Keatskes: 11-05-2014

In keatswike einliks, want woansdei wie de Kniploaltsjepartij, freed wie der in Federaasjepartij yn Itens en KNKB Haadklasse froulju yn Stiens. En yn it wykein fansels ek in soad wedstriden, Dy wedstriden gienen net allegear troch, want it wie somtiden seker gjin keatswaar! 

 


Woansdei 7-5-2014

Easterein – Kniploakeltsjepartij 

Oan dizze earste jeugdpartij dienen mar leafst  56 bern mei fan kabouters oante mei skoalbern.

Sjoch by 07-05-2014 – Kniplokaeltsjepartij

 

 


Freed 9-5-2014

Stiens – KNKB Haadklasse froulju t.i.l.

20140509 Stiens-haadklasefroulju

Yn Stiens wie de krânse foar Marije Hiemstra mei Sjoukje Visser en Wiljho Sybrandy. Hja wûnen it yn de finale fan Sanne Velsma, Leonie van der Graaf en Miranda Scheffer mei 5-4 en 6-0. Tineke Dijkstra keatste mei Marike Beckers en Feikje Bouwhuis om de 3e priis tsjin Rianne Vellinga, Maaike Osinga en Renske Terwisscha van Scheltingamar ferlearen mei 5-2:6-2.

 

 

Itens – Federaasje jongerein

20140509 FederaasjeItens 

Kees ter Horst wint de krânse yn Itens. Hy wûn de finale fan Julia Paauw dy’t dus de 2e priis hie

1e Kees van der Horst, Redmar Huiteman en Matthijs Beuckens
2e Jeroen de Boer, Jelger de Boer, Julia Paauw

By de jonges/famkes wie der in 2e priis foar Remon Tie Bouma.

1e Jouke Dotinga, Menno Sweering en Timen van Gelderen

2e Remon Tie Bouma, Solomon de Hoop en Zoe de Jong

 

 

 


Sneon 10-5-2014

Hilversum – Manlju 50+ t.i.l.

20140510 Hilversum50

Yn Hilversum wint Sipke Hiemstra in 3e priis mei Eddy Sjollema, Harns en Anne Siderius fan Boazum. It wie de resi seker wurdich,want se hienen moaie klokjes as prizen yn Hilversum

 

Broeksterwâld – Froulju 1e klas t.i.l.

20140510 Broeksterwald Froulju1eklas

Martine Tiemersma wint de krânse mei Anna-Brecht Bruinsma en Anouk Tolsma. De finale wurdt wûn fan Nynke Kooistra, Esther Wagenaar en Harmke Siegersma mei 5-0:6-4. Marit Kuperus wint har 1e priis as Eastereinse. IN 3e priis mei Louise Krol en Bianca van der Veen

 

Itens – Federaasje jongerein

By de welpen dienen Judith v.d Weerdt, Siebo Boersma, Jelmer Brouwer, Arjen Stremler, Rutger Sybesma en Redmer Stegenga mei. Yn it wiete, kâlde en drekkerige Itens. Redmer Stegenga wint de krans en Arjen Stremler earste priis yn de ferliezersronde.

1e Folkert Wierda en Redmer Stegenga

2e Johan Cnossen en Afke Marij van der Goot

3e Iris Oosterbaan en Frieda Hofman


Verl. ronde :

1e Oane Bootsma en Arjen Stremler

2e Ate Schaap en Manon Verzet

 

Pupillen

1e Kristia Dotinga en Herre Cnossen

2e Wilco Lobregt en Hieke Bootsma

3e Aizo Veltman en Bauke Reijnhoudt

 

 


Snein 11-5-2014

Stiens – Manlju haadklasse

Jelte Pieter Dijkstra wint mei Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong. De 1e omloop wurdt mei 5-1 wûn fan Pieter van Althuis, Jacob Klaas Haitsma en Patrick Scheepstra. Yn de heale finale wurdt ferlern fan Johan vd Meulen,  Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma

 

Grou – Manlju senioaren ôfdieling

Foar Easterein stienen Dirk Yde Sjaarda, Marten Faber en Bauke Dijkstra op de list. Se winne de 1e omloop fan Deinum, ha dan in steand nûmer en komme op de tredde list tsjin Goutum. Hjir wurdt fan ferlern en Goutum wint de wedstriid ek.

 

Kimswert – Froulju haadklasse f.f.

20140511 Kimswert Haadklassefroulju

Imke vd Leest komt mei har nije partoer yn de finale. Mei Nicole Hempenius en Harmke Siegersma wurdt earst wûn fan Rianne Vellinga, MArike BEckers en Miranda Scheffer. Dan moatte se tsjin Martine Tiemersma dy’t  keatst mei Nieke Wateler en Geke de Boer en dy’t knap wûn hienen fan Marije Hiemstra, Maaike Osinga en Feikje Bouwhuis.

Foar Imke endy giet de finale tsjin Iris vd Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra ferlern

 

 

Menaam – Froulju 1e klasse

20140511 Menaam Froulju1eklasse1

Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra winne de 1e priis yn de ferliezersronde mei 5-1:6-6 fan Elly Hofman, Pytrik Visser en Liljan Kingma. De heale finale waard wûn mei 5-0:6-2 fan Joukje Salverda, Hermine Sytema en Akkelyna de Haan. De 1e omloop hienen Sietske endy ferlern fan de lettere krânsewinners Evelien Westra c.x. mei 5-2:6-6.

 

Tineke Dijkstra, Marit Kuperus en Melissa Rianne Hiemstra ferlearen de 1e omloop mei 5–1:6-2 fan Marije vd Meer, Klasine Huistra en Anke Marije Pompstra. Yn de ferliezersronde waard ferlern fan Elly Hofman c.s mei 5-2:6-6.

 

Hjelbeam – Pupillenfamkes A+B

20140511 Herbayum FamkespupillenA

Yn de A-klasse stienen beide sukses Kroondijk op de list. Corrie wûn de 1e priis en de krânse mei Anouk Smink fan Makkum. De partij tsjin it partoer dat ek twa kear wûn hie, waard wûn mei 5-2 6-6.