Keatskes: 14-07-2013

Freed begûnen de Bolswarder keatsdagen en wol mei de haadklasse froulju en sneins de haadklasse manlju. By jubilaris Minnertsgea (100 jier!) wie it Nederlâns Kampioenskip foar junioaren en Easterein die mei en knap ek. Ek op sneon de Okkema-partij yn Easterein.

Freed 12 july

 

KNKB

 

Boalsert – Haadklasse froulju t.i.l.

Fan Easterein stienen der 4 froulju op de list en foar Jelien Pompstra wie it de earste kear op útnoeging, har debút dus. Se ferlear de 1e omloop mei 5-5:6-6 mei har maten Nicole Hempenius en Feikje Bouwhuis. Sietske Okkema en Imke vd Leest mei Bianca vd Veen ferlearen ek de 1e omloop, 3-5:6-6.

20130712 Boalsert HKD tilMarije 

Marije Hiemstra wûn mei Leonie vd Graaf en Geke de Boer de krânsen yn Boalset. Yn de finale waard wûn fan Joukje Kuperus, Sjoukje Visser en Harmke Siegersma, 5-3:6-6.

 

Sjoch ek de foto’s fan Henk Bootsma Fotografie

 

 

 


 

Sneon 13 july

 

KNKB

 

Minnertsgea – Nederlânske kampioenskip junioaren

Sjoch ek it nijsberjocht KNKB: NK Junioaren

 

En op de KNKB-site by Nederlands Kampioenschap Junioren

 

Sjoch ek de foto’s fan Henk Bootsma Fotografie

 

 

Mantum – Froulju 1e klasse t.i.l.

20130713 Mantgum1eklasse

Tineke Dijkstra wint mei Judy Bergsma en Melissa Rianne Hiemstra de krânsen yn Mantgum. Yn de finale wurdt wûn mei 5-4:6-4 fan Rianne Vellinga Frjentsjer, Riska Bouma Bûtenpost en Marije van der Meer Grins.

 


 

FEDERAASJE

 

Easterein – 35ste Okkemapartij

 

Sjoch foar ferslach en foto by 13-07-2013 – Okkemapartij

 

 


Snein 14 july

 

 

KNKB

 

 

Dronryp – Manlju 50+ A+B

Roel Sijbesma wint mei Wieger Boonstra, Heerenveen en Piet Bierma, Dronten in 3e priis by de manlju 50+ yn Dronryp yn de B-klasse (14 partoer).

 

 

Lekkum – Froulju 1e klasse frije formaasje

Tineke Dijkstra wint mei Judy Bergsma en Idske Zijlstra de 2e priis yn Lekkum. Der is in 3e priis foar Martine Tiemersma mei Ilse Noorman en Margriet Bakker.