Keatskes: 01-09-2013

It keatsseizoen rint op it ein ta. Snein yn Easterein de lêste KNKB partij en takom wike freed 6 septimber de slotdei foar de jongerein en op snein 8 septimber komme de stipers yn aksje op de Stiperdei. En foar de jongerein wienen der allegear KNKB-slotwedstriden.

 

 


Snein 1 septimber

 

KNKB

 

Penjum – Manlju haadklasse frije formaasje

20130901 HH Penjum

Jelte Pieter Dijkstra en syn maten Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de JOng hellen de finale yn Penjum. De 1e omloop winne se fan Site Ferwerda, Siebe Greidanus en Jouke Bosje. Yn de twadde omloop wurdt wûn fan Jan Dirk de Groot, Marten Feenstra en Pier Piersma. De heale finale tsjin Pieter Bakker, Piert Jan Plat en Patrick Scheepstra wurdt ek wûn, mar yn de finale wurdt dan ferlern van Gert Anne vd Bos, Teake Triemstra en Daniel Iseger.

 

 

Reahus-Turns – Froulju haadklasse frije formaasje

Yn Reahûs-Turns wie de lêste frije formaasjewedstriid foar de froulju. Yn in wedstriid mei ûnbeperkte dielname stienen 18 partoeren op de list. Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Geke de Boer helje de 2e omloop mar ferlieze dan fan Iis vd Veen c.s. Tineke Dijkstra, Judy Bergsma en Melissa Hiemstra keatse tige spannend tsjin Nynke Sybrandy c.s. mar ferlieze op 5-5:6-6.

Sietske Okkema, Jelien Pompstra en Anke Winkel ferlieze ek de 1e omloop fan Rianne Vellinga c.s. Martine Tiemersma, Ilse Noorman en Margriet Bakker winne fan Lysbet Bakker c,s,, mar ferlieze de 2e omloop fan Joukje Kuperus c.s. En ek op de list Gerry Edou Mollema, Marijke de Boer en Sigrid de Jong. Hja ferlieze fan Nelie Steenstra c.s.

 

De frouljuspartoeren foar takom seizoen binne aardich feroare!

Foar in oersjoch fan de partoeren fan 2014 (sa it no is…): Kaatsnieuws.com

 

 

Easterein – Manlju 50+

20130901 Easterein KNKB50

Op de manlju 50+ wedstriid yn Easterein stienen 14 partoeren op de list. De Eastereinder dielnimmers kamen net yn de prizen.

FOar útslach en foto’s sjoch by: 01-09-2013 – KNKB Manlju 50+