Keatskamp Easterein

FB-side keatskampfacebook-like-logo

 

 

Wêr is dat feestje?!  

Keatskamp Easterein is dit jier alwer foar de 5e kear (!) en dat is fansels FEEST! En lit ‘feest’ no krekt ek it tema wêze fan dit jier. Fan 30 april oant 2 maaie sille we mei de kabouters oant en mei de skoaljeugd in feestje bouwe yn de Skoalleseize. Dizze dagen sille we in soad traine, gesellich mei syn allen ite en drinke, en fansels de nedige spultsjes dwaan. Fanôf de kategory welpen meie se 2 nachten sliepe.

De opjefte sil dit jier foar it earst fia ús webside gean (klik hjir foar it opjefteformulier). By de stunt op skoalle sil it papier fan de útnoeging hjir ek noch nei ferwize. 

Mei alle tariedings binne we dus alwer folop dwaande en wy krije der wer wakker sin oan. Jim heare gau wer fan ús!

Groeten fan de keatskampkommisje,

Marco, Marije, Sieta en Imke


ARGYF KEATSKAMP EASTEREIN

  Facebookside Keatskamp Easterein  
 Keatskamp 2016 Keatskamp 2015 Keatskamp 2014