

1e

Jelmar de Vries                               Winsum

Ate Baarda                                       Britswerd

2de

Sander Velzen                                 Easterein

Hessel Abels                                     Itens

Jonges, fammen en junioaren

De jonges, fammen en junioaren keatsten yn ien fjild. Ek sy fanatyk, mar sichtber mei wille en sportyf. Wêr it fammenpartoer fan Inez de Jong en Inez Bosch yn de earste omloop noch efter stûnen, wisten se dy partij dochs te winnen mei 5-5 6-6. Oan it ein fan de dei krigen se sels de krânsen om de nekke!

 

Famkes:

1e

Inez de Jong                                     Lytswierrum

Inez Bosch                                        Arum

 

2de

Liset Sijbesma                                 Easterein

Martsen van der Goot                     Goënga

 

 

Jonges

1e

Matthys Renema                            Heeg

Hessel Jonker                                 Mantgum

 

Junioaren

1e

Matthijs Beuckens                         Nijland

Eeltsje Bootsma                             Wommels

 

 

famkes                                                                  junioren en jonges